Free Speech Coalition

Ut Wikipedy
Free Speech Coalition
algemiene ynformaasje
ôfkoarting FSC
nasjonaliteit Amerikaansk
type org. non-profitorganisaasje
wurkmêd tsjingean fan sinsuer yn 'e F.S.
haadkertier Canoga Park (Kalifornje)
oprjochte 1992
fuortk. út Free Speech Legal Defense Fund
Adult Film Association of America
offisjele webside
www.freespeechcoalition.com

De Free Speech Coalition (FSC), oftewol de "Koälysje foar Frijheid fan Mieningsutering", is in non-profitfakferiening fan 'e Amerikaanske pornoyndustry dy't fêstige is yn Canoga Park, in wyk fan Los Angeles. De organisaasje ûntstie yn 1992 troch de fúzje fan it Free Speech Legal Defense Fund ("Gerjochtlike Ferdigeningsfûns foar Frijheid fan Mieningsutering"), dat oprjochte wie yn 1991, en de Adult Film Association of America ("Pornografyske Filmferiening fan Amearika"), dy't al sûnt 1969 bestie.

Doelen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FSC stelt him ta doel om yn 'e Feriene Steaten sinsuer en it neilibjen fan wetjouwing op it mêd fan obseniteit safolle mooglik tsjin te gean. Dat wurdt besocht te dwaan troch it ynsetten fan profesjonele wurkkrêften dy't yn 'e Kalifornyske haadstêd Sacramento en de federale haadstêd Washington, D.C. lobbye foar frijheid fan mieningsutering en tsjin wetlike maatregels dy't dy frijheid oan bannen lizze. Yn útsûnderlike gefallen hat de FSC it Amerikaanske regear sels foar de rjochter dage om in spesifike beheining fan it rjocht op frijheid fan mieningsutering werom te draaien.

Pornoaktrise Nina Hartley jout de iepenings-taspraak op 'e útrikking fan 'e Free Speech Coaltion Awards yn 2009.

Dat barde bygelyks yn 1996, doe't it Amerikaanske regear simulearre bernepornografy ferbiede woe, dêr't ek films ta rekkene waarden wêryn't minderjierrigen dy't spile waarden mearderjierrige akteurs seksuële hannelingen ferrjochten. Net allinnich pornografyske films wêryn't soks barde, mar ek ferneamde mainstream-films as Fast Times at Ridgemont High, Return to the Blue Lagoon, Porky's en Dirty Dancing soene dêrtroch ta bernepornografysk materiaal bestimpele wurde. Yn 2002 waard de FSC troch it Amerikaanske Heechgerjochtshôf yn dizze kwestje yn it gelyk steld (yn 'e saak Ashcroft v. Free Speech Coalition), en waard de wet tsjin simulearre bernepornografy neatich ferklearre.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De FSC rikt sels ek prizen út, de saneamde Free Speech Coalition Lifetime Achievement Awards. Dat binne oeuvreprizen, wêrmei't persoanen út 'e Amerikaanske pornoyndustry eare wurde foar harren jierrenlange bydrage oan it eroatysk fermaak. De FSC Lifetime Achievement Awards, dy't yn in stik as sân kategoryen útrikt wurde, komme fuort út 'e oeuvreprizen dy't fan 1988 oant 1992 útrikt waarden troch de AFAA, en dy't sels wer woartele wiene yn 'e bredere Erotic Film Awards fan 'e AFAA, dy't fan 1977 oant 1986 bestiene. De FSC Lifetime Achievement Awards binne yn it ferline takend oan û.o. pornoaktrises Christy Canyon, Jill Kelly, Juli Ashton en Shayla LaVeaux, pornoakteurs Randy West, Ron Jeremy (twaris), Tom Byron, Peter North en Sean Michaels, regisseur John Stagliano (twaris) en produsint Larry Flynt (twaris).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan 'e Free Speech Coalition

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.