Springe nei ynhâld

Seymore Butts

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Lighthouse Talent Agency)
Seymore Butts
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Bubba Brando, Bubba Butts
echte namme Adam Glasser
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 maart 1964
berteplak New York (New York)
etnisiteit Joadsk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur, regisseur,
produsint
jierren aktyf 19902012
offisjele webside
www.team-tushy.com

Seymore Butts, echte namme: Adam Glasser (New York, 18 maart 1964), is in Amerikaansk pornoakteur, -regisseur en -produsint fan Joadsk komôf, dy't yn it begjin fan syn karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Bubba Brando en Bubba Butts. Hy hat hûnderten pornografyske films fan it gonzo-sjenre op syn namme stean. Syn artystenamme is in wurdspiling, mei't dy útsprutsen wurdt as see more butts ("sjoch mear kontsjes"). Bûten de pornoyndustry hat Butts fan 2003 ôf bekendheid krigen troch de realitysearje Family Business, dy't ek op 'e Nederlânske tillefyzje útstjoerd is.

Butts waard yn 1964 berne yn 'e New Yorkske de Bronx, as de middelste yn in gesin mei trije bern. Oan 'e ein fan 'e jierren tachtich ferfear er nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er in sportskoalle iepene dy't er altemets ferhierde as filmlokaasje. Nei't der yn 1990 in sêne opnommen wie foar de film Buttman's Ultimate Workout, fan 'e legindaryske pornoregisseur en -produsint John Stagliano (better bekend as "Buttman"), betocht er dat der mear jild te fertsjinjen wie mei oare dingen as sportskoallen. Yn syn eigen wurden (út in letter fraachpetear): "Ik besefte dat ik yn 'e ferkearde brâns siet."

Butts beprate Stagliano om him syn ark en reau te lienen, sadat Butts syn eigen sêne opnimme koe, dy't er dêrnei sûnder fan ophâlden witte te wollen op 'e CES-konvinsje yn Las Vegas oan 'e man besocht te bringen. Uteinlik waard er yn 'e tsjinst nommen troch Factory Home Video. Hy naam de artystenamme "Seymore Butts" oan, rjochte syn eigen label Seymore Butts Home Movies op as dochterûndernimming fan Factory, en sette útein mei syn pornokarriêre.

Syn earste echte film wie Adventures of Seymore Butts, út 1992. Fan it begjin ôf oan makke Butts gebrûk fan 'e út 'e losse hân wei opnommen foarm fan sabeare realityferslachjouwing (oftewol gonzo), dy't er ôfsjoen hie fan Stagliano. Dat wie krekt yn 'e tiid dat dat soarte fan pornofilms tige populêr begûn te wurden, en boppedat koste it in stik minder as it meitsjen fan in echte feature-film, mei in filmset, profesjonele kamera- en lûdslju, regisseur en produksjefasiliteiten. Mei syn films hie Butts grut súkses; sa wûn û.m. twa jier efterinoar de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) foar bêste gonzo-rige. Yn 2004 waard er ynhuldige as lid fan 'e XRCO Hall of Fame, en in jier letter fan 'e AVN Hall of Fame. Yn totaal Hat Butts neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) 171 films regissearre, wêrfan't er yn 134 ek aktyf meispile hat. Hy wurke as akteur gear mei aktrises as Danyel Cheeks, Devin DeRay, Allura Eden, Jada Fire, Taylor Hayes, Kylie Ireland, Keisha, Bridgette Kerkove, Heather Lee, Mary Jane, Jordan McKnight, Mari Possa, Adriana Sage, Shane, Stephanie Swift, Tiffany Towers, Bianca Trump, Flower Tucci en Kathy Willets. Mei aktearjen hold er yn 2012 op, mar as regisseur en produsint is er noch altiten aktyf.

Mari Possa.

Yn 1995 ferliet Butts Factory Home Video om oer te stappen nei Ultimate Video. Dat rûn út op in slepende rjochtsaak, mei't Factory bewearde dat sy de rjochten op 'e namme "Seymore Butts" yn eigendom hiene. Uteinlik waard Butts feskate jierren letter fanwegen in proseduereflater yn it gelyk steld. In noch dregere rjochtsgong fûn plak yn 2001-2002, nei't de plysje fan Los Angeles yn desimber 2000 nei oanlieding fan in anonime tip hûssiking dien hie op Butts syn kantoar. Hy waard oanklage foar obseniteit, fanwegen in sêne yn 'e film Tampa Tushy Fest 1, út 1998 (dy't yn 2000 de AVN Award yn 'e kategory bêste lesbyske sekssêne wûn hie), dêr't faginale fisting (it ynbringen fan 'e hiele hân yn 'e fagina) yn te sjen wie. Butts ûntkende dat er dêrmei de Kalifornyske wet oertrêde hie, en kaam úteinlik mei de oanklager ta oerienstimming dat er tajaan soe skuldich te wêzen oan fersteuring fan 'e iepenbiere oarder. Yn ruil dêrfoar liet it Iepenbier Ministearje de swierdere oanklacht fan it distribuëarjen fan obseniteit falle. Butts betelle in boete fan $1.000 en wie doe fan 'e saak ôf. Hy mocht fan dat stuit ôf sels de ûnsinsurearre ferzje fan Tampa Tushy Fest 1 yn Kalifornje oan 'e man bringe, mar it bleau him dwers sitten. Neitiid joech er him aktyf by de Free Speech Coalition (FSC), in organisaasje wêryn't de Amerikaanske pornoyndustry him feriene hat tsjin sinsuer fan oerheidswegen. Yn 2005 kaam er yn it bestjoer fan 'e FSC.

Fan 2003 oant 2006 waard Butts bekend by in breder publyk, fanwegen de realitytillefyzjerige dy't der doe oer him makke waard, mei as titel Family Business. De searje folge Butts yn syn profesjonele bestean, bgl. by it meitsjen fan films, mar ek yn syn priveelibben en by alle absurde sitewaasjes dêr't in ferneamd pornoakteur en -produsint foar komt te stean. De sjoggers kamen yn 'e kunde mei Butts syn mem, Lila Glasser, en syn sechstichjierrige neef Stevie Glasser, dy't him helpe om syn "famyljebedriuw" (dêrfandinne de titel) te runnen, en ek mei syn sânjierrige soan en syn nije freondinne Mari Possa, wa har yntrede yn 'e pornoyndustry oft wiidweidich beljochte waard.

Yn 2005 rjochte Butts in eigen ympressariaat op, mei as namme Lighthouse Talent Agency, foar sawol manlike as froulike pornoakteurs. It bedriuw gie yn 2007 op yn Lisa Ann's Talent Management fan pornoaktrise Lisa Ann.

Jierrenlang wurke Butts nau gear mei pornoaktrise Shane, mei wa't er yn 1994 yn 'e kunde kaam. Ek privee krigen hja in relaasje. Yn 1997 rekken se lykwols mei slaande rûzje útinoar. Dêrnei krige er in hoart in relaasje mei pornoaktrise Taylor Hayes, mei wa't er ek al jierrenlang gearwurke hie, en dy't yn 1996 in soan fan him krigen hie. Yn 1997 yntrodusearre Butts yn syn films ek de saneamde Tushy Girls ("Kontsjefammen"), Samantha Stylle, Alisha Klass en Halli Aston. Uteinlik hied er mei elts fan harren wol in skoftke in relaasje. Fan 2003 ôf gied er ferskate jierren mei pornoaktrise Mari Possa, sa't bliken die út Family Business. Yn 'e lêste ôflevering fan dy realitysearje, opnommen yn 2006, wie te sjen hoe't harren relaasje úteinlik op 'e non rûn.

Prizen en nominaasjes (ûnfolsleine list)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Priis Resultaat Kategory Foar syn optreden yn
1999 AVN Award wûn bêste gonzo-searje Seymore Butts-rige
2000 AVN Award wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) Tampa Tushy Fest 1
wûn bêste gonzo-searje Seymore Butts-rige
2004 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2005 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
XRCO Award wûn mainstream-pornomediafavoryt (dield earste plak mei Jenna Jameson) n.f.t
2007 AVN Award nominearre crossover-stjer fan it jier n.f.t.
2013 Xbiz Award nominearre regisseur fan it jier (non-feature-publikaasje) Pool Party at Seymore's, Vol. 3

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.