Exotic Dancer Award

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Exotic Dancer Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar striptease
útrikt troch Exotic Dancer
frekwinsje 1x jiers
plak Las Vegas (Nevada)
1e útrikking 1997
offisjele webside
www.theedawards.com

De Exotic Dancer Awards (ek wol ôfkoarte ta de ED Awards) binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste strippers. Dizze prizen wurde útrikt troch it tydskrift Exotic Dancer ("eksoatysk dûnseresse" is in Amerikaansk eufemisme foar "stripper"), op 'e Annual Adult Nightclub & Exotic Dancer Awards Show, te Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. De earste útrikking fan 'e Exotic Dancer Awards fûn plak yn 1997. De prizen wurde takend op grûn fan in stimming ûnder de fans.

Neffens de eigen webside wurde de Exotic Dancer Awards wol de Oskars fan 'e 18+ nachtklubyndustry neamd. It is wier dat se ek bûten it eigen fermidden in beskate ferneamdens genietsje, dy't benammentlik feroarsake wurdt troch it feit dat in soad strippers ek aktyf binne as pornoaktrise, en sadwaande al bekend binne as se dizze priis winne. Guon winners fan in Exotic Dancer Award binne Lovette, Nina Mercedez, Cherokee en Jesse Jane.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: