Frjentsjerter lannen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Sicht op Aldebiltdyk fan de Frjentsjerter lannen ôf

De Frjentsjerter lannen is in stik lân yn de gemeente It Bilt dat yn 1501 troch Hindrik de Fromme en Joaris mei it Burd, de soannen en erfgenamten fan Albrecht fan Saksen, oan de stêd Frjentsjer skonken waard as tank foar de troch de stêd diene tsjinsten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1499 waard Hindrik fan Saksen troch syn heit Albrecht III fan Saksen oansteld as syn waarnimmer yn de Fryske gebieten. Albrecht wie it jier dêrfoar troch keizer Maximiliaan beneamd as erflik gubernator en potestaat oer dizze gebieten. Al gau kaam it ta in opstân tsjin syn bewâld, mei help fan de stêd Grins. Hindrik en George fan Saksen twongen yn de striid tsjjin it Fryske ferset de help ôf fan de stêd Frjentsjer, doe't Hindrik dêr belegere waard. Foar dy help krige Frjentsjer in stik lân fan 200 moargen yn it Bilt. It gie om doe noch bûtendyks lân, kwelders. Mei de opbringst fan it lân koe Frjentsjer de stêd fersterkje mei wâlen en tuorren.

De Frjentsjerterlannen lizze noardwestlik fan Sint Jabik tusken de Aldebiltdyk, Kadal en de Holle Rij. Doe't de Aldebiltdyk yn 1505 oanlein waard, kamen dy lannen yndyksk te lizzen. De Frjentsjerter lannen binne no noch besit fan de gemeente Frjentsjerteradiel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: