Sarah Palin

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sarah Louise Heath Palin
Palin op besite by soldaten fan 'e Alaskaanske Nasjonale Garde yn Koeweit, op 24 july 2007.
Palin op besite by soldaten fan 'e Alaskaanske Nasjonale Garde yn Koeweit, op 24 july 2007.
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
bertedatum 11 febrewaris 1964
berteplak Sandpoint (Idaho)
etnisiteit Flag of Germany.svg Dútsk
Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of England.svg Ingelsk
partij Republikeinske Partij
Gûverneur fan Alaska
amtsperioade 20062009
foargonger Frank Murkowski
opfolger Sean Parnell
boargemaster fan Wasilla
amtsperioade 19962002
foargonger John Stein
opfolger Dianne M. Keller
Gemeenteriedslid fan Wasilla
amtsperioade 19921996

Sarah Palin (folút: Sarah Louise Heath Palin; Sandpoint (Idaho), 11 febrewaris 1964) is in Amerikaansk politika, polityk kommentator en autobiografysk skriuwster.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sarah Palin waard berne yn Sandpoint, yn 'e steat Idaho yn it gesin fan Charles R. "Chuck" Heath, in wis- en natuerkunde en gymnastyklearaar, en Sarah "Sally" Sheeran, in skoalsiktaresse, en wie noch mar in pear moanne âld doe't har heit en mem ferfearen nei Alaska. Yn dy steat groeide hja op yn Skagway (1964-1969), Eagle River (1969-1972) en Wasilla (fan 1972 ôf). Yn 1988, doe't se 24 jier wie, troude se mei Todd Palin, mei wa't se al sûnt har middelbere-skoaljierren ferkearing hie. Mei him soe se úteinlik fiif bern krije: twa soannen, Track (1989) en Trig (2008), en trije dochters, Bristol (1990), Willow (1994) en Piper (2001). Trig, it neikommerke, waard berne mei it Down-syndroom.

Politike Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1992 waard Palin keazen as gemeenteriedslid fan Wasilla foar de Republikeinske Partij, en yn 1996 waard se boargemaster fan Wasilla, wat se twa terminen, oant 2002, bliuwe soe. Nei't it har net slagge wie om it Republikeinske kandidaatskip foar it fise-gûverneurskip fan Alaska yn 'e wacht te slepen, waard se yn 2003 beneamd ta foarsitter fan 'e Alaska Oil and Gas Conservation Commission, dy't it tafersjoch hat oer de feilichheid en effisjinsje op 'e oalje- en gasfjilden fan Alaska. Se krige spul mei in oar lid fan 'e kommisje, Randy Ruedrich, in deilisskip dy't der úteinlik ta late dat sawol sy as Ruedrich yn 2004 opstapten, al waard Palin neitiid troch de rjochter yn it gelyk steld en waard Ruedrich in boete fan $ 12.000,— oplein foar ûnetysk hâlden en dragen.

Sarah Palin yn 2010.

Yn 2006 fersloech Palin yn 'e Republikeinske foarferkiezing de sittende gûverneur fan Alaska, Frank Murkowski, yn 'e striid om it kandidaatskip foar de gûverneursferkiezing, wêryn't se dêrnei koarte metten makke mei de eardere Demokratyske gûverneur fan Alaska Tony Knowles. Palin wie de jongste persoan en de earste frou ea dy't gûverneur fan Alaska waard, wat har barre mocht yn desimber 2006. Yn 2008 waard se troch de doetiidske Republikeinske presidintskandidaat John McCain keazen ta syn running mate, oftewol fise-presidintskandidate, wêrmei't se foar it earst bekendheid krige bûten Alaska en de hegere Republikeinske fermiddens yn 'e Feriene Steaten. Se wie de earste Alaskaan ea dy't foar ien fan 'e beide grutte partijen meidie oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. Doe't ynstee fan John McCain syn Demokratyske rivaal Barack Obama de ferkiezings wûn, wiene foaroansteande Republikeinen der as de roeken by om har dêr de skuld fan te jaan. Ek hie se te lijen fan 'e útsûnderlik populêre pornografyske filmparody dy't Larry Flynt syn Hustler Video oer har makke, titele Who's Nailin' Paylin?, mei pornografysk aktrise Lisa Ann yn 'e haadrol. Alles yn oanmerking nommen, besleat se dat se as oansketten wyld Alaska as gûverneur gjin goed mear die, en dêrom trede se yn july 2009 ôf.

Yn novimber 2009 publisearre Palin har memoires, Going Rogue: An American Life, wêryn't se har politike karriêre beskriuwt (de oantsjutting gone rogue, oftewol "der yn 't wylde wei yn omslaan", waard troch McCain syn kampanjemeiwurkers brûkt om har gedrach oan te tsjutten by de kearen dat se ûnder de presidintsferkiezings rjocht en sljocht sei wêr't it op stie). Fan Going Rogue binne ûnderwilens al mear as twa miljoen eksimplaren ferkocht. Fan jannewaris 2010 ôf is Sarah Palin aktyf as polityk kommentator foar de stjoerder Fox News. Ek is der foar de stjoerder TLC in realitysearje oer har en har gesin makke, mei as titel Sarah Palin's Alaska; de earste ôflevering dêrfan loek it rekôroantal sjoggers (foar TLC) fan fiif miljoen. Op polityk mêd is Palin sûnt 2010 aktyf yn 'e konservative Tea Party, op 'e rjochterfleugel fan 'e Republikeinske Partij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.