Springe nei ynhâld

Baze Malbus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 aug 2022 om 00.26 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (lidwurd fergetten)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Baze Malbus
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Jedhaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Beskermer fan 'e Whills,
hierling
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Chirrut Îmwe
Jyn Erso
Cassian Andor
Bodhi Rook
K-2SO
geastlike heit Chris Weitz
ûntstean 2016

Baze Malbus (Ingelske útspr.: [ˈbeːz ˈmælbʌs], likernôch: "beez mel-bus") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2016 yntrodusearre yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story. De geastlike heit fan it personaazje wie Chris Weitz, de senarioskriuwer fan dy film. Baze Malbus is in hierling en in eardere Beskermer fan 'e Whills, in lid fan in oarder fan monastyske krigers. Hy beselskippet Jyn Erso en Cassian Andor op in wanhopige misje om út it Keizerlik Argyf op 'e planeet Scarif de blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. De rol fan Baze waard spile troch de Sineeske akteur Jiang Wen.

It personaazje fan Baze Malbus waard yn Rogue One: A Star Wars Story spile troch de Sineeske akteur Jiang Wen. Dyselde twifele earst oft er de rol oannimme soe, doe't dy him oanbean waard, mei't er fûn dat syn behearsking fan it Ingelsk dêr te min foar wie. Hy hie al muoite mei it lêzen fan it senario, mar syn âldste soan koe floeiend Ingelsk, alteast op passive wize (ferstean, lêzen), dat dy koe it senario foar him oersette. Op oantrúnjen fan syn bern, dy't harren heit mei gragens yn in Star Wars-film sjen woene, besleat Jiang lang om let de rol oan te nimmen.

Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016) wurdt Baze Malbus yntrodusearre as de haadpersoanen, de krimineel Jyn Erso en de rebel Cassian Andor, op 'e moanne Jedha de Hillige Stêd oandogge op 'e siik nei in mooglikheid om yn kontakt te kommen mei Saw Gerrera, de lieder fan in ekstremistyske fersetsgroep en Jyn har pleechheit. It Rebelleferbûn hat nammentlik heard dat Bodhi Rook, in desertearre frachtpiloat fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk, Gerrera ynformaasje brocht hat oer in nij Keizerlik massaferneatigingswapen, de Deadsstjer.

Yn 'e Hillige Stêd reitsje Jyn en Cassian ûnbedoeld behelle yn in oanfal fan Gerrera syn partisanen op in Keizerlik konfoai. Dat kostet harren op in hier nei it libben, mar se wurde rêden troch de bline Chirrut Îmwe, ien fan 'e Beskermers fan 'e Whills, in oarder fan monastyske krigers. Dyselde wurdt holpen troch syn freon, Baze Malbus, dy't in hierling is. Chirrut fertelt letter dat Baze earder ek in Beskermer fan 'e Whills wie. Troch de ûnderdrukking troch de Keizerlike autoriteiten hat er lykwols syn spiritualiteit ferlern en dêrmei ek syn fertrouwen yn de Krêft. Om't Cassian en Jyn de oanfal fan 'e partisanen yn it hûndert jage hawwe soene, wurde se mei Chirrut en Baze finzen nommen troch de partisanen, dy't harren meinimme nei harren basis yn in grot in ein bûten de Hillige Stêd. Dêr wurde Cassian, Chirrut en Baze opsletten yn in sel njonken dy fan Bodhi Rook, wylst Jyn by Gerrera brocht wurdt.

Underwilens jout grut-moff Wilhuff Tarkin, dy't troch keizer Palpatine stjoerd is om tafersjoch te hâlden oer de frijwol foltôge Deadsstjer, oan Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, opdracht om by wize fan test de Hillige Stêd op Jedha te ferwoastgjen. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en ferdylgje alle libben. De partisanen fan Gerrera reitsje alhiel yn ûnstjoer, en yn alle trelit witte Baze en de oaren harrensels te befrijen. Mei Jyn witte se krekt op 'e tiid fan Jedha te ûntkommen trochdat se oppikt wurde troch K-2SO, in gefjochtsandroïde fan 'e Keizerlike Striidkrêften dy't troch de rebellen werprogrammearre is.

De oandiene Jyn fertelt letter oan har selskipslju dat Gerrera har in holografysk boadskip fan har heit sjen litten hat, dat Bodhi him brocht hie. Dêryn fertelde Galen Erso, in briljante wittenskipper dy't ûnder twang meiwurket oan it Keizerlik wapenprogramma, dat er syn posysje brûkt hat om mei opsetsin in swak plak yn 'e Deadsstjer yn te bouwen. Oan Jyn joech er opdracht om 'e blaudrukken fan 'e Deadsstjer út it Keizerlik argyfkompeks op 'e planeet Scarif te heljen en dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Seisresom reizgje Baze en syn selskipslju nei de planeet Eadu, dêr't Cassian en Jyn fan doel binne om Galen te befrijen. Of dat sizze se teminsten, mar it docht al rillegau bliken dat Cassian eins fan syn superieuren befel krigen hat om Galen te likwidearjen. Op it lêste momint betinkt er him en docht er dat net, mar Galen komt likegoed om by in bombardemint troch de rebellen.

Neitiid reizgje Baze en Chirrut, dy't nei de ferwoastging fan Jedha gjin thús mear hawwe, mei Cassian en Jyn nei de moanne Yavin-IV, dêr't it haadkertier fan it Rebelleferbûn fêstige is. Jyn besiket dêr om 'e nocht en helje de lieding fan it Rebelleferbûn oer om 'e rebellefloat yn te setten foar in wraam op Scarif, om sa de blaudrukken fan 'e Deadsstjer te bemachtigjen. Jyn is frustrearre troch de ûnwil fan 'e rebellen om ta te pakken, mar Cassian komt mei in stik as tweintich oare frijwilligers oan en stelt foar de misje nei Scarif sûnder goedkarring fan syn superieuren út te fieren. Baze, Chirrut en Bodhi slute har dêrby oan. De groep kaapt it Keizerlik frachtfear dat se earder op Eadu bútmakke hiene en set dêrmei ôf. Nei't se op it tropyske Scarif lâne binne, ynfiltrearje Jyn, Cassian en K-2SO it argyfkompleks. Baze, Chirrut en de rebellen fiere wilens in koördinearre oanfal út op it Keizerlik garnizoen, by wize fan ôfliedingsmaneuver. Dêrtroch wurde de stoarmtroepers dy't Jyn-en-dy it paad tichtsette, nei bûten ta stjoerd om 'e oanfal ôf te slaan.

Underwilens fangt it Rebelleferbûn op Yavin-IV kommunikaasje tusken Keizerlike troepen op dêr't yn sprutsen wurdt fan in rebelle-oanfal op Scarif. Dan wurdt dochs noch de rebellefloat stjoerd. Wannear't dy by Scarif oankomt, slute de Keizerlik autoriteiten de poarte yn it ûntrochkringbere enerzjyskyld dat se om 'e hiele planeet hinne makke hawwe. Dêrtroch wurdt ek radiokommunikaasje tusken de rebellen op it planeetoerflak en de rebellefloat yn 'e romte ûnmooglik makke. Om't Jyn en Cassian fan doel binne de blaudrukken oan 'e rebellefloat ta te stjoeren, jout Cassian fia K-2SO oan Bodhi opdracht om in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk fan Scarif oan te lizzen sadat se de rebellefloat meidiele kinne dat de poarte yn it enerzjyskyld tsjin eltse priis iepenbrutsen wurde moat.

Bodhi liedt mei gefaar foar eigen libben in keabel nei it frachtfear ta en bringt sa in fysike oansluting op it kommunikaasjenetwurk ta stân. It docht lykwols bliken dat de haadskeakelder op it lâningsplatfoarm noch omset wurde moat om 'e oansluting te iepenjen. Mei't se op dat stuit swier ûnder fjoer lizze fan Keizerlike stoarmtroepers, is it berikken fan 'e skeakelder ûnmooglik. Chirrut rint lykwols kalm tusken alle laserflitsen troch, berikt de haadskeakelder en set dy om, mar krekt op dat stuit wurdt in brânstofopslach rekke, wat in mânske ûntploffing feroarsaket. Dêrtroch wurdt Chirrut fier efteroer smiten. Baze draaft nei syn freon ta, mar de bline kriger is sa swier ferwûne rekke dat er inkele mominten letter yn Baze syn earms ferstjert. Underwilens bringt Bodhi it boadskip oer oan admiraal Raddus, de kommandant fan 'e rebellefloat, krekt foar't in stoarmtroeper in granaat yn it frachtfear smyt en it hiele romteskip de loft yn giet. Malbus is de iennichste oerlibbene op it lâningsplatfoarm; hy nimt foar de dea fan syn freonen wraak op gâns fijannen foar't er sels ek deade wurdt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono