Springe nei ynhâld

Dryden Vos

Ut Wikipedy
De ferzje fan 8 sep 2022 om 21.19 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dryden Vos
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje bûtenierdsk benei-minsklik
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt krimineel
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Qi'ra
Tobias Beckett
Han Solo
geastlike heit Lawrence Kasdan
Jonathan Kasdan
ûntstean 2018

Dryden Vos (Ingelske útspr.: [ˈdrai̭dən ˈvɔːs], likernôch: "drai-dun wâs") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2018 yntrodusearre yn Solo: A Star Wars Story. De geastlike heiten fan it personaazje wiene de senarioskriuwers fan dy film, heit en soan Lawrence en Jonathan Kasdan. Dryden Vos is in heechpleatst ûnderwrâldfiguer yn it misdiesyndikaat Karmozinen Dage, dy't opdracht jout ta de tsjeafte fan 'e djoere romteskipbrânstof coäxium fan 'e planeet Kessel troch in team fan kriminelen ûnder lieding fan Tobias Beckett en Han Solo. De rol fan Vos waard spile troch akteur Paul Bettany.

De rol fan Dryden Vos yn Solo: A Star Wars Story waard oarspronklike ferjûn oan 'e negroïde akteur Michael K. Williams. Doe't der nei it ûntslach fan 'e oarspronklike regisseurs Phil Lord en Christopher Miller en de ynstallaasje fan Ron Howard op 'e regisseursstoel lykwols reshoots fan 'e earder opnommen sênes nedich achte waarden, wie Williams dêrfoar net beskikber om't er op dat stuit de film The Red Sea Diving Resort makke. It wie doe 20 juny 2017, en de opnamen fan dy film duorren oant novimber fan dat jier. Sa lang koe Howard net wachtsje. Dat, de rol fan Vos waard wercast, en Williams waard ferfongen troch Paul Bettany, dy't earder mei Ron Howard gearwurke hie oan A Beautiful Mind en The Da Vinci Code. Dyselde siet op dat stuit sûnder wurk, en doe't er hearde dat Howard de rezjy fan Solo: A Star Wars Story oernommen hie, stjoerde er him in tekstberjocht mei de fraach oft er ek in lyts roltsje foar him hie. Fjirtjin dagen letter siet er yn it fleantúch nei Ingelân, dêr't it grutste part fan 'e film opnommen waard yn 'e Pinewood Studios.

Iere konseptôfbyldings fan it personaazje Dryden Vos skilderen him ôf as in fûgeleftich bûtenierdsk wêzen, doe as in reptyl en dêrnei as in Lasat, wat mooglik de ferzje wie dy't troch Michael K. Williams yn 'e oarspronklike sênes spile waard. De ferfanging fan Williams troch Paul Bettany late ta in folslein op 'e nij besjen fan it personaazje. Yn 'e úteinlike ferzje fan 'e film waard Dryden Vos ôfskildere as in benei-minsklik bûtenierdsk wêzen, mei ljochte streken oer it gesicht dy't tareadzje wat lulker oft er wurdt. Neffens Bettany waarden dy streken yn 'e postproduksje troch special effects oanbrocht, mei't hy by de opnamen net op dy wize opmakke wie. Sterker noch, Bettany ûntdiek it pas doe't Howard him in foto stjoerde fan it úteinlik foarkommen fan Vos.

Yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018) wurdt Dryden Vos yntrodusearre as in ûnmeilydsume, heechpleatste gangster yn it misdiesyndikaat Karmozinen Dage, dy't eins nei bûten ta de lieder fan 'e organisaasje is. Yn it geheim hat er lykwols in hegere baas boppe him: de deawaande Zabrakske eardere Sith-ridder Darth Maul. Vos ferpleatst him yn syn superdelúkse romtejacht Earste Ljocht. Syn ûnderbefelhawwer is de yntelliginte jonge Corelliaanske frou Qi'ra, dy't Vos kocht hat fan in Sarkin Enneb, dy't har earder kocht hie fan 'e Grindalidyske bindeliedster frouwe Proxima. Dy lêste ferkocht Qi'ra út wraak nei't se besocht hie út te naaien fan Corellia yn it selskip fan har jeugdleafde Han Solo.

Inkele jierren foarôfgeande oan 'e foarfallen yn Solo: A Star Wars Story is de krimineel Tobias Beckett by Vos yn 'e skuld kommen te stean. Sûnt lit Vos him opdrachten útfiere om 'e skuld ôf te beteljen. As op 'e planeet Vandor it stellen fan in lading coäxium, in djoere brânstof foar romteskippen, hielendal misrint mei as gefoch it ferlies fan sawol twa leden fan Beckett syn binde as de hiele lading coäxium, is Vos dêr min oer te sprekken. Beckett hat lykwols koartby in pear nije bindeleden oppikt: nimmen oars as Han Solo en syn freon, de Wookiee Chewbacca. Han moetet oan board fan 'e Earste Ljocht Qi'ra wer en wit Vos te bepraten om Beckett in lêste kâns jaan om it ferlies goed te meitsjen.

Han stelt in oerfal foar op 'e boarne fan it coäxium, in myn op 'e planeet Kessel. It is in riskant plan, mei't de minen op Kessel behearske wurde troch it Pyke-syndikaat en rou coäxium ynstabyl is en mar beheind hâldber foar't it ûntploft. It moat dêrom sa fluch mooglik nei de raffinaderij op 'e planeet Savareen brocht wurde. Vos giet akkoart mei it plan, mar stiet derop dat Qi'ra Beckett-en-dy beselskipje sil om foar him in eachje yn it seil te hâlden. It plan slagget en it team wit it coäxium op 'e tiid nei Savareen te bringen, dêr't it proses om it folatile guod te raffinearjen, halje-trawalje úteinset.

De oankomst fan 'e Wolkeriders dêre, in binde plonderders ûnder lieding fan Enfys Nest, driget de boel te bedjerren, mar efter it masker fan Enfys blykt in teenagefamke beskûl te gean, dat nei eigen sizzen it masker urven hat fan har mem, in eardere Enfys Nest. Hja bringt út dat de Wolkeriders allegearre ôfkomstich binne fan planeten dy't slim te lijen hân hawwe ûnder it skrikbewâld fan 'e Karmozinen Dage, en dat se eins rebellen binne dy't weromslaan wolle tsjin it misdiesyndikaat en it Galaktysk Keizerryk, dat de opkomst fan it misdiesyndikaat mooglik makke hat. Se hawwe ferlet fan it coäxium om harren opstân mei te finansieren.

Han, dy't sympaty hat foar Enfys-en-dy, beslút om te besykjen Dryden Vos te bedragen en it coäxium oan 'e Wolkeriders ta te spyljen. Beckett fynt dat te riskant, dat hy winsket Han-en-dy it bêste en set ôf. As Han, Qi'ra en Chewbacca letter yn it jacht fan Vos arrivearje, wit dy al ôf fan Han syn plan om it coäxium oan 'e Wolkeriders te jaan en Vos ôf te konfoaien mei in substânsje dy't inkeld op coäxium liket. It docht bliken dat Beckett streekrjocht nei Vos ta gien is om Han te ferrieden. Vos hat sadwaande al syn liifwachten op twa nei stjoerd om Enfys en de Wolkeriders finzen te nimmen en, nei't se it coäxium feilichsteld hawwe, te fermoardzjen. De fetten dy't de Wolkeriders by har hawwe, blike lykwols leech te wêzen, en as it masker fan Enfys ôfgiet, blykt dêrefter in doarpeling fan Savareen beskûl te gean. Han hie nammentlik al rekkene op Beckett syn ferrie, dat hy hat it echte coäxium meinommen nei it jacht fan Vos om him te fluch ôf te wêzen.

Wylst de echte Wolkeriders de liifwachten fan Vos oer it mad komme en oermânsk wurde, lûkt Beckett, oan board fan it jacht fan Vos, syn ploffer en sjit Vos syn lêste beide liifwachten dea. Hy sjocht no nammentlik syn kâns skoan om sels as winner út 'e bus te kommen, dat hy pykt út mei it coäxium mei Chewbacca as gizelder om it foar him te dragen. Han en Qi'ra bliuwe efter mei Vos, dy't Han besiket te fermoardzjen. Qi'ra grypt de sabel fan ien fan 'e beide liifwachten dy't Beckett om hals brocht hat en beart dat se har trou oan Vos bewize sil troch Han foar him te deadzjen. Ynstee deadet se Vos sels. Letter rapportearret se oan Darth Maul dat Beckett Vos fermoarde hat.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono