Cereänen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cereä)
In Cereaan (Ki-Adi-Mundi).

Cereänen (inkeltal: Cereaan) binne in fiktyf ras fan humanoïde bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan Cereä, in planeet mei in wielderige plantegroei en in grut bioferskaat, dy't noch fierhinne ûnoantaaste is troch technology.

Fan uterlik lykje Cereänen sterk op minsken, mei twa skonken en twa earms en in gesicht mei de eagen, noas, mûle en earen allegearre op it wenstige plak. It wichtichste ferskil mei minsken is de tige hege, kegelfoarmige plasse fan Cereänen, wêrmei't by harren de holle wol 20 sm heger is as by minsken. Yn dy plasse geane komplekse, binêre harsens beskûl, dy't de Cereänen tige yntelligint meitsje en dêr't se ferskate kanten fan in sitewaasje tagelyk troch beprakkisearje kinne. Om 'e harsens fan genôch bloedtafier te foarsjen, beskikke Cereänen oer twa herten.

Boppe-op 'e holle binne de measte Cereänen keal, hoewol't hiergroei dêr by party fan harren wol foarkomt. Cereänen hawwe twa geslachten, manlik en froulik. De manlju hawwe boarstelige wynbrauwen en burden. It eachwyt is by Cereänen giel. Hoewol't se in ferlykbere lichemslingte hawwe as minsken, binne se eins in stik langer, trochinoar om 'e 2 m hinne, fanwegen harren hege plasse.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin