Stichting Bildts Aigene

Ut Wikipedy
Stichting Bildts Aigene
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. stifting
wurkmêd Biltske taal en kultuer
fêstige yn Sint-Anne (Fryslân)
oprjochte 2015
offisjele webside
www.bildtsaigene.nl

De Stichting Bildts Aigene (Frysk: "Stifting Biltsk Eigene") is in stifting yn Fryslân dy't fêstige is yn Sint-Anne en diel útmakket fan 'e Biltske Beweging. Dizze organisaasje is yn it libben roppen is om alle aktiviteiten ta behâld en fuortsterking fan it Biltsk en de Biltske kultuer te koördinearjen en oan te fiterjen. De Stichting Bildts Aigene waard yn juny 2015 oprjochte op inisjatyf fan 'e gemeente It Bilt, foarútrinnend op it opheffen fan dy gemeente as dy op 1 jannewaris 2018 opgiet yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke. De Stichting Bildts Aigene wie û.m. yn hege mjitte belutsen by de hantekeninge-aksje dy't yn 2016 op it Bilt holden waard om it Biltsk offisjeel as taal erkend te krijen.

De Stichting Bildts Aigene hat de foarm fan in koepelorganisaasje, wêrby't de folgjende organisaasjes oansletten binne:

(De Stichting Ons Bildt is ek lid fan 'e Ried fan de Fryske Beweging.)

Oarspronklik wie ien fan 'e doelstellings fan 'e Stichting Bildts Aigene om te sjen oft in folsleine fúzje fan 'e lidorganisaasjes ta ien inkele organisaasje ta de mooglikheden hearde. It kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats, yn Aldebiltsyl, konstatearre lykwols as earste dat harren stifting neat te winnen hawwe soe by sa'n fúzje. De Stichting Ons Bildt kaam letter ta deselde konklúzje. Foar de oare beide organisaasjes, dy't ferienings ynstee fan stiftings binne, leit it wat oars. Yn elts gefal binne alle fjouwer organisaasjes ree om 'e gearwurking yn it ramt fan 'e Stifting Bildts Aigene fuort te setten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grosso, Maria del, Coördinator Bildts dient ontslag in, yn: de Ljouwerter Krante, 26 july 2017, s. 23.