Finis Valorum
Finis Valorum personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske (Coruscantysk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | politikus, kânselier | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Palpatine Mas Amedda Padmé Amidala | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Finis Valorum is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in politikus en komt foar yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) as de foarlêste kânselier fan 'e Galaktyske Republyk. De rol fan Valorum waard fertolke troch akteur Terence Stamp. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars hie it personaazje yn inkele ôfleverings in gastrol, wêrby't de dialooch ynsprutsen waard troch stimakteur Ian Ruskin.
Eftergrûn
Finis valorum is Latyn foar "de ein fan 'e [noarmen en] wearden". De namme stammet út ien fan 'e iere ferzjes fan it senario foar Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977), en waard eins betocht foar in oar personaazje, dat geandewei de ûntwikkeling fan it skript in twatal ynkarnaasjes hie. Earst gie it om in personaazje dat kombinearre wie mei Darth Vader en doe om 'e master fan Vader. Uteinlik waard it út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy weilitten.
Fiktive biografy
Ofkomst en opkomst
Finis Valorum wurdt berne op Coruscant, de planeet dy't it sintrum fan 'e Galaktyske Republyk is, as in telch út it foaroansteande Hûs Valorum, in politike dynasty. Hy is in ôfstammeling fan 'e alderearste kânselier fan 'e Republyk, dy't 25.000 jier lyn libbe. Syn hiele libben is foar him ien lange tarieding foar syn úteinlike doel, om sels kânselier te wurden en sa in famyljetradysje fuort te setten. Hy begjint syn wurkpaad as amtner yn 'e burokrasy fan 'e Republyk en klimt meitiid op ta in ynfloedryk lid fan 'e stêf fan kânselier Skor Kalpana. Nei't dyselde om syn foarderjende jierren ôftreden is, wurdt Valorum troch de Galaktyske Senaat ta syn opfolger keazen.
Al rillegau dêrnei ûntdekt Valorum dat syn politike macht beheind is troch de reuseftige, traach funksjonearjende burokrasy, wylst syn eigen reputaasje besmodzge rekket troch beskuldigings fan korrupsje. As syn termyn as kânselier einiget, wurdt er tsjin alle ferwachtings yn werkeazen foar in twadde termyn. Dat is it resultaat fan 'e ynfloed dy't beskate lobbygroepen yn syn foardiel útoefene hawwe, mei't se syn yneffisjinste en gaoatyske bewâld befoarderlik fine foar harren eigen klandestine aktiviteiten.
Yn dy snuorje docht senator Palpatine fan Naboo him foar as in bûnsgenoat fan Valorum, hoewol't er as syn eigen alter ego, de Sith-master Darth Sidious, eins dy syn delfal oan it beävensearjen is. Tanksij de geroften dy't Palpatine ferspriedt, wurdt Valorum op Coruscant ien fan 'e meast hate politisy út 'e skiednis fan 'e Republyk, wylst Palpatine syn eigen namme almar mear flústere wurdt as in mooglike opfolger. Valorum syn reputaasje rint fierdere skea op as it him net slagget om antwurden boppe wetter te heljen oer de terroristyske oanslach op 'e Eriadukonferinsje tusken de Republyk en de Hannelsfederaasje, wêrby't hast de hiele top fan 'e Hannelsfederaasje om hals brocht is. De reden foar Valorum syn falen yn dy kwestje is Wilhuff Tarkin, de planetêre gûverneur fan Eriadu, dy't yn opdracht fan Palpatine wegeret mei te wurkjen oan in ûndersyk.
Nabookrisis
Yn 32 f.Sl.Y. brekt der tusken de Republyk en de Hannelsfederaasje, dy't sûnt it debakel op Eriadu dominearre wurdt troch de Neimoïden, in konflikt út oer tolheffing op 'e hannelsrûtes nei de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Yn it ramt fan dy saneamde Nabookrisis set de Hannelfederaasje útein mei de blokkade fan 'e planeet Naboo, yn in besykjen om 'e Senaat te twingen ta it oannimmen fan in wetsfoarstel yn harren foardiel. Valorum stjoert de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi om tusken Naboo en de Hannelsfederaasje te bemiddeljen, mar hy wit net dat Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, in hantlanger fan Palpatine alias Darth Sidious is.
Gunray besiket de beide Jedi te fermoardzjen en giet dan oer ta in ynvaazje en besetting fan Naboo. Qui-Gon en Obi-Wan ûntsnappe oan 'e dea en befrije neitiid Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo. Dyselde brekt troch de blokkade fan har planeet hinne en reizget nei Coruscant mei as doel om it lot fan har wrâld foar te lizzen oan kânselier Valorum en de Galaktyske Senaat. By oankomst wurdt hja dêr gastfrij ûnthelle troch Palpatine, dy't ommers Naboo yn 'e Senaat fertsjintwurdiget.
Padmé besiket de Galaktyske Senaat en hâldt dêr in hertstochtlike taspraak oer de sitewaasje dêr't Naboo him yn befynt. Hja wurdt lykwols tsjinsprutsen en fan kwealaster beskuldige troch Lott Dod, de fertsjintwurdiger fan 'e Hannelsfederaasje. Valorum oerleit mei Mas Amedda, de fise-foarsitter fan 'e Senaat en biedt har oan om in kommisje yn te stellen om 'e kwestje te ûndersykjen. As bliken docht dat Valorum en de Senaat sa bûn binne oan burokratyske regeltsjes dat se Naboo net helpe kinne, tsjinnet Padmé in moasje fan wantrouwen tsjin Valorum yn, eat dat har troch Palpatine ynskúnd is. De moasje kriget de stipe fan 'e mearderheid fan 'e Senaat, sadat de alhiel feralterearre Valorum út syn amt set wurdt, om net folle letter opfolge te wurden troch Palpatine sels. (Foar him is it kânselierskip in opstapke nei in noch hegere posysje, mei't er trije jier letter de Galaktyske Republyk ûnder fuotten hellet en dêrfoar yn it plak it Galaktysk Keizerryk oprjochtet mei himsels as autokratysk regearjend keizer.)
Lettere libben
Nei syn fal lûkt Finis Valorum him werom út 'e polityk en set er him nei wenjen op syn lângoed op Coruscant. Hoewol't de befolking fan 'e Republyk him ûnder syn regear net botte heech hie, sjogge in protte lju nei de fêstiging fan Palpatine syn skrikbewâld mei nostalgy op 'e regearperioade fan Valorum werom.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |