Draaisterhuzen

Ut Wikipedy

Draaisterhuzen is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy leit eastlik fan Drylts, oer de Boalserter Trekfeart oan de súdkant fan it spoar nei Warkum. De namme komt ek foar as Dray, Draijstera monckaland, Ter Draai, Toe der Draija en Draaisterhuizen. De namme ferwiist nei de buorskip dêr't skippen mei in spil oer de dyk draaid waarden sadat se oan de oare kant fierder farre koenen. Soks waard dien mei in swier tou oan in kaapstander, de skippen koenen yn dat gefal trochfarre nei Boalsert.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: