Breesândyk
Breesândyk (Nederlânsk: Breezanddijk) is in hiel lyts doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, op de helte fan de Ofslútdyk. Oant 2011 lei Breesândyk yn de eardere gemeente Wûnseradiel. It doarp hat al in tal fan jierren 4 ynwenners ( 2005 ). Op it lân soe in wenplak mei dat tal fan ynwenners gjin doarp wêze, mar troch de bysûndere lizzing wurdt Breesândyk troch de gemeente al as doarp beskôge.
Breesândyk leit op it eardere wurkeilân Breesân dat yn de Sudersee oanlein waard foar de oanlis fan de Ofslútdyk. Yn 2007 binne der plannen makke foar in gebou op Breesândyk mei in hotel, restaurant, kongresromte en ynformaasjesintrum.
It doarp hat mar fjouwer ynwenners en ien adres: Ofslútdyk 1, in benzinestasjon. Dêrmei is it nei Koudekerke en Helwerd it lytste plak yn Nederlân. It is wol it lytste plak mei in aparte postkoade en ynwenners. Dochs hat de snelwei by Breesândyk in fiadukt en in op- en ôfrit, sadat passanten fan beide rydbanen it benzinestasjon berikke kinne en eventueel keare kinne.
It adres fan Breesândyk hat in unike postoade: it is it ienige adres mei postkoade 8766 en nei 8766 kinne allinnich noch de letters TS komme.