Kim Kardashian

Ut Wikipedy
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Kardashian yn 2019.
Kardashian yn 2018.
Kardashian yn 2009.

Kimberly Noel "Kim" Kardashian (Los Angeles, 21 oktober 1980) is in Amerikaanske styliste, aktrise, model en telefyzjebekendheid fan Armeensk, Nederlânsk en Skotsk komôf.[1] Se is fral bekend troch har turbulinte priveelibben, realityshow Keeping Up with the Kardashians. Teffens hat sy in moade- en in parfumline.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kardashian is de dochter fan de Iraanse Robert Kardashian (1944-2003), dy't bekend wurden is as abbekaat fan de destiids fan moard beskuldige O.J. Simpson. Har mem is Kris Jenner (Houghton, San Diego, 1955). Sy hat in âldere suster, Kourtney (1979), in jongere suster, Khloe (1984), in jongere broer, Robert Jr. (1987) en twa healsusters, dyt har mem krige mei atleet Bruce Jenner: Kylie en Kendall. Fia Jenner hat Kim Kardashian ek styfbroers Burton, Brandon en Brody en styfsuster Casey. Al dy sibben hawwe in rol yn de rige Keeping Up With The Kardashians, útsein Robert Kardashian, dy't nei syn skieding fan Kris Jenner oan kanker stoar.

Sekstape[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kardashian har priveelibben waard net folle oer praat oant der in fideobân foar it ljocht kaam dêr't op te sjen wie hoe't sy seks hie mei har freon fan doe R&B sjonger Ray J (de broer fan sjongster Brandy). Sy klage Vivid Entertainment oan, dy't de bân útbrocht hie. Nei in skikking fan fiif miljoen dollar luts sy de oanklacht yn.

Aktivisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kardashian stipet de erkenning fan de Armeenske genoside yn it iepenbier sa faak at sy kin en hat Barack Obama en it regear fan de Feriene Steaten oantrune de genoside ta te jaan.

Op 1 april 1 2010 die Kardashian mei oan Cyndi Lauper har Give a Damnkampanje dy't liede moast ta in breder bewustwêzen fan diskriminaasje fan de LGBT-mienskip yn it ramt fan har True Colors Fund. De kampanje rôp hetero's op om it op te nimmen foar homo's, lesbyske froulju, biseksuelen, transgenders en de diskriminaasje te stopjen.

Kim Kardashian yn 2009.

Films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Televisie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Monuments and momentous times in Monte Carlo, kimkardashian.celebuzz.com