Eeth Koth
Eeth Koth personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | Zabrak | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Saesee Tiin Adi Gallia Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Eeth Koth (útspr.: [ˈiːθ ˈkɔθ], likernôch: "iiz koz") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Zabraks, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Eeth Koth waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch akteur Hassani Shapi. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars waard syn dialooch ynsprutsen troch stimakteur Chris Edgerly.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eeth Koth wurdt berne as in Iridoanske Zabrak op 'e planeet Iridonia, yn 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder, op Coruscant ta brocht, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder.
Nabookrisis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koth ûntjout him ta in foaroansteand lid fan 'e Oarder en wurdt om 40 f.Sl.Y. beneamd yn 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Oarder. Dêr tsjinnet er noch as yn 32 f.Sl.Y. de Nabookrisis útbrekt. Koth is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e Hege Jedi Ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene.
Koth is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De oare leden fan 'e Ried binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen. Om't Koth sels syn oplieding op 'e ûngewoan lette leeftyd fan fjouwer jier úteinset is, stiet er mear iepen foar it pleidoai fan Qui-Gon as de oare leden, mar hy wurdt oerstimd.
Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, dy't him dêrmei frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. Koth hat minder muoite as de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried om him dêrby del te lizzen. Hy reizget mei û.o. Yoda en Mace Windu nei Naboo, dêr't er oanwêzich is by de kremaasje fan Qui-Gon Jinn en de oerwinningsparade yn 'e haadstêd Theed.
Kloane-oarloggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Koth noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is ien fan 'e Jedi-masters dy't mei Mace Windu nei de planeet Geonosis reizgje om Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala te rêden, dy't dêre troch de Sith greve Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Koth oerlibbet de Earste Slach om Geonosis en wurdt in generaal yn it Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hie.
Ier yn 'e Kloane-oarloggen tsjin 'e separatisten fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels wurdt it flaggeskip fan Koth intere en oermastere troch de separatistyske opperbefelhawwer, de cyborg generaal Grievous en syn MagnaWachten. Nei in yngeand duël mei de ljochtsabel wurdt Koth kriichsfinzen nommen. Grievous ferstjoerd in hologram nei de Hege Jedi Ried wêryn't er Koth martelet, mar it slagget Koth om mei gebearten fan 'e fingers syn lokaasje te oer te bringen, en hy wurdt net lang dêrnei rêden troch Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Adi Gallia.
Koth tsjinnet it grutste part fan 'e Kloane-oarloggen as generaal fan it Grutte Leger fan 'e Republyk en lid fan 'e Hege Jedi Ried, oant er, tsjin 'e ein fan dat konflikt, út syn funksje set wurdt om't er de priis fan 'e oarloch net goedkrije kin mei de ideälen fan 'e Jedi Oarder. Syn sit yn 'e Hege Ried wurdt oernommen troch Aven Kolar, in oare Zabrak fan Iridonia. Koth stapt neitiid desyllúzjonearre út 'e Jedi Oarder en ûntkomt sa yn 19 f.Sl.Y. oan 'e útrûging fan 'e Jedi troch harren eigen kloansoldaten nei't kânselier Palpatine, dy't de boasaardige Sith-master Darth Sidious blykt te wêzen, dêr de yn 'e psyche fan 'e kloanen foarprogrammearre Oarder 66 ta útfurdiget.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fiif jier letter, yn 14 f.Sl.Y. is Eeth Koth in preester yn 'e Tsjerke fan 'e Ganthyske Ferljochting. Hy is troud mei in oare Iridoanske Zabrak, in frou dy't Mira hjit, mei wa't er in nijberne poppe hat. De Sith-ridder Darth Vader wit him lang om let op te spoaren mei in trijetal fan 'e ynkwisiteurs fan it Galaktysk Keizerryk. (Dat is in groep Krêftgefoeligen dy't nei yndoktrinaasje troch keizer Palpatine ynset wurdt as Jedi-jagers.) Yn in duël mei de ljochtsabel wurdt Koth troch Vader ferslein en deade. De poppe, dy't krekt as har heit Krêftgefoelich is, wurdt ûntfierd om as ûnderdiel fan it Projekt Risper as ynkwisiteur oplaat te wurden.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |