1918
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1918 MCMXVIII |
Ab urbe condita | 2671 |
Armeenske kalinder | 1367 ԹՎ ՌՅԿԷ |
Etiopyske kalinder | 1910 – 1911 |
Hebriuwske kalinder | 5678 – 5679 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1973 – 1974 |
- Shaka Samvat | 1840 – 1841 |
- Kali Yuga | 5019 – 5020 |
Iraanske kalinder | 1296 – 1297 |
Islamityske kalinder | 1337 – 1337 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4614 – 4615 甲巳 – 乙午 |
Oergongskalinders foar 1918: | |
1918 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1918.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 8 - De Amerikaanske presidint Woodrow Wilson publisearret syn Fjirtjin Punten, in fredesplan dat û.m. in fermindering fan 'e bewapening fan alle lannen foarstiet; it opheffen fan alle ekonomyske barriêres om te kommen ta in sitewaasje fan wrâldwide frijhannel; frijheid fan skipfeart; en selsbeskikkingsrjocht foar alle etnyske groepen yn Jeropa (mar net yn 'e koloanjes).
- 15 - Yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen brekke massale stakings út tsjin 'e oarloch, dy't oerslane nei oare dielen fan 'e Dûbeldmonargy.
- 22 - De Oekraïne ropt de ûnôfhinklikheid út as de Oekraynske Folksrepublyk.
- 27 - Yn Finlân brekt de Finske Boargeroarloch út tusken de konservative Witen en de kommunistyske Readen.
- 27 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, seit de Britsk-Russyske Konvinsje fan 1907 op.
- 28 - Yn Berlyn en oare Dútske stêden brekke massale stakings út tsjin 'e oarloch, benammen yn 'e oarlochsyndustry.
- 28 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, rjochtet by dekreet it Reade Leger op. Leon Trotski moat dy nije kriichsmacht organisearje.
- febrewaris
- 2 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, ferordonnearret de skieding tusken tsjerke en steat.
- 3 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, annulearret by dekreet de Russyske steatsskuld.
- 8 - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimt it Reade Leger de stêd Kiëv yn.
- 14 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, fiert by dekreet yn Ruslân de Gregoriaanske Kalinder yn. Tagelyk wurdt de Juliaanske Kalinder ôfskaft. (Dêrmei slacht men yn Ruslân 13 dagen oer en wurdt it fan 1 febrewaris ynienen 14 febrewaris.)
- 16 - Litouwen ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 21 - Oan it Palestynske Front feroverje Australyske troepen de stêd Jericho op 'e Osmanen.
- 24 - Estlân ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 25 - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch nimt it Reade Leger de stêd Rostov oan de Don yn.
- maart
- 3 - It bolsjewistyske rezjym yn Ruslân en de Sintrale Machten slute de Frede fan Brest-Litovsk. Hjirby rekket Ruslân it hiele Baltikum kwyt, en dêropta Finlân, de Oekraïne en dielen fan Wyt-Ruslân, yn totaal 26% fan Jeropeesk-Ruslân.
- 5 - Britske mariniers geane yn Moermansk, yn it uterste noarden fan Jeropeesk-Ruslân, oan lân om yn 'e Russyske Boargeroarloch te ynterveniëarjen oan 'e kant fan 'e Witen.
- 11 - It bolsjewistysk regear fan Ruslân, de Ried fan Folkskommissarissen, ferpleatst de haadstêd en de sit fan it Russyske regear fan Petrograd nei it fierder fan it front leine Moskou.
- 21-18 july - Oan it Westfront geane de Dútsers by in lêste wraam op 'e Alliëarde linys ta it uterste om 'e definitive oerwinning te beheljen ear't de oermacht oan mankrêft en materieel fan 'e Feriene Steaten folslein ynset wurde kin. By dit Maitydsoffinsyf behelje se oansjenlike terreinwinst, mar gjin beslissende oerwinning.
- 25 - Wyt-Ruslân ropt de ûnôfhinklikheid út as de Wytrussyske Folksrepublyk.
- april
- 1 - It Feriene Keninkryk rjochtet in apart loftwapen op: de Royal Air Force (RAF).
- 5 - Britske en Japanske troepen lânje yn Vladivostok, yn it Fiere Easten fan Sibearje, om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch.
- 9 - Roemeenje beslút ta de anneksaasje fan Bessaraabje, dat foarhinne ta Ruslân hearde.
- 24 - Yn Ierlân brekt in algemiene staking út tsjin 'e tsjinstplicht.
- maaie
- 7 - Roemeenje en de Sintrale Machten slute de Frede fan Boekarest, wêrby't Roemeenje grutte territoriale en ekonomyske konsesjes dwaan moat.
- 15 - De Finske Boargeroarloch einiget mei in oerwinning foar de konservativen (Witen). De kommunisten (Readen) binne beslissend ferslein.
- 25 - It Tsjechoslowaakske Legioen, in legerûnderdiel dat yn Ruslân meifocht tsjin 'e Sintrale Machten, ynterveniëarret yn it Sibearyske Tsjeljabinsk oan 'e kant fan 'e Witen yn 'e Russyske Boargeroarloch nei ûnthjitten fan 'e Alliëarden om 'e ûnôfhinklikheid fan Tsjechoslowakije te stypjen.
- 26 - Georgje ropt de ûnôfhinklikheid út as de Demokratyske Republyk Georgje.
- 28 - Armeenje ropt de ûnôfhinklikheid út as de Demokratyske Republyk Armeenje.
- 28 - Azerbeidzjan ropt de ûnôfhinklikheid út as de Azerbeidzjaanske Demokratyske Republyk.
- juny
- 30 - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch ferslacht it Reade Leger de opstannige Don-kozakken.
- july
- 3 - It oerbefel fan 'e Dútske striidkrêften, de Oberste Heeresleitung, nimt ûnder lieding fan maarskalk Paul von Hindenburg op ynformele wize alle foech oer fan it Dútske regear fan rykskânselier Georg von Hertling.
- 9 - De Grutte Treinramp fan 1918, by Nashville, yn 'e Feriene Steaten, kostet oan 101 minsken it libben.
- 14 - Yn Nederlân nimt it regear fan premier Pieter Cort van der Linden it beslút om mei de oanlis fan 'e Suderseewurken te begjinnen.
- 17 - Yn it Ipatjevhûs yn Jekaterinburch wurdt Nikolaas II, de lêste tsaar fan Ruslân, mei syn hiele húshâlding fermoarde troch de bolsjewiken.
- 17 - Monako wurdt in Frânsk protektoraat.
- 25 - Yn it ramt fan 'e Russyske Boargeroarloch beset it Tsjechoslowaakske Legioen de stêd Jekaterineburch.
- augustus
- begjin augustus - Yn Fryslân winne Hubert Westerhuis, Roelof de Jong en Pé Hiemstra de PC. Westerhuis wurdt ta kening keazen.
- 8-11 novimber - Yn it Hûndertdeisk Offinsyf brekke troepen fan Frankryk, it Feriene Keninkryk, Britsk-Ynje, Austraalje, Kanada, Nij-Seelân, Nijfûnlân, Súd-Afrika, de Feriene Steaten, Belgje, Portegal, Siam en Itaalje oan it Westfront nei fjouwer jier einlings en te'n lêsten troch de Dútske linys hinne.
- 16 - Amerikaanske troepen lânje yn 'e stêd Archangelsk, yn it hege noarden fan Jeropeesk-Ruslân, om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch.
- 17 - Britske troepen lânje yn 'e stêd Bakû, yn Azerbeidzjan, om oan 'e kant fan 'e Witen te ynterveniëarjen yn 'e Russyske Boargeroarloch.
- 30 - By in oanslach troch de terroriste Franja Kaplan rekket de Russyske bolsjewistyske lieder Vladimir Lenin swierferwûne.
- septimber
- 13 - Yn Nederlân fynt de Treinramp by Weesp plak, yn 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân, wêrby't 41 minsken omkomme.
- 14 - Oan it Balkanfront begjint it Alliëarde Leger fan de Oriïnt, ûnder lieding fan 'e Frânske generaal Louis Franchet d'Espèrey, mei it grutte Vardaroffinsyf tsjin 'e Bulgaren.
- 15 - Oan it Balkanfront ferslane Frânske, Servyske en Senegaleesk-koloniale troepen de Bulgaren yn 'e Slach by Dobro Polje.
- 18 - Oan it Balkanfront ferslane Britske en Grykske troepen de Bulgaren yn 'e Slach by Dojran.
- 18 - Oan it Palestynske Front iepenet de Britske generaal Edmund Allenby in nij offinsyf.
- 23 - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêden Akko en Haifa op 'e Osmanen.
- 25 - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Amman op 'e Osmanen.
- 28 - Oan it Balkanfront feroverje Frânske koloniale troepen de Servyske stêd Skopje op 'e Bulgaren.
- 30 - Bulgarije kapitulearret en slút it Bestân fan Thessaloniki mei de Alliëarden. Britske troepen tsjogge de Bulgaarske haadstêd Sofia yn.
- oktober
- 2 - Oan it Palestynske Front feroverje Britske troepen de stêd Damaskus op 'e Osmanen.
- 7 - De Frânske marine feroveret de stêd Beirût op 'e Osmanen.
- 9 - Oan it Westfront feroverje de Alliëarden de stêd Kameryk.
- 19 - Oant it Westfront befrije Belgyske en Britske troepen de Flaamske stêd Brugge.
- 20 - Dútslân beëiniget syn dûkboatoarloch, wat in betingst is fan 'e Amerikaanske presidint Woodrow Wilson foar it oanknoopjen fan fredesûnderhannelings.
- 24 - Itaalje begjint oan 'e rivier de Piave in nij offinsyf tsjin Eastenryk-Hongarije.
- 28 - Tsjechoslowakije ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 30 - It Osmaanske Ryk kapitulearret en slút it Bestân fan Moudros mei de Alliëarden.
- 30 - Italjaanske troepen bringe it Eastenryksk-Hongaarske leger in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Vittorio Veneto.
- 30 - It Keninkryk Jemen (it lettere Noard-Jemen) wurdt ûnôfhinklik fan it Osmaanske Ryk.
- novimber
- 1 - Oan it Balkanfront wurdt de Servyske haadstêd Belgrado befrijd troch Frânske troepen ûnder befel fan generaal Louis Franchet d'Espèrey.
- 3 - Eastenryk-Hongarije kapitulearret en slút in wapenstilstân mei de Alliëarden. It regear fan Hongarije fielt him dêr lykwols net oan bûn.
- 4 - De Dútske stêd Kiel falt yn 'e hannen fan opstannige matroazen. Dit is it begjin fan 'e Dútske Revolúsje, dy't him fluch útwreidet him nei oare Dútske stêden.
- 7 - Hongarije kapitulearret en slút it Bestân fan Belgrado mei de Alliëarden.
- 9 - Troch de Dútske Revolúsje wurdt it regear fan rykskânselier prins Maksimiliaan fan Baden ûnder fuotten helle. Keizer Willem II is twongen om troansôfstân te dwaan.
- 10 - De ôfsette Dútske keizer Willem II nimt de wyk nei Nederlân, dêr't er asyl kriget en te Doorn komt te wenjen.
- 11 - Dútslân kapitulearret en slút mei de Alliëarden it Bestân fan Compiègne.
- 11 - Yn it ramt fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Revolúsje docht keizer Karel I ôfstân fan 'e troan.
- 11 - Poalen (eins: de Twadde Poalske Republyk) wurdt oprjochte út gebietsdielen fan Dútslân, Ruslân en Eastenryk-Hongarije.
- 11 - Yn Nederlân ropt SDAP-lieder Piter Jelles Troelstra op ta revolúsje, mar dêr wurdt fan suver alle kanten ôfwizend op reägearre.
- 12 - In Britske floatienheid fart de haven fan 'e Osmaanske haadstêd Konstantinopel yn om besit fan 'e stêd te nimmen.
- 18 - Letlân ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 18 - Alliëarde troepen befrije de Belgyske haadstêd Brussel.
- 29 - It Keninkryk Servje anneksearret it buorlân Montenegro.
- desimber
- desimber - De ferovering fan Wyt-Ruslân troch it Reade Leger wurdt foltôge: ein fan 'e ûnôfhinklike Wytrussyske Folksrepublyk.
- 1 - It Keninkryk fan Serven, Kroäten en Slovenen (letter koartwei Joegoslaavje neamd) wurdt oprjochte út 'e earder ûnôfhinklike keninkriken Servje en Montenegro en gebietsdielen fan Eastenryk-Hongarije.
- 1 - Op in gearkomste yn Alba Iulia sprekke de lieders fan 'e etnyske Roemenen yn Transsylvaanje, dat ûnderdiel útmakket fan it Keninkryk Hongarije, harren mei oerweldigjende mearderheid út foar de oansluting fan dat gebiet by Roemeenje.
- 1 - Iislân wurdt ûnôfhinklik fan Denemark yn 'e foarm fan it Keninkryk Iislân, dat yn in personele uny regearre wurde sil troch de Deenske Kroan.
- 5 - De Letske Unôfhinklikheidsoarloch tsjin Ruslân brekt út.
- 9 - Frânske troepen besette it Saarlân.
- sûnder datum - De Spaanske gryp ferget miljoenen minskelibbens.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 15 - Gamal Abdel Nasser, presidint fan Egypte († 1970)
- 16 - Nel Benschop, Nederlânsk dichteres († 2005)
- febrewaris
- 2 - Ernst van der Beugel, Nederlânsk politikus († 2004)
- 2 - Hella Haasse, Nederlânsk skriuwster († 2011)
- 9 - Boele Bregman, Frysk keunstner en grafikus († 1980)
- 24 - Jan Retèl, Nederlânsk akteur en regisseur († 1984)
- 25 - Rinze Hempenius, Frysk politikus († 1982)
- maart
- 3 - Jacobus Zantema, Frysk taalkundige en wurdboekskriuwer († 2008)
- 11 - Thomas Gordon, Amerikaansk klinysk psycholooch († 2002)
- 15 - Jacob Walstra, Frysk atleet († 1985)
- 29 - Sam Walton, Amerikaansk ûndernimmer († 1992)
- april
- 2 - Jan Bons, Nederlânsk grafysk foarmjouwer keunstner en fersetsman († 2012)
- 4 - Sacco van der Made, Nederlânsk akteur en stimartyst († 1997)
- 8 - Betty Ford, Amerikaansk presidintsfrou († 2011)
- 13 - Bert Kiewiet, Nederlânsk byldzjend keunstner († 2008)
- 24 - Herma M. van den Berg, Nederlânsk keunsthistoarikus († 2005)
- maaie
- 29 - Nico Onkenhout, Nederlânsk byldzjend keunstner († 1989)
- juny
- 25 - Philip Bloemendal, Nederlânsk nijslêzer († 1999)
- july
- 2 - Klaas Sierksma, Frysk heraldikus († 2007)
- 7 - Esmée van Eeghen, Nederlânsk fersetsstriidster († 1944)
- 7 - Hylke de Boer, Frysk bestjoerder († 1984)
- 14 - Ingmar Bergman, Sweedske regisseur († 2007)
- 18 - Nelson Mandela, presidint fan Súd Afrika († 2013)
- 23 - Abraham Bueno de Mesquita, Nederlânsk komyk en akteur († 2005)
- augustus
- 13 - Frederick Sanger, Ingelsk biolooch en twafâldich Nobelpriiswinner († 2013)
- 18 - Piet Keijzer, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner († 2008)
- 27 - Jelle Zijlstra, premier fan Nederlân († 2001)
- septimber
- 9 - Oscar Luigi Scalfaro, presidint fan Itaalje († 2012)
- 19 - Heine Keuning, Frysk beweger en politikus († 2005)
- 29 - Auke Visser, Markant figuer út de haadstêd fan Fryslân († 2014)
- oktober
- 17 - Rita Hayworth, Amerikaansk aktrise († 1987)
- 18 - Molly Geertsema, Nederlânsk politikus († 1991)
- novimber
- 1 - Liepke Scheepstra, Frysk fersetsstrider († 2002)
- 7 - Billy Graham, Amerikaansk predikant en evangelist († 2018)
- 9 - Spiro Agnew, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten († 1996)
- 10 - Ernst Otto Fischer, Dútsk skiedkundige († 2007)
- 19 - Hendrik C. van de Hulst, Nederlânsk astronoom († 2000)
- desimber
- 4 - Kor Onclin, Nederlânsk keunstskilder († 2003)
- 9 - Pietje Feitsma, Frysk reedrider († 1991)
- 10 - Marten Sikkema, Nederlânsk-Frysk dichter, skriuwer en oersetter († 2005)
- 13 - Piet Hendriks, Nederlânsk akteur en kabaretier († 2000)
- 25 - Ahmed Ben Bella, Algerijnsk president († 2012)
- 28 - Mia Gerhardt, Nederlânsk mediëvist en heechlearaar ferlykjende literatuerwittenskip († 1988)
- datum ûnbekend
- Gladys Bissonette, Amerikaanske minskerjochte-aktiviste († ±1975)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2 jannewaris - Sybe Kornelis Bakker, Frysk predikant en politikus (* 1875)
- 8 jannewaris - Sake Kornelis Feitsma, Frysk ûnderwizer, dichter en oersetter (* 1850)
- 25 maart - Claude Debussy, Frânsk komponist (* 1862)
- 21 april - Manfred von Richthofen (de "Reade Baron"), Dútsk loftmachtpiloat (* 1892)
- 8 maaie - Tjeerd Ritskes Velstra, Frysk boer en toanielskriuwer (* 1840)
- 10 maaie - John Grass, opperhaad fan 'e Lakota (* 1837)
- 12 july - Geertruida Christine Jentink, Frysk feministe en sjoernaliste (* 1852)
- 17 july - tsaar Niklaas II fan Ruslân (* 1868)
- 24 july - Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen, Frysk bestjoerder en hoftsjinner (* 1845)
- 13 novimber - Samuel Azarja Rudelsheim, opperrabbyn fan Fryslân (* 1869)
- 13 novimber - Meint Hylkes Bottema (Marten Baersma), Frysk skriuwer (* 1890)
- datum ûnbekend
- Ripley Hitchcock, Amerikaansk boekeredakteur (* 1857)
Byldzjende keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Flaamske skilder en grafikus Frans Masereel jout yn Switserlân syn tredde anti-oarlochsalbum "De hartstocht van de mens" út.
-
Theo van Doesburg.
Ritme van een Russische dans. -
Theo van Doesburg.
Compositie XI. -
Theo van Doesburg.
Compositie X. -
Gerrit Rietveld.
'Read-blauwe stoel'. 1918 (wierskynlik).
Jierren: | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|