Springe nei ynhâld

Ki-Adi-Mundi

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jun 2022 om 23.41 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: + link nei en:)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ki-Adi-Mundi
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje Cereaan
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-master
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Mace Windu
Yoda
Saesee Tiin
Oppo Rancisis
Plo Koon
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Ki-Adi-Mundi (útspr.: [ˈki ˈaːdi ˈmundi], likernôch: "ky aa-dy mûn-dy") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Cereänen, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoer fan 'e Jedi Oarder. Ki-Adi-Mundi waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn 'e ferfolgen Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch akteur Silas Carson. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Ki-Adi-Mundi ynsprutsen troch stimakteur Brian George.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ki-Adi-Mundi wurdt berne as in Cereaan op 'e planeet Cereä. Omreden fan syn oanberne Krêftgefoeligens wurdt er al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't er oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Ki-Adi-Mundi ûntjout him ta in foaroansteande Jedi en wurdt meitiid beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder.

Yn 32 f.Sl.Y., as de Nabookrisis útbrekt, tsjinnet Ki-Adi-Mundi as lid fan 'e Hege Jedi Ried. Hy is behelle yn 'e rieplachtings fan 'e ried oer de krisis sels, mar ek oer it wer opdûken fan 'e Sith, de âlde aartsfijannen fan 'e Jedi, fan wa't oannommen waard dat se tûzenen jierren lyn al útrûge wiene. Ki-Adi-Mundi, waans tinkprosessen sterk op logika basearre binne, hinget derta oer om ûnwierskynlike dingen út te sluten as er der sels gjin tsjûge fan west hat. Hy hat dêrom muoite mei it idee dat de Sith harren sa lang ferbergje kinnen hawwe.

Ki-Adi-Mundi is fierders oanwêzich as master Qui-Gon Jinn de njoggenjierrige Anakin Skywalker foar de Ried bringt, dy't sa sterk yn de Krêft is dat Qui-Gon derfan oertsjûge rekke is dat er de Utkarde is dêr't de oerâlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. De leden fan 'e Ried, ûnder wa Ki-Adi-Mundi, binne it deroer iens dat in leeftyd fan njoggen jier fierstente let is om noch oan in oplieding ta Jedi te begjinnen, en master Yoda wurdt grutte eangst yn 'e jonge gewaar, wat in negative emoasje is. De Ried beslút Qui-Gon syn fersyk om Anakin dochs noch oan 'e Jedi-training begjinne te litten, ôf te wizen.

Nei it ferstjerren fan Qui-Gon yn 'e Slach om Naboo by in konfrontaasje mei de Sith Darth Maul, kundiget Qui-Gon syn eardere padawan Obi-Wan Kenobi oan dat er hoe dan ek gehoar jaan sil oan 'e lêste wurden fan syn âlde master, wêrmei't dyselde him frege hat om Anakin ta Jedi te trainen. De Ried beslút mei tsjinnichheid om dêr tastimming foar te jaan.

Kloane-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, is Ki-Adi-Mundi noch altyd lid fan 'e Hege Jedi Ried. Op 'e nij lûkt er wat der bart yn twifel, mei't er it dreech fynt om te leauwen dat de eardere Jedi-ridder greve Dooku wat mei de moardoanslach op senator Padmé Amidala te krijen hân hawwe kin. Mei Mace Windu en Yoda is er ien fan 'e lieders fan 'e Jedi by de befrijing fan Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis, dêr't hja troch Dooku ta de deastraf feroardiele binne. Ki-Adi-Mundi is ien fan in minmachtich groepke fan 'e kloft fan 212 Jedi dy't it gefjocht yn 'e Petranaki Arena op Geonosis oerlibje.

Dy Earste Slach om Geonosis liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Ki-Adi-Mundi wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Mei Kenobi, Skywalker, Ahsoka Tano en Luminara Unduli is er ien fan 'e lieders fan dat leger yn 'e Twadde Slach om Geonosis, wêrby't de planeet beset wurdt en de oarlochsandroïdefabriken fernield wurde. Yn dy slach rekket er ferwûne. Nei't er wer opbettere is, makket er diel út fan 'e eskorte fan 'e kriichsfinzen Geonosiaanske aartshartoch Poggle de Mindere nei Coruscant.

Mei û.o. Mace Windu en Saesee Tiin is Ki-Adi-Mundi ien fan 'e leden Hege Jedi Ried dy't Ahsoka Tano út 'e Jedi Oarder sette en yn it tichthûs smite foar in bomoanslach en dêropfolgjende moard, mei't alle bewizen yn har rjochting wize. As Anakin Skywalker letter oan it ljocht bringt dat Ahsoka har freon Barriss Offee de wiere skuldige is, besykje Ki-Adi-Mundi en de oaren it goed te meitsjen troch Ahsoka rehabilitaasje oan te bieden, mar dat wiist hja desyllúzjonearre fan 'e hân.

Oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., hat Ki-Adi-Mundi de lieding oer de troepen fan 'e Galaktyske Republyk by de gefjochten op 'e planeet Mygeeto, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Dêrwei nimt er yn holografyske foarm diel oan 'e riedplachtings fan 'e Hege Jedi Ried. Mei de oare leden bepraat er op dy wize behalven de stân fan saken yn 'e oarloch ek hoe't se oan sille mei kânselier Palpatine, dy't himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje withoefolle bykommend foech ta-eigene hat en net ree liket om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.

Fierder as oerlis oer dy saak komme de Jedi net, mei't kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, Oarder 66 útfurdiget, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. As Ki-Adi-Mundi de kloansoldaten fan it 21e Novakorps oanfierd by in oanfal oer in brêge op Mygeeto, iepenje de soldaten fan efteren ôf it fjoer op him. Hy wit mei syn ljochtsabel ferskate skotten ôf te warjen en twa kloanen te deadzjen, mar it tal kloanen dat op him sjit is te grut, en hy wurdt binnen inkele tellen trochsingele mei skotten út ploffergewearen, sadat er omkomt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono