Teledildoanika
Teledildoanika, ek wol cyberdildoanika neamd, is in type technology dat ûntwikkele is foar seks op ôfstân (of alteast mienskiplike masturbaasje op ôfstân). Dêrby kin it gean om op ôfstân betsjinbere fibrators en oar op ôfstân bestjoerber seksboartersguod, dat brûkt wurde kin om 'e partner seksueel op te winen (lykas de produkten fan OhMiBod, Lovense en We-Vibe). It kin lykwols ek gean om in keppele dildo en masturbator, dêr't 'echte' seks mei simulearre wurde kin (lykas RealTouch).
Dêrby wurdt gefoel fia in ynternetlink oerbrocht fan in spesjaal ûntwikkele dildo dy't troch ien fan 'e sekspartners brûkt wurdt, nei in masturbator dy't troch de oare fan 'e sekspartners oer syn penis hinne pleatst is. Sokke apparatuer kin net inkeld ynset wurde foar seks tusken pearkes yn relaasje, mar ek tusken webcamgirls en harren klanten. In ienfâldiger (want net live) foarm is in yn 't foar ynladen programma yn 'e masturbator dat de wize fan it streakjen fan 'e penis syngronisearret mei de (opnommen) bylden fan in ynternetfideo fan in model.
Teledildoanysk seksboartersguod kin beskôge wurde as in ûnderdiel fan it ynternet fan de dingen. In apart soarte teledildoanika wurdt no bluedildonics neamd om't it seksboartersguod fan op ôfstân betsjinne wurde kin fia in bluetooth-link.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |