Fleshlight

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De ferskillende de fleshlights: f.l.n.rj.: pink stealth ("rôze stikemens"), mouth ("mûle"), lady ("dame") en butt ("kont").

Fleshlight is in Amerikaansk merk en teffens in spesifyk soarte fan seksboartersguod foar manlju, produsearre troch it bedriuw Interactive Life Forms (ILF), dat fêstige is yn 'e Teksaanske haadstêd Austin. De fleshlight is yn prinsipe in buis mei in sêfte keunststoffene fuorring dy't yn 1998 ûntwikkele en patintearre is troch Steve Shubin, as in "ynstrumint foar de diskrete ôfjefte fan sperma".

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme fleshlight is in wurdspiling op flashlight, Ingelsk foar "bûslampe", wylst flesh "fleis" betsjut, yn dit gefal doelend op minsklik fleis en bloed. De ferwizing nei in bûslampe hat te krijen mei it uterlik fan 'e buis, dy't modelearre is nei in steafbûslampe, sadat as in oar it ding sjocht, it net daliks dúdlik is dat it om seksboartersguod giet.

Untwerp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buis fan 'e fleshlight bestiet út hurd plestik, wylst de fuorring fan in soarte fan keunststof is, wêrfan't de produsint de eksakte gearstalling geheim hâldt. It iennichste dat men deroer sizze wol, is dat it net fan plestik, lateks of silikoanen makke is. Neffens de tekst fan it oktroai, dat yn it publike domein is, bestiet it spul lykwols út in elastomearyske gel, dy't neffens gewicht foar 90-94% opboud is út plastisearjende oalje en foar 5-9% út blok-kopolymearen besteande út in mingsel fan styreen-etyleen-butyleen-styreenblok-kopolymearen en styreen-etyleen-propyleen-styreenblok-kopolymearen.

Fleshlight Girl Stoya set har han-tekening op 'e ferpakking fan fleshlight dy't nei har lichem foarmjûn is, op it AVN Expo, yn 2012.

Hoe dan ek, de plestik buis fan 'e fleshlight hat oan ien útein in dop dy't derôf kin, sadat de op dat punt lichtlik útpuoljende keunststoffene fuorring bleatkomt. Dêryn sit gat, wêroan't ien fan fjouwer ferskillende foarmen jûn is. It kin in ienfâldige koarte skreef of streek wêze, sûnder fierdere foarmjouwing (de "generike" útfiering), mar oer it algemien komme de útfierings wêrby't it gat de foarm hat fan in mûle, in fagina of in anus mear foar. De keunsstoffene fuorring wurdt fierders yn ûnderskate kleuren útbrocht, om rasiale ferskillen te simulearjen: fleiskleurich, brún en gielich. Ek is der in "iis/kristal"-útfiering (trochsichtich) en wurde soms noch oare ferzjes útbrocht, lykas in beheinde útfiering yn blau (foar in Avatar-oansjen). Teffens binne der ferskillende ynterne struktueren foar de fuorring beskikber. Neffens de útfiner en de produsint is de fleshlight in feilich alternatyf foar echt geslachtsferkear, it gefaar fan seksueel oerdraachbere oandwanings en swierreitsjen yn acht nommen.

Spesjale útfierings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutte súkses fan 'e fleshlight wie foar de produsint oanlieding om in hiele rige spesjale útfierings op 'e merk te bringen, fan fleshlights dy't foarmjûn binne nei de mûlen, fagina's en anussen fan populêre pornoaktrises. Sa'n foarmjouwing wurdt berikt troch mei gips in ôfjitsel fan 'e oangeande lichemsdielen fan 'e froulju te meitsjen, dêr't dan letter wer jitfoarmen fan makke wurde foar de massaproduksje fan 'e fleshlights. Pornoaktrises dy't oan dat proses meiwurke hawwe, wurde Fleshlight Girls neamd. Dêrûnder binne: Asa Akira, Jenna Haze, Nina Hartley, Jenna Jameson, Jesse Jane, Bibi Jones, Katsuni, Kayden Kross, Lisa Ann, Christy Mack, Tera Patrick, Teagan Presley, Dylan Ryder, Riley Steele, Misty Stone, Stoya en Alexis Texas.

Fleshjack[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fleshjack is de homoseksuële spin-off fan 'e fleshlight, dy't spesifyk yn it libben roppen is om mei taleine kampanjes it homoseksuële part fan 'e merk te berikken. Krekt as de fleshlight hat de fleshjack fjouwer útfierings, mar de fagina-útfiering is dêrby begryplikerwize ferfongen troch in dildo-ferzje, dy't gauris modelearre is neffens de lichems fan populêre akteurs út it sjenre fan 'e homoseksuële pornografy, lykas Spenser Reed en Brent Corrigan.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.