Springe nei ynhâld

Lisa Ann

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lisa Ann Productions)
Lisa Ann
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Zina Sunshine,[1][2][3] Leesa,[1] Lee Ann Vision[2]
echte namme Lisa Anne Corpora[4][5]
nasjonaliteit Amerikaansk[1][2][4]
berne 9 maaie 1972[1][2][3][4]
berteplak Easton (Pennsylvania)[1][2][3][4]
etnisiteit Italjaansk[1]
wurkpaad
wurksum as neakenmodel,[3] stripper,[3][4]
pornoaktrise,[1][2][3][4]
regisseur,[1][4] filmprodusinte,[4][6][7]
ympressario[4]
jierren aktyf 1993[3]1997[1][3]
2006[1][3]2014[3][4]
2018[3] – no
offisjele webside
www.thelisaann.com

Lisa Ann, echte namme: Lisa Anne Corpora[4][5] (Easton (Pennsylvania), 9 maaie 1972),[1][2][3][4] is in Amerikaansk neakenmodel,[3] stripper,[3][4] pornografysk aktrise,[1][2][3][4] en radiopresintatrise[3][4][5] fan etnysk Italjaansk komôf.[1] Hja hat ek wurke as pornoregisseur,[1][4] pornoprodusinte,[4][7] fisazjiste[4] en ympressario.[4] Yn it ferline hat Lisa Ann wol gebrûk makke fan 'e skûlnammen Zina Sunshine,[1][2][3] Leesa[1] en Lee Ann Vision.[2] Se is tige súksesfol en wurdt beskôge as de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld.[8][9][10] Sadwaande wurdt se ek wol oantsjutten as de Queen of Porn.[11] Se sette yn 1993 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry,[3] hold yn 1997 op,[1][3][12] mar makke yn 2006 in comeback.[1][3][12] Yn 2008 krige se bekendheid by in breder publyk troch har haadrol yn 'e pornofilm Who's Nailin' Paylin?, wêryn't se de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre.[13][14] Yn 2014 beëinige Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise,[3][4] mar yn 2018 kearde se op 'e nij werom.[3] Se is ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame,[15] de XRCO Hall of Fame[16] en de Urban X Hall of Fame.[17]

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisa Ann waard op 9 maaie 1972[1][2][3][4] te Easton, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania,[1][2][3][4] berne as Lisa Anne Corpora.[4][5] Hja is fan Italjaansk etnysk komôf.[1] Lisa Ann groeide op yn har berteplak Easton.[18] Op 'e middelbere skoalle wie se lid fan it basketbalteam fan har skoalle en siet se teffens op 'e skyklub.[19] Yn 1990, doe't se 18 jier wie, sette se útein mei in wurkpaad as stripper om har oplieding ta diplomearre toskedoktersassistinte te bekostjen.[3]

Lisa Ann yn it begjin fan har karriêre as porno-aktrise, yn 'e '90-er jierren.

Karriêre yn 'e pornoyndustry

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 1993 spile Lisa Ann mei 21 jier foar it earst yn in pornografyske film,[3] Cinesex 2.[20] Se wurke dêrnei fjouwer jier as pornoaktrise,[3] yn 't earstoan noch ûnder artystenammen as Zina Sunshine[1][2][3] en Leesa.[1] Yn 1997 liek it der even op dat se AIDS oprûn hie. Lokkigernôch rûn dat mei in skamper ôf, mar se wie der wol sa fan skrokken dat se har pornografyske karriêre deroan joech.[3][12][21]

Dûnseresse en eigen modelleburo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren dêrop toerde Lisa Ann as feature dancer yn it Amerikaanske stripklubsirkwy, wêrby't se altiten de haadattraksje fan 'e jûn wie.[3] Se dreau yn dy tiid ek fjouwer jier lang in skientmesalon.[22] Yn 2005 kearde se lykwols werom nei de pornoyndustry, diskear as aginte foar oare aktrises, fia it modelleburo L.A. Direct Models,[23] dêr't se fan septimber 2005 oant febrewaris 2006 foar wurke.[12]

Lisa Ann ûnder in synjearsesje op it AVN Expo fan 2011.

Yn novimber 2006 rjochte hja in eigen modelleburo op, earst ûnder de namme Clear Talent Management, mar yn 2007 neamde se it om ta Lisa Ann's Talent Management.[4][24] Datselde jiers noch gie Lighthouse Talent Agency, it agintskip fan pornoregisseur Seymore Butts, dêryn op.[4][25] Neffens Lisa Ann wie har motivaasje om in eigen ympressariaat te begjinnen dat pornoaktrises fan boppe de tritich allegeduerigen ôfwiisd waarden troch oare modelleburo's, sels al wie der troch it opkommen fan 'e milfpornografy in groeiende fraach nei harren. It wie sadwaande har bedoeling om sokke aktrises in alternatyf te bieden, om't se oars twongen wiene en fertsjintwurdigje harrensels.[26] Uteinlik waard Lisa Ann's Talent Management yn july 2010 opdoekt.[27]

Comeback en rol as 'Serra Paylin'

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underwilens hie Lisa Ann har comeback as pornoaktrise makke[1][3][12] nei't se troch fotografe Suze Randall frege wie om mei te wurkjen oan in pornografyske fotoshoot mei in manlik model.[12] Dat resultearre úteinlik yn 'e film Bra Bustin’ and Deep Thrustin’,[28] dy't útkaam yn febrewaris 2006.[12] Yn 2008 spile Lisa Ann de haadrol fan Serra Paylin yn 'e film Who's Nailin' Paylin?, in produksje fan Hustler Video fan pornomagnaat Larry Flynt.[3][13][14] Dy rol wie in parody op Sarah Palin, de Republikeinske kandidate foar it fise-presidintskip fan 'e Feriene Steaten ûnder John McCain by de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008.[3][4][13][14] Hustler naam op 'e dei fan it fise-presidinsjeel debat kontakt mei Lisa Ann op om har foar de rol te freegjen.[29] Lisa Ann gie doe daliks foar de tillefyzje sitten om Palin har hâlden en dragen ûnder it debat te observearjen.[29] Dêrnjonken rette se har ek op 'e rol ta troch nei de imitaasje fan Palin te sjen troch komédiënne Tina Fey, yn it tillefyzjeprogramma Saturday Night Live.[13]

Who's Nailin' Paylin? befettet sênes wêryn't Serra Paylin seksuële omgong hat mei aktrises dy't de froulike politisy Hillary Clinton (spile troch Nina Hartley) en Condoleezza Rice (spile troch Jada Fire) parodiëarje,[3] en dêrnjonken mei twa Russyske soldaten.[30] Dat lêste is in ferwizing nei in útspraak fan Palin, dy't doedestiden gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Alaska wie en op in stuit opmurk dat men út Alaska wei (fan it eilân Lyts-Diomedes ôf) by goed waar Ruslân (it Russyske eilân Ratmanov) lizzen sjen kin.[31] In bonussêne mei de titel Obama is Nailin' Paylin, wêryn't Serra Paylin seks hat mei in swarte akteur dy't presidint Barack Obama parodiëarret, waard frijjûn op 'e foarjûn fan ferkiezings; dizze sêne wie beskikber fia de ledewebside fan Hustler en op 'e blu-ray-útjefte fan 'e film, mar stie net op 'e dvd-útjefte.[3][32]

Lisa Ann as 'Serra Paylin' op 8 jannewaris 2010 op it AVN Expo, te Las Vegas.

Who's Nailin' Paylin? waard útbrocht op 4 novimber 2008, de dei fan 'e presidintsferkiezings, en wie fuortynienen al in grut súkses.[3][13][14] Dêrtroch krige Lisa Ann ek foar it earst bekendheid by in breder publyk.[29] Sa waard se útnûge foar in fraachpetear yn it bekende Amerikaanske praatprogramma Entertainment Tonight, dêr't se op 7 novimber te gast wie om 'e film te promoaten.[33] Who's Nailin' Paylin? wie sa populêr, dat Hustler Video noch ferskate ferfolgen makke,[34] mei alle kearen Lisa Ann wer yn 'e titelrol: Letterman's Nailin' Palin (augustus 2009),[3][35] You're Nailin' Palin (septimber 2009),[36] Hollywood's Nailin' Palin (2010)[37] en Who's Nailin' Palin #2 (2011).[38] Dêrfan is Letterman's Nailin' Palin in ferwizing nei de iepentlike deilisskip fan Sarah Palin en talkshowpresintator David Letterman,[39] wylst Hollywood's Nailin' Palin in wink is nei de realitysearje op 'e Amerikaanske tillefyzje, wêrby't Sarah Palin en har gesin harren de hiele dei troch de kamera folgje lieten.[40] Hustler liet foar Halloween 2009 ek in masker produsearje mei de likenis fan Lisa Ann yn har rol as Serra Paylin,[41] en Lisa Ann gie as Serra Paylin op toernee by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.[42] Ek ferskynde Lisa Ann as Serra Paylin yn 'e fideoklip fan it nûmer We Made You, fan 'e ferneamde rapper Eminem, op syn album Relapse.[2][3][4][43][44] Dat kameoroltsje waard se foar frege op foarspraak fan Joseph Kahn, de regisseur fan 'e klip.[3][43] Al dy optredens as imitator fan Sarah Palin bliezen Lisa Ann har karriêre as pornoaktrise nij libben yn.[45] Sterker noch, it makke fan har de populêrste pornoaktrise fan 'e wrâld[8][9][10] en besoarge har de bynamme Queen of Porn.[11] Yn 2012 hie Lisa Ann neffens de siikmasine Google it 43e plak op in ranglist fan 'e 50 populêrste froulju op it ynternet.[2] Yn april 2013 wie se, neffens de webside Pornhub en de krante de New York Post, noch altyd "de populêrste froulike pornostjer".[46]

Lisa Ann yn 2012.

Op oantrúnjen fan har manlike kollega C.J. Wright makke Lisa Ann yn septimber 2009 har debút as regisseur, mei de ynterrasiale pornofilm Hung XXX, in produksje fan 'e filmstudio Justin Slayer International.[3][47] Yn augustus 2013 begûn Lisa Ann har eigen studio, Lisa Ann Productions. Dêrfoar tekene se in kontrakt oangeande filmdistribúsje mei de gruttere studio Jules Jordan Video.[48] De earste film dy't Lisa Ann Productions makke, mei Lisa Ann sels as regisseur, wie MILF Revolution, dy't op 5 augustus 2013 útkaam.[49] Dyselde film wûn yn 2014 de AVN Award yn de kategory bêste milfproduksje.[50]

Ophâlden as pornoaktrise en nije comeback

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 desimber 2014 poste Lisa Ann in hânskreaune bekendmakking[4][51] op har offisjele Facebookside dat se har mei direkte yngong weromloek út 'e pornoyndustry.[3][4] Koarte tiid letter liet se har boarsten ferlytsje as ûnderdiel fan 'e weromkear nei in normaal bestean.[18] Nettsjinsteande dat hold se oan mei út en troch as webcamgirl in optreden op har webside te jaan.[51][52]

Neitiid die bliken dat it ôfskie fan 'e pornoyndustry by Lisa Ann ynjûn wie trochdat se in nije karriêre begûn wie op it mêd fan fantasijsport.[4][5][53][54] Yn desimber 2014 makke se buorkundich dat se no aktyf wie yn it Amerikaansk fantasijfuotbal.[55] Tsjin jannewaris 2016 rekke se stadichoan ek behelle yn it fantasijhonkbal.[5] Ein 2014 sette Lisa Ann útein mei de presintaasje fan ferskate radioprogramma's op 'e Amerikaanske satellytradiostjoerder Sirius XM. Moandeitejûns presintearre se mei Adam Ronis Lisa Ann Does Fantasy, en tongersdeitemoarns fersoarge se de presintaasje fan The Morning Men.[54]

Lisa Ann op it AVN Expo fan 2013.

Underwilens wie Lisa Ann ek dwaande mei it skriuwen fan har autobiografy, dy't se op 15 desimber 2015 publisearre ûnder de titel The Life.[4][5][54] Yn jannewaris 2018 makke Lisa Ann op har Twitterpagina bekend dat se mei 45 jier fannijs in comeback makke as pornoaktrise[56] en dat se dêrfoar in eksklusyf kontrakt tekene hie mei de filmstudio Evil Angel.[3][56]

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Lisa Ann mids 2019 yn 790 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Evil Angel, Penthouse, VCA Pictures, Digital Playground, Zero Tolerance, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Sin City, Adam & Eve, Hustler Video, Score, Digital Playground, Diabolic Video, Devil's Film, Digital Sin en Red Light District.[1] Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Third Degree Films, Gina Lynn Productions, West Coast Productions, Metro, Leisure Time Entertainment, Extreme Associates, Black Ice, Napali Video, Mile High Media, Girlfriends Films en Justin Slayer International.[1] En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America en Kink.com.[1] As regisseur hie Lisa Ann anno 2019 58 films makke, û.m. foar Evil Angel, Jules Jordan Video, Justin Slayer International en har eigen studio Lisa Ann Productions.[1]

Op it mêd fan prizen hie Lisa Ann anno 2019 trije kear in prestizjeuze AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) wûn: ien yn 2009, yn 'e kategory milf/cougar-artyste fan jier,[57] en twa yn 2014, foar meast seksy milf[50] en (as regisseur) foar bêste milfpornografyske film (te witten: MILF Revolution).[50] Dêropta is se ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame (yn 2009),[15] de XRCO Hall of Fame (yn 2013)[16] en de Urban X Hall of Fame (yn 2011).[17]

Lisa Ann yn 2010, yn 'e rol fan har personaazje Serra Paylin.

Under har karriêre hat Lisa Ann yn deselde sênes spile mei kollega-aktrises as Ava Addams, Anikka Albrite, Brittany Andrews, Nikki Benz, Carmella Bing, Summer Brielle, Casey Calvert, Sophie Dee, Skin Diamond, Helen Duval, Jada Fire, Shay Fox, Diamond Foxxx, Sasha Grey, Sara Jay, Julia Ann, Kagney Linn Karter, Katja Kassin, Belle Knox, Ava Lauren, Francesca Le, Lovette, Kendra Lust, Gina Lynn, Krissy Lynn, Romi Rain, Rachel Starr, Jada Stevens, Shyla Stylez, Puma Swede, Juelz Ventura, Sienna West en Jennifer White.[1] Ek hat se gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Marco Banderas, Mick Blue, T.T. Boy, Tom Byron, Danny D, Mark Davis, James Deen, Jon Dough, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Billy Glide, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Mandingo, Mr. Marcus, Sean Michaels, Ramon Nomar, David Perry, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Lexington Steele, Michael Stefano, Criss Strokes, Tony Tedeschi, Nacho Vidal, Mark Wood en Prince Yahshua.[1]

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisa Ann werpt har al sûnt 2005 op as mentor foar jongere pornoaktrises.[6] Sa lei se yn augustus 2014 fia harren mienskiplike ympressariaat kontakt mei Belle Knox, dy't doe mei 19 jier al grutte populariteit genoat.[6][7] Yn in fraachpetear lei se út dat se wist wat Knox trochmakke, mei't se sels yn 2008 mei Who's Nailin' Paylin? itselde belibbe hie. "Ik begryp dat it tige iensum wêze kin om in nije aktrise yn 'e pornoyndustry te wêzen. [...] Se reizget no al om as feature dancer, hat al miljoenen mooglikheden, en ik leau, as dat mysels oerkommen wie, as 'Paylin' my oerkommen wie doe't ik njoggentjin jier wie, dan wit ik net hoe't ik my rêden hie," sei Lisa Ann.[7] Dêrom begelate se Belle Knox troch geregeldwei mei har te skiljen, sms-en of skypen, en dêrby dingen te bepraten en Knox advizen te jaan.[7] Yn desimber 2014 begûn Lisa Ann op dit mêd in formeel advysburo, mei as namme Porn Stars Boot Camp.[51]

Lisa Ann yn 2011, jitris as Serra Paylin.

Lisa Ann hat ek kampanje fierd om ynterrasiale pornografy te destigmatisearjen troch har te oppenearjen oer de behanneling fan Afro-Amerikaanske akteurs yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en it gebrek oan wurk dêr't se mei te krijen hawwe.[5] Fierders wol hja help om 'e pornoyndustry om te foarmjen ta in reguliere arbeidssektor, mei pinsjoenen, syktekostefersekerings en karriêrebegelieding.[5]

Yn desimber 2009 waard bekendmakke dat Lisa Ann in kontrakt tekene hie om wurdfierster te wurden foar it produkt RealTouch, in meganisearre teledildoanyske keunstfagina produsearre troch AEBN.[3][58] Yn 2011 liet se fierders har mûle, fagina en anus fan lateks neimeitsje as seksboartersguod fan Fleshlight.[52][59]

Yn maart 2010 ferskynde Lisa Ann mei û.o. kollega's as Julie Meadows, Kaylani Lei, Alektra Blue en Ron Jeremy yn in ideële ynternetfideoboadskip fan 'e Free Speech Coalition tsjin ynternetpiraterij fan pornografysk materiaal.[3][60]

Yn 'e mande mei har kollega's Nikki Benz en Sean Michaels presintearre Lisa Ann yn april 2010 de útrikkingsseremoanje fan 'e XRCO Awards.[3][4][61]

Lisa Ann wie te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer My Swag fan Bugsi mei meiwurking 2k The Murderman, út 2011.[2]

Yn 2013 presintearre Lisa Ann op 'e Amerikaanske radiostjoerder Playboy Radio in skoft it programma Strippertown.[3][4]

Lisa Ann wie as stimaktrise belutsen by it fideospultsje Grand Theft Auto V, dat útkaam yn septimber 2013. Hja liende dêrfoar har stim on it personaazje "prostituee #2".[62]

Lisa Ann wie ien fan sechstjin pornoaktrises dy't yn 2013 filme waarden foar de dokumintêre Aroused.[63]

Lisa Ann posearret mei in fan yn 2009.

Yn augustus 2013 wie Lisa Ann te sjen yn 'e fideoklip fan it nûmer Dead Bite fan 'e Hollywood Undead.[64]

Yn 2019 hiene Lisa Ann en har pornokollega's Rayveness en Cory Chase rollen as mainstream-aktrises yn 'e ôflevering Infinite Game fan 'e Amerikaanske tillefyzjesearje Billions (seizoen 4, ôflevering 7), dy't útstjoerd waard op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder Showtime.[65]

Lisa Ann hat teminsten fyftjin jier lang yn it Kalifornyske Huntington Beach wenne, in foarstêd fan Los Angeles oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan.[66] Dêrnjonken hat se ek in jier yn Boca Raton wenne, yn 'e Amerikaanske steat Floarida.[29] Yn oktober 2015 besiet se twa apparteminten: ien yn Los Angeles en in twaddenien yn 'e New Yorkske wyk Manhattan.[53]

Lisa Ann by de útrikking fan 'e AVN Awards yn 2010.

Yn fraachpetearen hat Lisa Ann oanjûn dat se in grut fan fan sport is, benammen fan basketbal en Amerikaansk fuotbal.[11] Yn 't bysûnder is se in fan fan it basketbalteam de Los Angeles Lakers út Los Angeles en fan it Amerikaansk fuotbalteam de Dallas Cowboys út Dallas.[67] Nei eigen sizzen soe se, as se net yn 'e pornoyndustry bedarre wie, nei alle gedachten in sportagint of sportsjoernalist wurden wêze.[68]

Yn 2000, doe't se 28 jier wie, troude Lisa Ann mei in útsmiter, mar dat houlik einige inkele jierren letter yn in skieding.[53]

Yn novimber 2009 fertelde se oan 'e webside TMZ dat se in relaasje krigen hie mei Rob, de jongere broer fan realitytillefyzjestjer Kim Kardashian, nei't se mei dyselde yn in sportskoalle yn 'e kunde kommen wie.[69][70] It tydskrift Us Weekly wist in boarne deunby de Kardashians te finen dy't oer dat ûnderwerp prate woe. Dy befêstige dat Rob Kardashian en Lisa Ann mei inoar yn 'e kunde kommen wiene yn in sportskoalle, mar ûntstried dat der sprake wie fan in relaasje.[71][72]

Lisa Ann op 'e útrikking fan 'e AVN Awards yn 2013.

Fanwegen har belangstelling foar sport en har wurk as sportferslachjouster foar it radiostasjon Sirius XM wennet Lisa Ann in soad wedstriden by. Dat hat laat ta ynteraksje, soms publyklik, mei sporters.[73] Yn oktober 2014 waard der spekulearre oer in mooglike relaasje doe't Lisa Ann (42) mei de doe achttjinjierrige Amerikaansk fuotbalspiler Justin Brent yn Madison Square Garden, yn New York, by in Amerikaansk fuotbalwedstryd sjoen waard.[74] Neitiid waarden inkele persoanlike foto's fan harren beiden tegearre op bêd frijjûn fia it ynternet.[75][76] Yn novimber 2014 lies Lisa Ann op har Twitterpagina iishockeyspiler Michael Del Zotto it leksum nei't er har oanhâldend lestich fallen hie om in ôfspraakje te krijen.[77]

Yn in fraachpetear dat se yn febrewaris 2014 joech oan it tydskrift GQ, stelde Lisa Ann dat sy nei jonge sporters fan 18 oant 20 jier sjocht sa't in protte manlju yn harren middeljierren nei jonge modellen yn linzjery fan Victoria's Secret sjogge. Wat har yn dy jonges oanloek, sei se, wie dat se noch sa nayf en opwûn binne en noch net bedoarn binne troch negativiteit.[73] Op 'e fraach mei hoefolle sporters oft se op bêd west hie, antwurde Lisa Ann: "Yn myn libben yn 'e [porno]yndustry de ôfrûne tweintich of sokssawat jier? In soad. Hûnderten."[73][78] Yn itselde ynterview joech se ek oan dat se it leafst omgiet en seks hat mei spilers fan 'e basketbalkompetysje NBA.[73] Se stelde dat se besocht om net mei ferskate spilers fan ien team te sliepen om 'e teamdynamyk net yn gefaar te bringen, mar joech ta dat it dochs ta ferfelende sitewaasjes liede koe as spilers mei wa't se in relaasje of onenightstand hân hie troch in transfer yn it team bedarren dêr't al in oare eks fan har spile.[73]

Politike foarkar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisa Ann is net lid fan in politike partij en seit dat se harsels ek net mei ien fan 'e beide grutte Amerikaanske politike partijen (de Demokraten en de Republikeinen) identifisearret.[79] Yn oktober 2008 liet se witte dat se by de presidintsferkiezings fan dat jier op 'e Demokratyske kandidaat Barack Obama stimme soe, en dat se yn 'e Demokratyske foarferkiezings in oanhingster fan Hillary Clinton west hie.[79] By de presidintsferkiezings fan 2012 stipe se Obama op 'e nij.[42][80] Lisa Ann hat fierders te kennen jûn dat se it rjocht op wapenbesit stipet.[19]

Lichemsskaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lisa Ann is blank, mei brune eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 51 kg, en cupmaat 38DD,[1][2] dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hie.[2] Nei har twadde comeback, yn 2018, wie dúdlik dat se ûnderwilens har boarsten in stik ferlytsje litten hie.[18] Der wurdt gauris sein dat Lisa Ann ek stútymplantaten sette litten hat, mar dat is net sa.[81] Se hat gjin tatoeaazjes, mar op it mêd fan piercings hat se njonken de wenstige gatsjes troch de earlellen sûnt 2006 wol in nâlpiercing.[1][2]

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2006 CAVR Award wûn comeback-artyste fan it jier n.f.t.
2007 Adam Film World Guide Award wûn comeback fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn bêste comeback n.f.t.
2009 AVN Award wûn milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste aktrise Who's Nailin' Paylin?
Exotic Dancer Award wûn pornoaktrise fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn leaflingsmilf n.f.t.
XFANZ Award wûn milf fan it jier n.f.t.
XRCO Award wûn milf fan it jier n.f.t.
2011 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne Massive Facials 2
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Alexis Ford, Monique Alexander,
Andy San Dimas, Celeste Star en Teagan Presley)
Femme Core
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
AEBN VOD Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
Urban X Award wûn bêste milf-artyste n.f.t.
ynhuldige Urban X Hall of Fame n.f.t.
Xbiz Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste milf-artyste (publykspriis) n.f.t.
wûn bêste yndividuële webside (foar TheLisaAnn.com) (publykspriis) n.f.t.
Urban X Award wûn milf-artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Fantasy Girl
nominearre milf/cougar-artyste fan it jier n.f.t.
NightMoves Award wûn sosjale-mediastjer n.f.t.
XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
nominearre milf fan it jier n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Jules Jordan) Deep Anal Drilling 4
nominearre bêste presintaasje fan in pornostjer Lisa Ann: Can't Say No
wûn bêste milf-produksje (as regisseur) MILF Revolution
wûn meast seksy milf n.f.t.
NightMoves Award wûn bêste cougar/milf-artyste (publykspriis) n.f.t.
Xbiz Award nominearre milf-artyste fan it jier n.f.t.
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre milf fan it jier n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Presley Hart, Holly Michaels,
Maddy O'Reilly en Kristina Rose)
Lisa Ann's School of Milf
nominearre bêste groepsekssêne (mei Veruca James, Mark Anthony, Jason Brown,
Jon Jon, Wesley Pipes en Nat Turnher)
Black Out 2: Jailed 'n Nailed
2016 Xbiz Award wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 1,24 1,25 1,26 1,27 1,28 1,29 1,30 1,31 Biografyske gegevens en filmografy fan Lisa Ann yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD).
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 2,17 2,18 2,19 Biografyske gegevens fan Lisa Ann op FreeOnes.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 3,13 3,14 3,15 3,16 3,17 3,18 3,19 3,20 3,21 3,22 3,23 3,24 3,25 3,26 3,27 3,28 3,29 3,30 3,31 3,32 3,33 3,34 3,35 3,36 3,37 3,38 3,39 3,40 3,41 3,42 3,43 3,44 3,45 Beheinde biografy fan Lisa Ann op Boobpedia.
  4. 4,00 4,01 4,02 4,03 4,04 4,05 4,06 4,07 4,08 4,09 4,10 4,11 4,12 4,13 4,14 4,15 4,16 4,17 4,18 4,19 4,20 4,21 4,22 4,23 4,24 4,25 4,26 4,27 4,28 4,29 4,30 4,31 4,32 4,33 Biografy en filmografy fan Lisa Ann yn 'e Internet Movie Database (IMDb).
  5. 5,0 5,1 5,2 5,3 5,4 5,5 5,6 5,7 5,8 Schilling, Dave, Lisa Ann: How One of Porn's Biggest Stars Transformed into a Fantasy Football Guru, yn The Guardian, 26 jannewaris 2016.
  6. 6,0 6,1 6,2 ——, Interview: School's in Session with Lisa Ann and Belle Knox, op AVN.com, 25 augustus 2014.
  7. 7,0 7,1 7,2 7,3 7,4 Miller, Dan, XBIZ TV: Lisa Ann Teams up with Belle Knox, op Xbiz.com, 22 augustus 2014.
  8. 8,0 8,1 McCracken, Suzie, An Interview with the World's Favorite Porn Star, yn Vice, 13 jannewaris 2014.
  9. 9,0 9,1 ——, What It's Like Being the Internet's Most Popular Porn Star, yn The Daily Dot, 29 augustus 2014.
  10. 10,0 10,1 Snow, Aurora, Porn's Sarah Palin Opens Up About Her Triumphant Return, op The Daily Beast, 10 maart 2018.
  11. 11,0 11,1 11,2 DaBove, Jon, Lisa Ann: MMD Interviews The Queen of Porn, yn: Men's Mag Daily, 9 juny 2014.
  12. 12,0 12,1 12,2 12,3 12,4 12,5 12,6 ——, Lisa Ann Leaves Agenting to Return to Performing, op AVN.com, 16 febrewaris 2006.
  13. 13,0 13,1 13,2 13,3 13,4 Ferguson, John, Porn Star to Play Sarah Paline in Adult Movie of Election is Revealed, yn 'e Daily Record, 13 oktober 2008.
  14. 14,0 14,1 14,2 14,3 Pesce, Nicole Lyn, New Details on Larry Flynt's Sarah Palin Porn Flick, yn 'e Daily News, 6 oktober 2008.
  15. 15,0 15,1 Sullivan, David, 2009 AVN Award-Winners Announced, op AVN.com, 11 jannewaris 2009.
  16. 16,0 16,1 ——, XRCO Announces 2013 Hall of Fame Inductees, op AVN.com, 13 april 2013.
  17. 17,0 17,1 Warren, Peter, 2011 Urban X Award Winners Announced, op AVN.com, 28 july 2011.
  18. 18,0 18,1 18,2 —— "Ten-hut! Welcom to boot camp for porn stars", op CNBC, 17 jannewaris 2015.
  19. 19,0 19,1 Kingstown, Holly, Fleshbot Exclusive: Twenty Questions with Top MILF Performer/Director Lisa Ann, op Fleshbot, 29 maaie 2014.
  20. Ynformaasje oer Cinesex 2 yn 'e Internet Movie Database (IMDb).
  21. Ryan, Rick, Interview with Lisa Ann, yn 'e Qlimax Times Online, sûnder datum (argivearre 8 maart 2008).
  22. ——, Exclusive Interview: Lisa Ann, yn Rock Confidential, 6 maart 2009.
  23. ——, Lisa Ann Becomes Agent for L.A. Direct, op AVN.com, 21 septimber 2005.
  24. Sullivan, David, Lisa Ann Renames Talent Agency, op AVN.com, 1 juny 2007.
  25. Adams, Eddie, Lighthouse Talent Merges with Lisa Ann's Talent Management, op AVN.com, 11 desimber 2007.
  26. Loftus, Cindi, Lisa Ann, op Xcitement, 20 febrewaris 2010.
  27. ——, Lisa Ann's Talent Agency Closes, yn: AVN Magazine, jg. 26, nû. 8, edysje 333, s. 72, augustus 2010.
  28. ——, Suze Randall Unleashes "Bra Bustin' and Deep Thrustin'", op AVN.com, 15 augustus 2006.
  29. 29,0 29,1 29,2 29,3 Hayes, Stephanie, Lisa Ann, a.k.a. Serra Paylin, Brings Her Sarah Palin Act to the RNC in Tampa, yn: de Tampa Bay Times, 23 augustus 2012.
  30. Krypton, Roger, Who's Nailin' Paylin? Adventures of a Hockey MILF, op HustlerWorld.com, 1 oktober 2008.
  31. Garcia, Feliks, Sarah Palin offered to 'keep an eye on' Russia from Alaska, yn The Independent, 12 desimber 2016.
  32. Rodriguez, Ariana, Hustler Shoots "Obama is Nailin' Paylin", op Xbiz.com, 5 novimber 2008.
  33. Sullivan, David, Lisa Ann, "Who's Nailin' Paylin?" on "Entertainment Tonight", op AVN.com, 7 novimber 2008.
  34. Munzenrieder, Kyle, Sarah Palin's Porn Doppelganger Will Be in Tampa for Republican National Convention, yn de Miamia New Times, 24 july 2012.
  35. Letterman's Nailin Palin DVD, op CDuniverse.com.
  36. You're Nailin' Palin DVD, op CDuniverse.com.
  37. Hollywood's Nailin Palin DVD, op CDuniverse.com.
  38. Who's Nailin Palin #2 DVD, op CDuniverse.com.
  39. Bellafante, Ginia, The Palin-Letterman Feud, yn The New York Times, 12 juny 2009.
  40. O'Brien, Jane, Sarah Palin's Stars in New US Reality Television Show, op BBC.com, 15 novimber 2010.
  41. Hess, Amanda, Will Your Boyfriend Slap a Porny Sarah Palin Mask on You Tonight?, yn 'e Washington City Paper, 20 oktober 2009.
  42. 42,0 42,1 Miller, Michael E., Porn Star Lisa Ann on Performing as Sarah Palin in Tampa: "I'm Not Really an Actress, I'm a Mattress Actress", yn de Miami New Times, 22 augustus 2012.
  43. 43,0 43,1 Warren, Peter, Lisa Ann Appears In New Eminem Video, op AVN.com, 25 maart 2009.
  44. Aquino, Tara, A History of Porn Stars in Eminem Videos, yn Complex, 28 juny 2011.
  45. Morris, Chris, The Dirty Dozen: Porn's Most Popular Stars, op CNBC, 5 jannewaris 2011.
  46. Blaustein, Michael, God Bless America: Sarah Palin Lookalike is the #1 Porn Star in the World and Other XXX Facts, yn de New York Post, 12 april 2013.
  47. Kernes, Mark, Lisa Ann's Directorial Debut, Hung XXX, Streets Tuesday', op AVN.com, 21 septimber 2009.
  48. Miller, Dan, Lisa Ann Makes Directorial Debut, Signs Deal with Jules Jordan Video, op Xbiz.com, 2 augustus 2013.
  49. ——, Lisa Ann Prods Releases "MILF Revolution" Monday, August 5", op AVN.com, 5 augustus 2013.
  50. 50,0 50,1 50,2 ——, AVN Announces the Winners of the 2014 AVN Awards, op AVN.com, 19 jannewaris 2014.
  51. 51,0 51,1 51,2 Kobbola, Frank, The Internet's Most-Searched Porn Star Retired with This Note, yn Cosmopolitan, 17 desimber 2014.
  52. 52,0 52,1 Yagielowicz, Stephen, Lisa Ann Teams Up with KIIROO, Fleshlight and Flirt4Free, op Xbiz.com, 20 augustus 2015.
  53. 53,0 53,1 53,2 Boyd, Flinder, How Lisa Ann Went From Porn Star to Fantasy Sports Guru, op FoxSports.com, 11 oktober 2015.
  54. 54,0 54,1 54,2 Kapetaneas, John en Valiente, Alexa, How Lisa Ann Went from Being a Porn Star to a Fantasy Sports Radio Host, op ABC News, 30 novimber 2015.
  55. Bleaney, Rob, Porn Star Lisa Ann Gives up Adult Film Industry for Career in Fantasy Football, yn de Daily Mirror, 16 desimber 2014.
  56. 56,0 56,1 Lisa Ann, Back in Black..., op TheRealLisaAnn.com, 11 jannewaris 2018.
  57. Feldberg, Sarah, MILFs and Cougars Are Here to Stay, yn Las Vegas Weekly, 5 jannewaris 2010.
  58. ——, Lisa Ann Joins AEBN To Promote RealTouch, op AVN.com, 1 desimber 2009.
  59. Rodriguez, Ariana, Fleshlight Announces Lisa Ann as Newest Fleshlight Girl, op Xbiz.com, 1 july 2011.
  60. Kravets, David, Pornstars Decry Piracy in New Video (SFW), op Wired.com, 29 april 2010.
  61. Garrett, Wade, Nikki Benz, Lisa Ann and Sean Michaels to Host XRCO Awards , op AVN.com, 17 febrewaris 2010.
  62. Katz, Lyla, Lisa Ann Lends Voice to "Grand Theft Auto V", op Xbiz.com, 2 oktober 2013.
  63. LaVelle, Ciara, Sarah Palin Porn Doppelganger Lisa Ann Stars in Adult Film Documentary, yn de Miami New Times, 2 maaie 2013.
  64. Gray, Lila, Video: Lisa Ann Stars in Hollywood Undead's "Dead Bite" Music Video, op Xbiz.com, 28 augustus 2013.
  65. Roland, John, Lisa Ann Guest Stars on Showtime's "Billions", op AVN.com, 29 april 2019.
  66. Larsen, Peter, H.B. Porn Actress to Play Sarah Palin in Hustler Adult Video, yn 'e Orange County Register, 3 oktober 2008.
  67. Hlavaty, Craig, Top Five: Even More Porn Stars to Follow on Twitter (SNSFW), yn 'e Houston Press, 7 septimber 2012.
  68. Morris, Chris, Alternate Careers of Porn Stars, op CNBC, 26 jannewaris 2012.
  69. ——, Rob Kardashian Nailin' the Nailin' Palin Chick, op TMZ, 25 novimber 2009.
  70. Harvey, Lydia, Rob Kardashian is Dating Lisa Ann, the "Who's Nailin' Paylin" Porn Star, yn 'e Tampa Bay Times, 25 novimber 2009.
  71. ——, Rob Kardashian Not Dating "Nailin' Paylin" Porn Star, yn Us Weekly, 25 novimber 2009.
  72. I, Laurie, Kardashian Source Dismisses Porn Star Romance, yn 'e San Francisco Chronicle, 26 novimber 2009.
  73. 73,0 73,1 73,2 73,3 73,4 Brown, Myles, "Why I Prefer Having Sex with NBA Players, yn GQ, 13 febrewaris 2015.
  74. McIntyre, Jason, Justin Brent, Notre Dame Receiver, Hanging out with Porn Star Lisa Ann at a Knicks Game, yn The Big Lead, 23 oktober 2014.
  75. Evans, Gavin, Notre Dame Freshman Looks Like He Had a Good Night, yn Complex, 23 oktober 2014.
  76. Draper, Kevin, Notre Dame WR Takes Cute Selfie in Bed with Porn Star Lisa Ann, op Deadspin, 23 oktober 2014.
  77. ——, Porn Star Lisa Ann Calls out Former Rangers Defenseman Michael Del Zotto on Twitter: Now with the Flyers, Del Zotto Spent Time Pestering Lisa Ann to Get Him Dates, According to the Well-known Adult Film Starlet via Twitter, yn 'e New York Daily News, 2 novimber 2014.
  78. ——, Porn Star Lisa Ann: "Why I Love Sleeping with Athletes", op News.com.au, 25 febrewaris 2015.
  79. 79,0 79,1 Iannotti, Lauren, Porn in the U.S.A., yn Marie Claire, 24 oktober 2008.
  80. Bans, Lauren, The GQ+A: Lisa Ann on Playing Sarah Palin, Stripping at the Republican Convention, and Endorsing Obama, yn GQ, 9 augustus 2012.
  81. Lisa Ann: People Always Ask If My Big Butt Is Fake and It's Not!, op YouTube, 18 febrewaris 2015.