Springe nei ynhâld

Condoleezza Rice

Ut Wikipedy
Condoleezza Rice
politikus
echte namme Condoleezza Rice
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 14 novimber 1954
berteplak Birmingham (Alabama)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
partij Republikeinske Partij
Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 20052009
foargonger Colin Powell
opfolger Hillary Rodham Clinton
Amerikaansk nasjonaal feilichheidsadviseur
amtsperioade 20012005
foargonger Sandy Berger
opfolger Stephen Hadley

Condoleezza Rice (ropnamme: Condi; Birmingham (Alabama), 14 novimber 1954), is in Amerikaansk politika, publisiste, politikologe en pianiste fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja wurke ferskate jierren yn akademyske funksjes oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Stanford, en rekke yn 'e iere jierren njoggentich belutsen by it regear fan presidint George H.W. Bush. Doe't dy syn soan George W. Bush yn 2001 presidint waard, frege er Rice om syn nasjonaal feilichheidsadviseur te wurden. Yn dy hoedanichheid tsjinne se fjouwer jier, oant se ûnder Bush syn twadde termyn as presidint, fan 2005 oant 2009, opskode nei de posysje fan minister fan Bûtenlânske Saken. Rice wie de twadde froulike en de twadde Afro-Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Feriene Steaten. Nei't yn 2009 de Demokraat Barack Obama oan 'e macht kaam, waard Rice wer heechlearaar te Stanford.

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rice waard berne yn 1954, yn Birmingham, yn 'e Súdlike steat Alabama, as de dochter fan John Wesley Rice jr., in skoaldekaan en presbyteriaansk predikant, en Angelena Ray, in leararesse muzyk, wis- en natuerkunde en wolsprekkendheid oan 'e middelbere skoalle. Har foarnamme "Condoleezza" is ûntliend oan 'e muzykterm con dolcezza, dat Italjaansk is foar "mei swietens". Rice har foarâlden waarden foar de Amerikaanske Boargeroarloch as slaven út Afrika helle, mar doe't se meiwurke oan 'e tillefyzjesearje Finding Your Roots kaam Rice der troch DNA-ûndersyk efter dat se ôfstammet fan 'e Tikar, in etnyske groep út Kameroen.

Yo-Yo Ma en Condoleezza Rice nei harren optreden op 22 april 2002, op 'e útrikkingsseremoanje fan 'e National Medal of Arts Award en de National Humanities Medal Award.

Rice groeide op yn 'e wyk Titusville fan Birmingham, yn in tiid dat yn it Amerikaanske Suden de rasseskieding noch fan krêft wie. Doe't se trije jier wie, krige se al lessen yn Frânsk, muzyk, ballet en keunstriden. Op har fyftjinde sette se útein mei pianolessen, mei as doel om in konsertpianiste te wurden. Hoewol't dat úteinlik oars betearde, ûnderhâldt se har feardichheid op 'e piano noch altyd, en treedt se gauris op mei in keamermuzykgroep. Teffens hat se optredens fersoarge mei û.o. de wrâldferneamde sellist Yo-Yo Ma.

Nei't se yn 1967 mei har âlden nei Denver, yn Kolorado, ferfearn wie, folge Rice har middelbere-skoaloplieding oan in roomsk-katolike famkesskoalle, dêr't se yn 1971 har diploma helle. Se sette doe útein mei in stúdzje oan 'e Universiteit fan Denver, dêr't har heit assistint-dekaan wie. Oarspronklik wie it noch altyd har bedoeling om pianiste te wurden, mar doe't se einlings foar 't ferstân krige dat se te min talint hie om harsels dêrmei ûnderhâlde te kinnen, begûn se om te sjen nei in oar haadfak. By in kolleezje ynternasjonale polityk, dat jûn waard troch Josef Korbel (de heit fan Madeleine Albright, dy't it letter krekt as Rice bringe soe ta minister fan Bûtenlânske Saken), rekke Rice fasinearre troch ynternasjonale relaasjes. Fan gefolgen foel har kar foar haadfak op politikology. Dêryn studearre se yn 1974, doe't se noch mar njoggentjin jier wie, ôf mei in bachelorstitel. Yn 1975 behelle se in masterstitel yn politikology oan 'e Universiteit fan Notre Dame te South Bend, yn Indiana. Har doktoraat yn deselde stúdzje behelle se yn 1981 oan 'e Universiteit fan Denver, mei in proefskrift oer kommunistysk Tsjechoslowakije.

Condoleezza Rice by in fraachpetear yn 2005.

Akademyske karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1981 oant 1987 wie Rice assistint-heechlearaar politikology oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Stanford, yn it Kalifornyske Palo Alto. Yn 1987 waard se promovearre ta fol heechlearaar, en dy post hold se oant 1993. Dêrby wie se spesjalisearre op it mêd fan 'e Sovjet-Uny. By in gearkomste oan 'e universiteit loek Rice yn 1985 de oandacht fan Brent Scowcroft, dy't nasjonaal feilichheidsadviseur west hie ûnder presidint Gerald Ford. Doe't hy yn 1989 ûnder George H.W. Bush op 'e nij dy posysje taparte krige, frege er Rice om as Sovjet-ekspêr sitting te nimmen yn 'e Amerikaanske Nasjonale Feilichheidsrie. Neffens sizzen stipe Bush by syn gedoente mei Sovjet-lieder Michaïl Gorbatsjov en de Russyske presidint Boris Jeltsin swier op 'e advizen dy't er fan Rice krige.

Yn 1991 kearde Rice nei Stanford werom, om't se dêr har heechlearaarskip ferlieze soe as se langer as twa jier ôfwêzich wie. Dêr waard se neitiid de beskermelinge fan George Shultz, dy't minister fan Bûtenlânske Saken west hie ûnder Ronald Reagan. Fia Shultz kaam Rice û.m. yn kontakt mei de oaljemaatskippij Chevron, dy't in kontrakt mei Kazachstan ôfslute woe. Rice hie de Kazachske presidint Nursultan Nazarbajev alris met, en mei har help waard de oerienkomst ter wearde fan $10 miljard ôfsletten. Yn 1993 waard Rice oansteld as provoast fan 'e Universiteit fan Stanford, wêrby't se sizzenskip krige oer de hiele finansjele kant fan it universiteitsbestjoer. Dy post behold se oant 1999.

In parsekonferinsje by it Wite Hûs, yn 2002. (F.l.n.rj.: nasjonaal feilichheidsadviseur Condoleezza Rice, minister fan Bûtenlânske Saken Colin Powell, presidint George W. Bush en minister fan Definsje Donald Rumsfeld).

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rice hie foar it earst yn 1977 foar it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken wurke, as stazjêre ûnder it regear fan 'e Demokratyske presidint Jimmy Carter. Yn 1982 feroare se har politike kar en waard se lid fan 'e Repbulikeinske Partij. Yn 1999, ûnder de presidintskampanje fan George W. Bush, naam se in sabbatical oan 'e universiteit om him te helpen en wurd presidint. Doe't dat slagge, en Bush yn jannewaris 2001 ynhuldige waard, beneamde er har ta syn nasjonaal feilichheidsadviseur.

Rice wie de earste frou dy't dy post ferfolle. Har termyn stie fierhinne yn it teken fan 'e oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon op 9/11. Hja wie in foarstanner fan 'e Ynfaazje fan Irak, yn 2003, wêrby't se krekt as oare saakkundigen úthold dat de Iraakske diktator Saddam Hussein oer massaferneatigingswapens beskikte (wat efterôf net wier bliek te wêzen). Dêrnjonken spile Rice nei't it skynt in promininte rol yn it proses wêrby't it regear-Bush syn goedkarring joech oan 'e martelpraktiken (waterboarding, sliepûnthâlding, ensfh.) dy't de CIA en oare Amerikaanske oerheidsynstânsjes brûkten by it ferhear fan terroristyske fertochten. Rice ferklearre letter sels dat dy goedkarring net by har weikaam, mar dat se dy inkeld trochjûn hie oan 'e CIA.

Condoleezza Rice begroetet Amerikaansk militêr personeel by in besyk oan 'e Amerikaanske ambassade yn Bagdad, yn maaie 2005.

Doe't George W. Bush by de presidintsferkiezings fan 2004 in twadde termyn wûn, folge Rice begjin 2005 de desyllúzjonearre Colin Powell op as minister fan Bûtenlânske Saken. Hja wie de twadde frou dy't dat amt beklaaide (nei Madeleine Albright) en teffens de twadde Afro-Amerikaan (nei Colin Powell). By har befêstiging troch de Amerikaanske Senaat krige se 85 stimmen foar en 13 stimmen tsjin. Dat wie it grutste tal tsjinstimmen by de befêstiging fan in minister fan Bûtenlânske Saken sûnt 1825. Har tsjinstanners wiene Demokraten dy't Rice en it regear-Bush ferantwurdlik hâlde woene foar harren flaters yn 'e Irakoarloch en de Oarloch tsjin it Terrorisme.

As minister gie Rice lykwols op deselde foet fierder. Se bleau djip behelle yn 'e it Amerikaanske belied oangeande de oarloggen yn Irak en Afganistan, en de striid tsjin it ynternasjonale terrorisme fan islamityske ekstremisten. Dêrnjonken stie se de útwreiding fan 'e demokrasy yn 'e wrâld foar, mei't ûnderdrukking en wanhope neffens har alteast foar in part de oanslaggen fan 9/11 feroarsake hiene. Fierders joech Rice ek lieding oan in yngeande reorganisaasje fan it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken en de Amerikaanske diplomatike tsjinst. Se reizge in protte en lei dêrby foar it regear-Bush de grûnslach foar de kontakten oangeande in grut tal diplomatike kwestjes. Se krige lykwols in protte krityk, net yn it lêste plak fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip, dy't har foar in part as in ferriedster seach. Fral nei't se de Amerikaanske Boargerrjochtebeweging fan Martin Luther King derby helle om 'e Amerikaanske ynfaazje fan Irak te behimmeljen, koe se by in protte swarte Amerikanen gjin goed mear dwaan. Der waard fan har sein dat se "inkeld by tafal" swart wie. By in fraachpetear yn 2005 sei Rice sels oer soksoarte krityk: "It sit sa: ik bin myn hiele libben al swart. Net ien dy't my hoecht te fertellen hoe't ik swart wêze moat."

Rice by in besyk oan it Boston Kolleezje, yn 2006.

Nei de ein fan Bush syn twadde termyn as presidint, doe't er opfolge waard troch de Demokraat Barack Obama, kearde Rice werom de Universiteit fan Stanford, dêr't se wer heechlearaar politikology waard. Dêrnjonken waard se lid fan 'e Rie foar Bûtenlânske Relaasjes, en skreau se twa autobiografyen: Extraordinary, Ordinary People: A Memoir of Family (2010), oer har jonkheid, en No Higher Honor: A Memoir of My Years in Washington (2011), de memoires fan har funksjes yn it regear-Bush. Yn 2011 spile se ek harsels by in gastoptreden yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje 30 Rock, yn 'e ôflevering Everything Sunny All the Time Always, wêrby't se in duël op it mêd fan klassike muzyk oangie mei Jack Donaghy, it personaazje fan akteur Alec Baldwin, dat earne yn it ferline in (fiktive) relaasje mei Rice hân hawwe soe.

Rice, presidint George W. Bush en fise-presidint Dick Cheney ôfbylde yn finzenepakjes, by in optocht op Martin Luther King Dei, yn Seattle, yn 2006.

Yn 'e 1970-er jierren wie Condoleezza Rice koarte tiid ferloofd mei de Amerikaansk footballspiler Rick Upchurch. Neffens har biograaf Marcus Mabry ferbriek se dy relaasje om't se der gjin takomst yn seach. Yn 1985 stoar Rice har mem, Angelena Ray Rice, mei 61 jier oan boarstkanker. Yn 1989 wertroude har heit, John Wesley Rice jr., mei in Clara Bailey, mei wa't er troud wie oant syn ferstjerren yn desimber 2000, doe't er 77 jier wie. Rice sels is net troud en hat dat ek nea west en hat gjin bern.

  • The Soviet Union and the Czechoslovak Army: Uncertain Allegiance, 1984 (Princeton University Press), ISBN 0 69 10 69 212
  • The Gorbachev Era (red., mei Alexander Dallin), 1986 (Stanford Alumni Association), ISBN 0 91 63 18 184
  • Germany Unified and Europe Transformed: A Study in Statecraft (mei Philip D. Zelikow), 1995 (Harvard University Press), ISBN 0 67 43 53 242
  • Campaign 2000: Promoting the National Interest, 2000, yn: Foreign Affairs
  • The Strategy of Campaigning: Lessons from Ronald Reagan and Boris Yeltsin (mei Kiron K. Skinner, Serhiy Kudelia en Bruce Bueno de Mesquita), Ann Arbor, 2007 (University of Michigan Press), ISBN 978-0 47 20 33 195
  • Extraordinary, Ordinary People: A Memoir of Family, 2010 (Crown Archetype), ISBN 978-0 30 75 87 879
  • No Higher Honor: A Memoir of My Years in Washington, 2011 (Crown Archetype), ISBN 978-0 30 75 87 862

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.