Springe nei ynhâld

Poggle de Mindere

Ut Wikipedy
De ferzje fan 28 jun 2022 om 22.20 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Poggle de Mindere
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Geonosiaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt aartshartoch
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
greve Dooku
Darth Sidious
Nute Gunray
Anakin Skywalker
Obi-Wan Kenobi
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Poggle de Mindere (Ingelsk: Poggle the Lesser; útspr.: [ˈpɔɡəl], likernôch: "pok-gul") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de aartshartoch fan Geonosis en ien fan 'e lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Poggle waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't er ien fan 'e mindere antagonisten wie. It personaazje waard folslein makke troch it gebrûk fan fisuele effekten, wylst syn dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Marton Csokas.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poggle wurdt berne op 'e planeet Geonosis as lid fan 'e wurkerkaste fan 'e Geonosianen, mar mei help fan 'e manipulative Sith-master Darth Sidious klimt er op ta de posysje fan aartshartoch. Dêrmei is er de nominale hearsker oer Geonosis, hoewol't er yn it geheim ferantwurding skuldich is oan 'e Geonosiaanske keninginne Karina de Grutte. Poggle kriget troch syn hege amt tafersjoch en sizzenskip oer de grutte robotproduksjefabriken op Geonosis, wat him tige brûksum makket foar Darth Sidious.

Yn Attack of the Clones

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, is Poggle de Mindere mei de foaroanlju fan û.o. it Keapmansgilde, de Techno Uny, de Hannelsfederaasje en de Yntergalaktyske Bankêre Groep ien fan 'e oprjochters fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, in steatsferbân dat him losmeitsje wol fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby wurket er nau gear mei greve Dooku, de learling fan Sidious.

As op Geonosis earst de Jedi-master Obi-Wan Kenobi en letter ek dy syn padawan Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala fan Naboo finzen nommen wurde, feroardielet Dooku it trijetal, mei ynstimming fan Poggle de Mindere, ta de deastraf yn it gefjocht mei wylde bisten yn 'e arena, foar it each fan tsientûzenen Geonosianen. De trije finzenen wurkje sels lykwols net bot mei en wurde úteinlik rêden troch de tuskenkomst fan Yoda, Mace Windu, in kloft oare Jedi-masters en in bataljon kloansoldaten.

It dêropfolgjende treffen, de Earste Slach om Geonosis, is de earste slach fan 'e Kloane-oarloggen. De androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels liede in slimmen nederlaach en Geonosis wurdt ferovere troch de Galaktyske Republyk. Wylst de oare separatistyske lieders de wyk nimme en fan 'e planeet útnaaie, lûkt Poggle de Mindere him mei syn folk werom yn 'e ûndergrûnske wenten fan 'e Geonosianen. Hy draacht de blaudrukken foar de bou fan in nij superwapen oer oan Dooku, dy't se op Coruscant by Darth Sidious bringt.

Yn The Clone Wars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars op Star Wars: Episode II – Attack of the Clones folget, hat Poggle de Mindere in weromkearende byrol. Under de oarloch weroveret de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels Geonosis, wêrnei't Poggle belutsen is by de weropbou fan 'e âlde oarlochsrobotfabriken. By in nije ynvaazje fan Geonosis troch troepen fan 'e Galaktyske Republyk fiert Poggle persoanlik sawol de oarlochsandroïden as de Geonosianen oan. Hy wurdt lykwols kriichsfinzen nommen, en syn keninginne Karina de Grutte wurdt deade.

Poggle wurdt neitiid finzen set op Coruscant, dêr't er geregeldwei ûnderfrege wurdt troch aginten fan 'e feilichheidstsjinst fan 'e Galaktyske Republyk. Ien fan 'e ûnderwerpen is it bestean fan plannen foar de bou fan in superwapen, dêr't Poggle yn 't earstoan neat oer seit te witten. Meitiid jout er lykwols ta, en ûnthjit er syn help foar de bou fan sa'n superwapen troch de Republyk. Hy mei dan weromkeare nei Geonosis om tafersjoch op it projekt te hâlden. Ienris dêre organisearret er lykwols in opstân ûnder de Geonosianen om syn eigen flecht mooglik te meitsjen nei gebiet dat yn 'e hannen is fan 'e separatisten.

Yn Revenge of the Sith

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn ûntsnapping jout Poggle him wer by de liederskip fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Tsjin dy tiid rinne de Kloane-oarloggen lykwols op har ein, mei't de Republyk hieltyd mear terrein wint. Yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) jout de separatistyske opperbefelhawwer, generaal Grievous, opdracht om 'e politike lieders foar har eigen feilichheid te evakuëarjen fan 'e planeet Utapau nei de planeet Mustafar.

Nei't kânselier Palpatine syn momkape ôfsmyt en himsels bekend makket as Darth Sidious, de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk oprjochtet mei himsels as keizer, kin er de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels net mear brûke, al is er sels ferantwurdlik foar de oprjochting fan dat steatsferbân. Nei't er op Coruscant de macht stevich yn 'e hannen hat en Oarder 66 útgean litten hat, dy't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk befel jout om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen, stjoert er syn nije learling Anakin Skywalker, dy't no Darth Vader hjit, nei Mustafar ta. Vader slachtet dêr alle separatistyske lieders op ûnmeilydsume wize mei de ljochtsabel ôf. Sa komt ek Poggle de Mindere oan syn ein.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono