Poggle de Mindere
Poggle de Mindere personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Geonosiaan | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | aartshartoch | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
greve Dooku Darth Sidious Nute Gunray Anakin Skywalker Obi-Wan Kenobi | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Poggle de Mindere (Ingelsk: Poggle the Lesser; útspr.: [ˈpɔɡəl], likernôch: "pok-gul") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is de aartshartoch fan Geonosis en ien fan 'e lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Poggle waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't er ien fan 'e mindere antagonisten wie. It personaazje waard folslein makke troch it gebrûk fan fisuele effekten, wylst syn dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Marton Csokas.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opkomst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poggle wurdt berne op 'e planeet Geonosis as lid fan 'e wurkerkaste fan 'e Geonosianen, mar mei help fan 'e manipulative Sith-master Darth Sidious klimt er op ta de posysje fan aartshartoch. Dêrmei is er de nominale hearsker oer Geonosis, hoewol't er yn it geheim ferantwurding skuldich is oan 'e Geonosiaanske keninginne Karina de Grutte. Poggle kriget troch syn hege amt tafersjoch en sizzenskip oer de grutte robotproduksjefabriken op Geonosis, wat him tige brûksum makket foar Darth Sidious.
Yn Attack of the Clones
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, is Poggle de Mindere mei de foaroanlju fan û.o. it Keapmansgilde, de Techno Uny, de Hannelsfederaasje en de Yntergalaktyske Bankêre Groep ien fan 'e oprjochters fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, in steatsferbân dat him losmeitsje wol fan 'e Galaktyske Republyk. Dêrby wurket er nau gear mei greve Dooku, de learling fan Sidious.
As op Geonosis earst de Jedi-master Obi-Wan Kenobi en letter ek dy syn padawan Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala fan Naboo finzen nommen wurde, feroardielet Dooku it trijetal, mei ynstimming fan Poggle de Mindere, ta de deastraf yn it gefjocht mei wylde bisten yn 'e arena, foar it each fan tsientûzenen Geonosianen. De trije finzenen wurkje sels lykwols net bot mei en wurde úteinlik rêden troch de tuskenkomst fan Yoda, Mace Windu, in kloft oare Jedi-masters en in bataljon kloansoldaten.
It dêropfolgjende treffen, de Earste Slach om Geonosis, is de earste slach fan 'e Kloane-oarloggen. De androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels liede in slimmen nederlaach en Geonosis wurdt ferovere troch de Galaktyske Republyk. Wylst de oare separatistyske lieders de wyk nimme en fan 'e planeet útnaaie, lûkt Poggle de Mindere him mei syn folk werom yn 'e ûndergrûnske wenten fan 'e Geonosianen. Hy draacht de blaudrukken foar de bou fan in nij superwapen oer oan Dooku, dy't se op Coruscant by Darth Sidious bringt.
Yn The Clone Wars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars op Star Wars: Episode II – Attack of the Clones folget, hat Poggle de Mindere in weromkearende byrol. Under de oarloch weroveret de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels Geonosis, wêrnei't Poggle belutsen is by de weropbou fan 'e âlde oarlochsrobotfabriken. By in nije ynvaazje fan Geonosis troch troepen fan 'e Galaktyske Republyk fiert Poggle persoanlik sawol de oarlochsandroïden as de Geonosianen oan. Hy wurdt lykwols kriichsfinzen nommen, en syn keninginne Karina de Grutte wurdt deade.
Poggle wurdt neitiid finzen set op Coruscant, dêr't er geregeldwei ûnderfrege wurdt troch aginten fan 'e feilichheidstsjinst fan 'e Galaktyske Republyk. Ien fan 'e ûnderwerpen is it bestean fan plannen foar de bou fan in superwapen, dêr't Poggle yn 't earstoan neat oer seit te witten. Meitiid jout er lykwols ta, en ûnthjit er syn help foar de bou fan sa'n superwapen troch de Republyk. Hy mei dan weromkeare nei Geonosis om tafersjoch op it projekt te hâlden. Ienris dêre organisearret er lykwols in opstân ûnder de Geonosianen om syn eigen flecht mooglik te meitsjen nei gebiet dat yn 'e hannen is fan 'e separatisten.
Yn Revenge of the Sith
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn ûntsnapping jout Poggle him wer by de liederskip fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Tsjin dy tiid rinne de Kloane-oarloggen lykwols op har ein, mei't de Republyk hieltyd mear terrein wint. Yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) jout de separatistyske opperbefelhawwer, generaal Grievous, opdracht om 'e politike lieders foar har eigen feilichheid te evakuëarjen fan 'e planeet Utapau nei de planeet Mustafar.
Nei't kânselier Palpatine syn momkape ôfsmyt en himsels bekend makket as Darth Sidious, de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk oprjochtet mei himsels as keizer, kin er de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels net mear brûke, al is er sels ferantwurdlik foar de oprjochting fan dat steatsferbân. Nei't er op Coruscant de macht stevich yn 'e hannen hat en Oarder 66 útgean litten hat, dy't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk befel jout om harren Jedi-ofsieren te fermoardzjen, stjoert er syn nije learling Anakin Skywalker, dy't no Darth Vader hjit, nei Mustafar ta. Vader slachtet dêr alle separatistyske lieders op ûnmeilydsume wize mei de ljochtsabel ôf. Sa komt ek Poggle de Mindere oan syn ein.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |