Fantasijsport

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Fantasijsport of fantasysport (ek, mar minder algemien, bekend as rotissery of roto) is in soarte fan spultsje dat faak spile wurdt oer it ynternet. De dielnimmers stalle dêrby tinkbyldige of firtuële teams gear, besteande út echte spilers fan in profesjoneel beoefene sport. Dy teams wurde dan tsjininoar ynset yn in ûnderlinge kompetysje, wêrby't de útslaggen fan 'e wedstriden basearre binne op 'e statistyske prestaasjes fan 'e echte spilers yn echte wedstriden. Dy prestaasjes wurde dan omset yn punten dy't gearstald en opteld wurde neffens in spylopstelling dy't útkeazen is troch 'manager' fan it fantasijteam. It puntesysteem kin ienfâldich genôch wêze dat it mei de hân byholden wurde kin troch in 'kompetysjekommissaris', dy't de hiele kompetysje bewurkmasteret en koördinearret. Mar it kin ek wêze dat der foar it byhâlden fan it puntesysteem ferlet is fan in kompjûterprogramma, dêr't de echte prestaasjes en resultaten fan 'e wiere spilers fan 'e sport yn ynfierd wurde. Yn fantasijsporten kinne de managers fan 'e fantasijteams spilers keapje en ferkeapje krekt sa't dat yn 'e echte sport ek dien wurdt.

Fantasijsport is in ferskynsel dat yn 'e Feriene Steaten ûntstien is en alhiel weromgiet oant koart nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Fantasijgolf ûntstie yn 'e twadde helte fan 'e 1950-er jierren, fantasijhonkbal yn 1960 en Amerikaansk fantasijfuotbal yn 1962. Benammen nei de ynfiering fan it ynternet naam it in grutte flecht. Yn 2003 wiene der neffens de Fantasy Sports Trade Association yn 'e Feriene Steaten allinnich al by Amerikaansk fantasijfuotbal 15 miljoen minsken belutsen, dy't der trochinoar yn 't jier $150 oan útjoegen, sadat der jiers $1,5 miljard yn omgie. Yn 2013 skreau it tydskrift Forbes dat 32 miljoen Amerikanen jiers trochinoar $467 oan Amerikaansk fantasijfuotbal útjoegen, wat yn it jier delkaam op $15 miljard. Dat jild wurdt benammen bestege oan software, apps en oare nedichheden, en, yn steaten dêr't dat legaal is, oan it ôfsluten fan weddenskippen op 'e útkomsten fan fantasijsportwedstriden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.