Springe nei ynhâld

It Bilt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bilkerts)
It Bilt

Utsjoch oer It Bilt yn 'e rjochting fan Nijebiltsyl.
flagge wapen

Wapen fan It Bilt
lokaasje
De gemeente It Bilt sa't er fan 1984 oant 2018 bestie, mei 't doarp Minnertsgea dat der earder net by hearde.
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Sint-Anne
grutste plak Sint-Anne
ynwennertal 10.502 (2017)
befolkingstichtens 113,7 / km²
oerflak 116,48 km²
● wêrfan lân 92,37 km²
● wêrfan wetter 24,11 km²
tal doarpen 7
ferkearsieren N393
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij It Bilt
1984 útwreide mei Minnertsgea
opheft 2018
opgien yn De Waadhoeke
no part fan De Waadhoeke
oar
netnûmer 0518
postkoade 9047–9079
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.hetbildt.nl

It Bilt (Nederlânsk en offisjeel: Het Bildt; Biltsk: ’t Bildt) is in polder en eardere gemeente yn it noarden fan Fryslân, oan 'e kust fan 'e Waadsee. Dat gebiet foarme oarspronklik de mûning fan 'e âlde Middelsee, dy't fan 1505 ôf ynpoldere waard troch lânferhuzers út Súd-Hollân wei. Sadwaande koe him op It Bilt in folslein eigen folk, kultuer en taal ûntjaan, wêrby't de Hollânske oarsprong kombinearre waard mei Fryske ynfloeden en eigen fernijings. Yn 1984 waard de Gemeente It Bilt útwreide mei Minnertsgea, in Frysktalich doarp op it âlde lân, dat net ta it histoaryske Bilt hearde. De gemeente hie op 30 april 2017 in befolking fan 10.502 minsken, en besloech in oerflak fan 116,48 km², wêrfan 24,1 km² oerflaktewetter. Op 1 jannewaris 2018 hold It Bilt as bestjoerlike ienheid op te bestean en gie it op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

It Bilt lei yn it noarden fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, oan 'e kust fan it Waad. It hearde ta de Klaaistreek en dêrbinnen ta de Bouhoeke. Yn it noardeasten waard It Bilt begrinzge troch Ferwerderadiel, yn it súdeasten troch Ljouwerteradiel, yn it suden troch Menameradiel en yn it westen troch Frjentsjerteradiel. Foar 1984 waard it yn it westen begrinzge troch Barradiel. It Bilt hie in totaal oerflak fan 116,48 km², dat bestie út 92,37 km² lân en 24,11 km² oerflaktewetter (wêrûnder in diel fan 'e Waadsee). De kustline fan It Bilt meat 15,4 km.

In winkelheakpleats yn Sint-Anne.

Opmerklik is dat Bilt is dúdlik foarme wie as in polder, mei rjochte wegen, sleatten en fearten. Dêrtroch omfette de gemeente ek de langste strjitte fan Nederlân: de Aldbiltdyk (12,5 km). Fierders hie It Bilt de apartichheid dat in soad pleatsen de skuorre dwers op 'e huzinge hiene, in pleatstype dat winkelheakpleats hjit.

It Bilt omfieme sân doarpen. It haadplak wie Sint-Anne (Biltsk: Sint-Anne), en de oare seis doarpen wiene: Aldebiltsyl (Ouwe-Syl), Froubuorren (Froubuurt), Minnertsgea (Minnertska), Nij Altena (Nij Altena), Sint-Jabik (Sint-Jabik) en De Westhoek (De Westhoek). Nij-Altena krige pas yn 2006 de status fan doarp en wie foartiid in útbuorren fan Sint-Anne. Minnertsgea waard by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by It Bilt foege en hearde dêrfoar by Barradiel. Oant dy tiid omfieme de gemeente ek in diel fan it doarp Alde Leie, dat op It Bilt de status fan in útbuorren hie; dat waard lykwols yn 1984 by Ljouwerteradiel foege, krekt as it diel fan Alde Leie dat yn Ferwerderadiel lei. Buorskippen op It Bilt wiene: Nijebiltsyl (Nije-Syl), De Oasthoek (De Oasthoek), Swarte Haan (Swatte Haan) en Buerstermûne (Froubuurtstermôln), dat foar in diel op It Bilt en foar in diel yn Ljouwerteradiel lei.

Yn de tolfde en trettjinde iuw waard it lân dat troch it tichtslykjen fan 'e Middelsee beskikber kaam, troch de Westerlauwerske Friezen bytsje by bytsje ynpoldere. Foar de mûning moasten hja langer wachtsje, mar tsjin 1400 wie in grut part dêrfan troch natuerlike slibôfsettings feroare yn kwelders, dy't, útsein by hege floed, drûchleine. Dy kwelders waarden doe al 'it Bilt' neamd, in namme dy't ôflaat is fan it Aldfryske 'it opbilde', dat letterlik "it opboude" betsjut, oftewol "it oanslibbe". Dizze Biltlannen wienen, nei Frysk rjocht, yn gebrûk fanút de omlizzende gebieten; sa hie û.o. it Kleaster Mariëngaard besit op it Grutte Biltlân.

De earste kear dat it Bilt neamd waard yn in histoaryske boarne, wie yn 1398. Doe beliende nammentlik Albrecht fan Beieren, de greve fan Hollân dy't oanspraak makke op hiel Westerlauwersk Fryslân, syn ûnderhearrige Arend fan Egmond, hear fan Iselstein, mei it Amelân "benevens een uijtland, gheheten Bil" ('en dêrnjonken in bûtendyks stik lân, dat Bil hjit).

Utwettering fan It Bilt yn 'e Waadsee by it H.G. Miedemagemaal.

De greven fan Hollân wisten Fryslân lykwols nea yn harren macht te krijen. Hûndert jier letter, yn 1498, slagge dat de Dútske hartoch Albrecht fan Saksen àl. Dyselde krige fan keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk Fryslân as usurpator yn lien en it Bilt, dat troch syn status fan bûtendyks gebiet net by Fryslân rekkene waard, yn fol eigendom. Dat lân bûtendyks gjin frij lân wie dearde de keizer en de hartoch blykber net, want op 22 july 1498 waard it Bilt offisjeel oan Albrecht oerdroegen. Hy festige him yn Frjentsjer en al rillegau sette er stappen om it Bilt ynpolderje te litten. Hy liet it besichtigje en kaam ek sels del, mar troch de Fryske opstân tsjin syn rezjym yn 1500 en syn hommels ferstjerren datselde jiers waard de yndiking ferskate jierren opholden.

Nei Albrecht syn dea waarden Fryslân en it Bilt urven troch syn beide soannen, Hindrik de Fromme en Joaris mei it Burd, dy't ferskate jierren tegearre regearren. Yn 1501 joegen se in part fan 200 moargen fan it noch net ynpoldere lân oan harren haadstêd Frjentsjer, om't dat plak by de opstân oan 'e Saksyske kant bleaun wie. Sels hjoed de dei noch, fiifhûndert jier letter, is dy grûn ûnder Sint-Jabik, de saneamde Frjentsjerter lannen, yn eigendom fan 'e gritenij Frjentsjerteradiel (hoewol't it dêr bestjoerlik net ta heart). Yn 1504 reizge Hindrik lykwols ôf nei syn stamlân Saksen en in jier letter, op 30 maaie 1505, ferkocht er al syn rjochten op Fryslân oan Joaris, sadat dy fan doe ôf allinnich regearre.

Yn deselde snuorje waard einlings mei de yndiking fan it Bilt begûn. Yn 1504 waarden de Biltlannen opmetten. Mooglik om't de Saksers nei de Fryske Opstân de Friezen net mear fertrouden en om't se foarkomme woene dat dy neitiid oanspraak op it nij-bedike lân meitsje koene, waarden lju út Hollân oanlutsen om it wurk út te fieren. Nei lange ûnderhannelings waard der op 22 febrewaris 1505 in kontrakt sletten mei fjouwer Súdhollânske hearen, nammentlik de bruorren Jacob, Floris en Dirk Oom van Wijngaarden en Thomas Beukelaar (dy't de skoansoan fan Floris wie). Dy mannen kamen út 'e omkriten fan Doardt en hienen dêre in protte ûnderfining mei yndykjen en ynpolderjen. Foar 16.000 goudgûnen woenen se dizze put wol oannimme. Se namen in protte folk mei út súdlik Hollân, foar in grut part polderwurkers, mar ek boeren. Dêrnjonken kamen der lju oer út Wieringen en West-Fryslân. Underwilens kocht Joaris ek noch de rjochten fan Arend fan Egmond syn erfgenamten ôf, en sa koe mei it wurk útein.

De Nijebiltdyk sjoen fan 'e ôfslach nei Nij Altena.

De earste yndiking fan it Bilt fûn yn 1505 plak en yn 'e rin fan dat jier ûntstie de polder dy't no it Ald-Bilt foarmet. De seedyk dy't dêrby oanlein waard, is no de Aldebiltdyk. Op it plak dêr't it wichtichste ôfwetteringskanaal yn 'e see útkaam, waard in slûs (of syl) oanlein; it doarp dat dêr letter groeide, hjit dan ek noch altyd Aldebiltsyl. Yn 'e midden fan 'e polder waard fan east nei west in dyk oanlein en dêroan ûntstiene al rillegau trije doarpen, want fuort nei de yndiking ferpachte Joaris mei it Burd de grûn. Om't de measte lju dy't mei de ynpoldering holpen hiene, harren op it Bilt nei wenjen setten en pachtboeren waarden, krigen de trije Biltdoarpen yn 't earstoan de nammen fan 'e doarpen yn súdlik Hollân dêr't de measten fan dy polderwurkers weikamen: Wijngaarden, Altoenae en Kijfhoek. Tsjerklik sjoen kaam it Bilt as trettjinde dekanaat by Westergoa te hearren. De trije parochys, dy't gearfoelen mei de trije doarpen, waarden wijd oan Sint Jakobus, Sint Anne en Us Leaffrou. Sadwaande feroaren de nammen fan 'e doarpen meitiid yn Sint-Jabik, Sint-Anne en Froubuorren.

Joaris mei it Burd, dy't opdracht joech ta de ynpoldering fan It Bilt.

Nei ferrin fan tiid slibben der wer kwelders oan by de seedyk en yn 1600 wie dat proses safierhinne foardere, dat der wer in flink stik grûn yndike wurde koe. Dizze polder, dy't foartiid bekend stien hie as 'it Bûtenbilt', waard doe it Nij-Bilt en de nije seedyk de Nijebiltdyk. It Nij-Bilt waard op deselde manear as it Ald-Bilt ferpachte, sadat der nije doarpen ûntstiene oan 'e Aldebiltdyk: De Westhoek yn it westen en Aldebiltsyl yn it easten. Ek De Oasthoek en Nij Altena ûntstiene dêre, mar dat bleaune buorskippen ûnder Sint-Anne. (Earst yn 2006 soe Nij Altena de status fan doarp krije.)

Yn de achttjinde iuw wie der op 'e nij genôch grûn foar de seedyk oanslibbe om yn te polderjen. Yn 1715 waarden de Alde Biltpôlen yndike, en yn 1754 de Nije Biltpôlen. Nei de yndiking fan 1715 ûntstie oan 'e Nijebiltdyk de buorskip Swarte Haan en nei dy fan 1754 de buorskip Nijebiltsyl. Sûnt 1754 is der al wer in aardich stik grûn oanslibbe foar de seedyk fan it eastlike Bilt, mei troch it bodzjen fan 'e slykwurkers yn 'e wurkferskaffing ûnder de Grutte Depresje fan 'e tritiger jierren. Dy kwelders wurde hjoed de dei de Biltpôlen neamd, mar sille wierskynlik nea yndike wurde. Dat de see ek tsjintwurdich noch altiten in tsjinstanner is om respekt foar te hawwen die bliken út 'e grutte operaasje dêr't tusken 1970 en 1980 de seediken mei op deltahichte brocht waarden.

Part fan Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1512 kamen de Friezen op 'e nij yn opstân tsjin 'e Saksyske oerhearsking en al rillegau koe Joaris mei it Burd syn striid tsjin 'e Friezen net mear finansierje. Dêrom ferkocht er yn 1515 al syn rjochten yn Fryslân en it Bilt foar 100.000 goudgûnen oan 'e Habsburger Karel V, dy't de Boergondyske rjochten yn 'e rest fan de Nederlannen urven hie en sadwaande ek greve fan Hollân en hear fan it Oerstift wie. Hoewol't it noch oant 1524 duorre ear't de Friezen harren ferset opjoegen en Karel V, dy't doe ûnderwilens ek keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Spanje wurden wie, as hear erkenden, waard daliks yn 1515 al in nij bestjoer foar It Bilt opset. Dêrby krige It Bilt in eigen grytman, dy't tagelyk ek de amten fan rintmaster en dykgraaf ferfolle. Hy moast him alle jierren foar de rintmaster-generaal fan Fryslân oer ferantwurdzje foar de oan him ôfdroegen pacht fan 'e Bilkerts. Ek yn 1515 waarden der pachtbetingsten opsteld, de saneamde "voorwaarden van inhuring", dy't hieltyd nei in fêststeld tal jierren ôfrûnen en dan op 'e nij besjoen wurde koene. Dêrby ynbegrepen wiene ferplichtings lykas it ûnderhâld fan seediken, slûzen, fearten, sleaten, brêgen, wegen en ek tsjerken en letter skoallen, en fierders de earmesoarch en it lean fan de pastoars (letter de dûmnys). Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw bleaune dizze pachtbetingsten foar in grut part itselde.

Aldebiltsyl.

Yn 1555, nei de algemiene troansôfstân fan Karel V, krige ek it Bilt in nije hear, nammentlik Karel syn soan Filips II, dy't ek kening fan Spanje wie. Yn 1568 briek der yn 'e Nederlannen in opstân tsjin dy syn regear út, dy't it begjin foarme fan 'e Tachtichjierrige Oarloch. Dizze ûntwikkelings giene ek oan it Bilt net ûngemurken foarby en om 1570 hinne kaam men ek dêre yn ferset tsjin 'e Spanjerts. Folle fochten waard der lykwols net, en yn 1581 waard dêr, krekt as yn de rest fan 'e noardlike Nederlannen, Filips II ôfsward as hear. Underwilens wie it Bilt yn 1579 as tritichste gritenij opnommen yn Fryslân. Tagelyk mei de rest fan Fryslân wie it dêrnei yn 1580 oergien fan it roomske nei it herfoarme leauwe. It Bilt hold lykwols in útsûnderingsposysje yn Fryslân, want de ferhâldings bleaune deer itselde. Nei't koart in oar systeem fan ôfdrachten besocht en ôfwiisd wie, gie it Bilt werom nei it pachtsysteem, mei it ferskil dat de rol fan lânshear no troch de Steaten fan Fryslân spile waard.

Yn 1637 waarden foar it earst, fanwegen de oanhâldende jildneed fan 'e Steaten, stikken fan sawol it Ald-Bilt as it Nij-Bilt oan 'e pachters ferkocht. De ynpolderings fan 1715 en 1754 waarden dien troch de Bilkerts sels, en wienen dus nea eigendom fan 'e Steaten. Yn 1751 ferkochten de Steaten fan Fryslân ek de rest fan harren besittings op it Bilt. Dêrby waarden, troch in op advys fan steedhâlder Willem V ynstelde kommisje, de rjochten en plichten fan 'e nije grûneigners nochris wiidweidich útinoar set. Ien fan 'e wichtichste feroarings wie, dat alle Biltpleatsen no, krekt as yn 'e rest fan Fryslân, stimrjocht krigen.

De Slykwurker, in monumint by Swarte Haan foar de slykwurkers út 'e Krisisjierren.

Yn 1795 makke in Frânske ynfal in ein oan 'e Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en kamen ek op it Bilt de Patriotten oan it bewâld. Foar it earst waard dêrnei de rjochtspraak skaat fan it bestjoer. Yn 'e Frânske Tiid waard it Bilt ta in mairie. Yn 1813 kaam it Bilt as ûnderdiel fan Fryslân by it nije Keninkryk fan de Nederlannen te hearren en waard it wer in gritenij. Troch de ynfiering fan 'e Gemeentewet fan Thorbecke waard it Bilt yn 1851 krekt as alle oare gritenijen omfoarme ta in gemeente.

Nei 1813 rekken in protte grûnbesitters op It Bilt yn swier waar troch in grut tal mislearre rispingen. In soad Bilkerts wiene dêrom twongen en ferkeapje harren lân oan lju fan bûten it Bilt. It wiene fral dy nije grûnbesitters, dy't healwei de njoggentjinde iuw begûnen te protestearjen tsjin 'e Biltske doarpsbelestings, dy't noch út 'e tiid fan 'e pachtbetingsten stammen, en dan yn it bysûnder tsjin 'e earmesoarch, dy't bûten it Bilt troch de tsjerken regele waard. Nei't it gemeentebestjoer, de Steaten fan Fryslân en sels de kening oanskreaun wiene, waarden úteinlik, yn 1859, trije gemeentlike earmebestjoeren oprjochte, dy't de earmesoarch oernamen. Guon grûnbesitters wie it sa lykwols noch net nei 't sin, om't in part fan 'e oerbleaune doarpsbelesting dochs noch as subsydzje nei de earmebestjoeren gong. Se wegeren te beteljen en brochten de saak foar it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dat oardiele yn 1863 dat se gelyk hiene en om't alle belestingynkomsten oer de jierren 1857-1863 doe werombetelle wurde moasten, kaam de gemeente mei in geweldige skuldelêst te sitten. Uteinlik laten ûnderhannelings tusken de gemeente en de grûnbesitters fan it Ald-Bilt derta, dat de doarpsbelestings folslein opheft waarden en dat der in wetterskip foar it Ald-Bilt oprjochte waard, dat it ûnderhâld oan diken, slûzen, fearten, brêgen en wegen oernaam. Ek kaam der doe foar it earst in dúdlike skieding tusken tsjerke en steat. Sa waard It Bilt dus min of mear lykskeakele mei de oare Fryske gemeenten en krige it gemeentlik bestjoer dêre syn tsjintwurdige struktuer.

De Groate Kerk yn Sint-Jabik.

Folle langer as yn 'e rest fan Fryslân, mar ferlykber mei parten fan Grinslân, holden op It Bilt de grûnbesittende grutboeren fêst oan 'e macht. Al yn 'e santiger jierren fan 'e njoggentjinde iuw kamen de earme boere-arbeiders dêrtsjin yn ferset, mar lange tiid smiet dat neat op. Oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren bestie der sels koarte tiid in fakbûn fan arbeiders, mei as namme Broedertrouw, mar dêr waard fan hegerhân al rillegau it near op lein. Oant fier yn 'e tweintichste iuw bestiene der grutte ferskillen tusken earm en ryk op it Bilt, mei as tragysk djiptepunt de Krisistiid yn 'e jierren tritich, doe't tûzenen wurkleazen yn 'e wurkferskaffing bedarren en op 'e bûtendykske Biltpôlen oan 't wurk set waarden om dêr it sûgende slyk op 'e kwelders fêst te lizzen. Letter die bliken dat al dat wurk ek noch om 'e nocht wie, want it Nederlânske regear besleat de drûchfallen parten fan it Waad net te bedykjen.

It Bilt mei de grinzen sa't dy foàr de gemeentlike weryndieling fan 1984 wiene.

Resinte ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 waard de âlde buorgemeente Barradiel opheft. In part dêrfan, it doarp Minnertsgea mei himrik, kaam by it Bilt te hearren. Minnertsgea wie lykwols 'âldlân' en makke dêrmei gjin ûnderdiel út fan it 'nijlân', it histoaryske Bilt. It hie sadwaande ek nea Biltsktalich west. In oansjenlik part fan 'e Bilkerts ûnderfûn dizze ûntwikkeling as in bedriging fan 'e eigen taal en kultuer, en yn 'e oanrin nei de weryndieling naam de ynformele Biltske Beweging, dy't al langere tiid bestie, fêste foarmen oan troch de oprjochting fan 'e Stichting Ons Bildt en de Kemissy Bildts.

Op 1 jannewaris 2018 hold It Bilt as bestjoerlike ienheid op te bestean, in ûntjouwing dêr't de Biltsk-nasjonalistyske politike partij Frije Bilkerts om 'e nocht tsjin stried. It Bilt gie doe yn 'e mande mei Menameradiel, Frjentsjerteradiel en fjouwer doarpen yn noardlik Littenseradiel op yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke. Om 'e Biltske taal en kultuer te beskermjen as der langer gjin eigen gemeentlike organisaasje mear bestie, waard yn 2015 de Stichting Bildts Aigene oprjochte, in koepelorganisaasje dêr't de Aerden Plaats, de Stichting Ons Bildt, it Bildts Dokumintasysintrum en de Kemissy Meertalighyd har by oansleaten. Op 7 desimber 2017 wie op 'e lêste gemeenteriedsgearkomst fan It Bilt it alderlêste riedsbeslút it fêstlizzen fan 'e namme 'It Bilt' (offisjeel de Biltske foarm ’t Bildt) as in offisjele steeknamme foar it oarspronklike Bilt, dus sûnder de tafoeging út 1984 fan it doarp Minnertsgea.[1][2]

Utsicht op de Aldebiltdyk.
De skyline fan Sint-Jabik.
De buorskip Swarte Haan.

It Bilt hie op 30 april 2017 in befolking fan 10.502 minsken. De befolkingstichtens bedroech doe 113,7 ynwenners de km².

ûntwikkeling ynwennertal
doarpen

De befolking fan 'e gemeente wie op 1 jannewaris 2010 sa oer de doarpen ferdield:[3]

doarp ynwenners
Sint-Anne 4.395
Minnertsgea 1.680
Sint-Jabik 1.390
Aldebiltsyl 735
Froubuorren 560
Nij Altena 295
De Westhoek 280

It Bilt wie ien fan 'e dielen yn Fryslân dêr't fan âlds it Frysk net de lânseigen taal wie. Ynstee hie him yn dit gebiet sûnt de sechstjinde iuw in Hollânsk-Fryske mingtaal ûntjûn, dy't wol wat wei hat fan it Amelânsk, it Midslânsk en de Stedske dialekten, mar him dêr ek dúdlik fan ûnderskiedt. Allinnich it doarp Minnertsgea, dat pas yn 1984 by It Bilt yndield waard en sadwaande net ta it histoaryske Bilt hearde, wie fan âlds Frysktalich.

Lykwols wie op It Bilt it Frysk de meast sprutsen taal, mei't dat nammentlik neffens sifers út 2009 doe foar 44% fan 'e befolking (oftewol 4.811 minsken) de memmetaal wie. Op it twadde plak folge it Biltsk, mei 33% fan 'e befolking (3.608 minsken), en dêrnei kamen it Nederlânsk mei 19% (2.077 minsken) en it Stedsk mei 3% (328 minsken). Fierders hie 1% fan 'e ynwenners (109 minsken) in útlânske taal as memmetaal.[4]

De Van Harenstsjerke yn Sint-Anne.

De lêste (waarnimmend) boargemaster fan It Bilt wie Gerrit Krol fan it CDA. De lêste wethâlders wiene: N. Haarsma (CDA), H. Blaak (PvdA) en B. Tol (WHB). De gemeenterie fan It Bilt bestie út 15 sitten. Hjirûnder de gearstalling fan 'e rie fan 1998 oant 2018:

gemeenteriedssitten
partij 1998 2002 2006 2010 2014
CDA 5 5 4 4 4
Frije Bilkerts 2 4
Werkgroep Het Bildt 4 4 4 4 3
PvdA 4 3 5 3 2
VVD 2 3 2 2 2
Totaal 15 15 15 15 15

Eksterne ferwizing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jong, Gerard de, Raad stelt streeknaam en plan Mooie Palen vast, yn: de Bildtse Post, 13 desimber 2017.
  2. Sitalsing, Karin, Na vijfhonderd jaar strijd houdt Friese gemeente het Bildt op te bestaan, yn: Trouw, 22 novimber 2017.
  3. Boarne: CBS.
  4. De Bosatlas van Fryslân, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Producties), ISBN 978-9 00 17 79 047, s. 250.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Het Bildt fan Wikimedia Commons.
             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje