Kemissy Meertalighyd

Ut Wikipedy
Kemissy Meertalighyd
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. kommisje
wurkmêd it Biltsk en oare talen op It Bilt
fêstige yn Sint-Anne (Fryslân)
oprjochte 1999
offisjele webside
www.meertalighyd.nl

De Kemissy Meertalighyd (Frysk: "Kommisje Meartalichheid"), fêstige yn Sint-Anne, is in organisaasje yn Fryslân dy't diel útmakket fan 'e Biltske Beweging. It is in wurkgroep dy't operearret op basis fan gemeentlike subsydzjes. De Kemissy Meertalighyd set him yn foar it ûntwikkeljen fan meartalich lesmateriaal foar de basisskoallen op It Bilt, it op oanfraach en fergees advisearjen en ûnderstypjen fan Biltske basisskoallen oangeande de ûntwikkeling fan meartalich taalbelied, en it oanfiterjen fan meartalich ûnderwiis yn it algemien. Utgongspunt is dêrby it taalbelied fan 'e Gemeente It Bilt. De talen wêrfoar't de Kemissy Meertalighyd lesmateriaal makket, binne yn it foarste plak it Biltsk, mar ek it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk.

De Kemissy Meertalighyd waard yn 1999 oprjochte as fuortsetting fan 'e âldere Kemissy Bildts ("Kommisje Biltsk"). Dy bestie sûnt 1980, doe't it Frysk as ferplichte skoalfak yn it leger ûnderwiis yn Fryslân ynfierd wie. Op it Bilt en yn oare net-Frysktalige dielen fan 'e provinsje (lykas de Stellingwerven en it Amelân) bestie dêr grutte wjeraksel tsjin, en úteinlik waard besletten dat sokke net-Frysktalige gemeenten ûntheffing fan 'e ferplichting fan ûnderwiis yn it Frysk oanfreegje koene. Dêrfoaroer stie dat se dan wol ûnderwiis yn 'e eigen taal en/of kultuer oanbiede moasten. Sadwaande ûntstie op it Bilt yn dy tiid foar it earst ferlet fan Biltsktalich lesmateriaal en om dat te ûntwikkeljen waard de Kemissy Bildts yn it libben roppen. De nammeferoaring fan 1999 fûn plak om it feroarjende karakter fan 'e wurksumheden fan 'e kommisje rjocht te dwaan, mei't de wurkgroep him tsjin dy tiid net mear allinnich dwaande hold mei it Biltsk, mar ek mei it Frysk en it Nederlânsk. Nei 2000 kaam dêr it Ingelsk noch by.

De Kemissy Meertalighyd wurket op allerhanne mêd nau gear mei de Afûk, dy't fierhinne deselde funksje yn Fryslân ferfollet dy't de kommisje op it Bilt hat. Dêrnjonken ûnderhâldt de Kemissy Meertalighyd ek kontakten mei oare Biltske kulturele organisaasjes, û.m. troch syn lidmaatskip fan 'e Stichting Bildts Aigene, in yn 2015 oprjochte koepelorganisaasje foar Biltske taal en kultuer. De Kemissy Meertalighyd sels bestiet út fiif leden, te witten: twa fertsjintwurdigers út 'e Biltske kulturele mienskip (lykas skriuwers, dichters of oersetters), twa taalkoördinators (de foarsitter en fise-foarsitter) en in ûnderwiisadviseur as útfierder. It behear fan 'e finânsjes is yn 'e hannen fan 'e gemeente, en de op besteging fan it beskikbere budget betrekking hawwende faktueren wurde fiattearre troch de foarsitter fan 'e kommisje, dy't krekt as de fise-foarsitter in amtner fan 'e gemeente It Bilt is.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: