Springe nei ynhâld

Wapen fan It Bilt

Ut Wikipedy
Gemeentewapen It Bilt

It gemeentewapen fan It Bilt waard fêststeld op 25 maart 1818 en beskreaun as
Fan lazuer beladen mei 3 jiskegrouwe seehoarns yn in lizzende rjochting, pealsgewiis setten, dêr't nôtieren út komme yn in natuerlike kleur. It skyld dekt mei in kroan fan goud.
De kroan hat fiif blêden.

It wapen is om 1620 ûntstien. Op âldere segels stienen de hoarnen omdraaid mei in nôtstûke efter de hoarnen. It wapen soe de ûntsteansskiednis fan de gemeente oanjaan. It Bilt is yn it begjin fan de 16e iuw ûntstien nei bediking fan de slikken en skorren. De bediking waard dien troch (Súd)Hollânske eallju. Al gau ûntstienen trije doarpkes, dy't op it wapen symbolisearre waarden troch de skulpen op in eftergrûn fan de see. De fruchtbere grûn waard symbolisearre troch de ieren.

Op 10 jannewaris 2020 waard troch de gemeenteried fan De Waadhoeke, de nije gemeente dêr't It Bilt yn 2018 yn opgien wie, oan 'e flagge en it wapen fan 'e eardere gemeente It Bilt de offisjele status takend fan streekflagge en streekwapen fan 'e (al earder formeel erkende) lânstreek It Bilt. Dêrom wie fersocht troch de Stichting Bildts Aigene.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sierksma, 1962; Gemeentegids It Bilt, 1995
  1. Streekvlag en -wapen voor Het Bildt, yn: de Ljouwerter Krante, 11 jannewaris 2020, s. 25.