Springe nei ynhâld

Hindrik IV fan Saksen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hindrik de Fromme)
Hindrik fan Saksen

Hindrik IV fan Saksen, better bekend as Hindrik de Fromme (Dresden, 16 maart 1473 – Dresden, 18 augustus 1541) wie fan 1539 oant 1541 hartoch fan Saksen as opfolger fan syn broer Joaris mei it Burd. As markgreve fan Meissen stied er bekend as Hindrik V. Hy bestjoerde as potestaat tusken 1500 en 1504 Fryslân.

Yn 1500 folge hy syn heit Albrecht de Kloekmoedige op as potestaat fan Fryslân. Hy keas derfoar om dit opstannige gebiet tegearre mei syn broer Joaris mei it Burd te bestjoeren, oan wa't hy syn rjochten oer Fryslân yn 1505 folslein ôfstie.

Hindrik wie troud mei Katarina fan Mecklenburch (1487-1561), dochter fan hartoch Magnus II fan Mecklenburch, en wie de heit fan:

Yn 1539 folge hy Joaris op as hartoch fan Saksen. Yn tsjinstelling ta syn strang katolike broer hie hy him yn 1536 ta it luterske leauwen bekeard en hy fierde it protestantisme mei hurde hân yn as steatsgodstsjinst. Underdienen dy't harren net bekearen woene stjoerde hy fuort of sette hy finzen. Hy ferstoar op 18 augustus 1541 en waard opfolge troch syn soan Maurits (1521-1553).