Springe nei ynhâld

Pornhub

Ut Wikipedy
Pornhub
algemien
nasjonaliteit Kanadeesk
type privaat
sektor pornografysk webside
haadkertier Montreal (Kebek)
oprjochte 2007
oprjochter Matt Keezer
eigner MindGeek
offisjele webside
www.pornhub.com

Pornhub (Ingelsk foar "Pornoknooppunt") is in Kanadeeske webside dêr't pornografyske films besjoen en dield wurde kinne. It is de grutste (hoewol net de populêrste) pornografyske webside op it ynternet, dy't sawol profesjonele as amateurpornografy oanbiedt. Pornhub waard yn 2007 oprjochte en is fêstige yn Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek. Dêrnjonken hat it bedriuw ek kantoaren yn San Francisco, Houston en New Orleans yn 'e Feriene Steaten, en yn Londen yn Grut-Brittanje. Yn maart 2010 waard Pornhub oernommen troch MindGeek (foarhinne bekend as Manwin).

Pornhub waard begjin 2007 oprjochte troch ynternetûnwikkelder Matt Keezer as in pornografyplatfoarm binnen it gruttere ferbân fan Interhub. Yn maart 2010 waard it bedriuw oankocht troch de Dútske sakeman Fabian Thylmann, wêrnei't it ûnderbrocht waard by dy syn Manwinkonglomeraat, dat letter omneamd waard ta MindGeek. Dêrbinnen makket Pornhub no ûnderdiel út fan it Pornhub NETWORK, mei ferskate oare pornografyske fideo-útwikselingswebsiden, lykas YouPorn, RedTube en PornMD. Yn 2009 hiene Pornhub, RedTube en YouPorn mei-inoar yn totaal mear as 100 miljoen yndividuële besikers. MindGeek is ek eigner fan 'e Amerikaanske filmstudio Digital Playground, fan 'e pornowebsiden Brazzers en Reality Kings en fan 'e keabeltillefyzjestjoerder Playboy TV.

Op Pornhub kinne besikers pornografyske fideo's út ferskate kategoryen besjen, wêrûnder behalven profesjonele kategoryen ek amateurpornografy. Dêrby kin men gebrûk meitsje fan in stikmannich tsjinsten, lykas it dielen fan sokke fideo's fia sosjale media, en teffens kin men se like of dislike. As men in fergese account op Pornhub oanmakket, kin men boppedat kommentaar efterlitte op 'e fideo's, de fideo's downloade of in list fan favoriten gearstalle, en ek jins eigen fideo's uploade. Fideo's mei yllegale ynhâld, dy't har bgl. net oan auteursrjochten hâlde of dy't wetlik ferbeane foarmen fan seks sjen litte (ferkrêfting, seksuële oantaasting, yllegaal makke downblouse- of upskirtfilmkes, ensfh.), wurde daliks fan 'e webside ferwidere sadree't se opmurken wurde. Oare besikers wurde oanfitere om sokke fideo's te markearjen, sadat se foar behearders makliker op te spoaren binne.

Oare wurkmêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 2015 kundige Pornhub oan dat it bedriuw fan doel wie om in pornofilm te meitsjen wêryn't foar it earst wiere seksuële omgong yn in romteskip yn in baan om 'e Ierde te sjen wêze soe. Akteurs Johnny Sins en Eva Lovia waarden ree fûn om 'e rollen yn dizze fideo op har te nimmen, en soene in healjier lang astronautetrening ûndergean. It wie de bedoeling dat dizze fideo yn 2016 makke wurde soe, mar dat kaam der net fan. It is no ûndúdlik oft dit projekt noch trochgong fine sil. Op 1 febrewaris 2016 sette Porhub fierders útein mei in eigen online-kasino.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.