Eirtaé Ballory
Eirtaé Ballory personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | Eirtama Ballory | |
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske (Nabooaansk) | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | hofdame, keunstneresse, útfiner | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Padmé Amidala Sabé Rabé Tonsort Saché Adova Quarsh Panaka Sio Bibble | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Eirtaé Ballory (útspr.: [ɛːɹˈtaːeː ˈbɑloɹi], likernôch: "êr-taa-ee bal-loar-y"); folút: Eirtama Ballory) is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in hofdame fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo en waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). De rol fan Eirtaé waard spile troch Friday "Liz" Wilson.
Fiktive biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eirtaé Ballory is berne op 'e planeet Naboo. Se docht mei oan in workshop op it mêd fan aktearjen dy't ferbân hâldt mei har oplieding ta setdesigner, as har troch kaptein Quarsh Panaka, de kommandant fan 'e paleiswacht, frege wurdt om hofdame te wurden fan 'e nije, koartby ferkeazen keninginne Padmé Amidala. Hja wurdt by Panaka foar dy posysje oanrikkemandearre troch in oare jonge gadingmakster foar de funksje fan hofdame, Saché Adova. Eirtaé nimt it oanbod oan en swart se trou oant yn 'e dea oan Padmé.
Yn 'e Nabookrisis, dy't letter dat jiers útbrekt, wurdt Eirtaé yn 'e mande mei de keninginne, de oare hofdames Saché, Sabé, Rabé en Yané, Panaka en syn mannen en gûverneur Sio Bibble finzen nommen troch Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Dyselde wol Padmé in ferdrach ûndertekenje litte dat Naboo alhiel oan 'e Hannelsfederaasje oerleverje soe, mar Padmé wegeret. Underweis nei in finzenekamp wurdt it selskip befrijd troch de Jedi Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi. Neitiid bliuwt Eirtaé by keninginne Padmé as dyselde nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant reizget, yn in fergees besykjen om stipe los te krijen fan 'e Galaktyske Senaat en fan kânselier Finis Valorum.
Nei't se sûnder wat bedijd te hawwen weromkeard binne nei Naboo, beselskippet Eirtaé de keninginne nei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat op Nabou lânseigen is. Se is tsjûge fan it militêr bûnsgenoatskip dat Padmé mei de Gungaanske lieder baas Nass slút. Letter bliuwt se by Padmé as dy mei har entoeraazje it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed bestoarmet. Yn 'e gefjochten ferliest Eirtaé Padmé út it each, en as se har letter in paad nei de troanseal ta fjochtet, ûntdekt se dat Padmé en Panaka ûnderwilens Gunray al finzen nommen hawwe. Dêrmei komt in ein oan 'e blokkade en besetting fan Naboo.
Nei't Padmé har termyn as keninginne fan Naboo fjouwer jier letter úttsjinne hat, ferfart Eirtaé nei de Gungaanske ûnderwetterstêd Otoh Gunga, om har leafde foar de poadiumkeunsten te folgjen. Dêr bestudearret se de manear dy't de Gunganen hawwe om fakua oan te meitsjen. Se besiket dêrmei nije manearen foar setdekoraasje te finen, mar ûntdekt ûnbedoeld in nije en bettere kweekmetoade fan blauwieren, dy't yn 'e Nabooaanske lânbou as keunstdong brûkt wurde.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |