Springe nei ynhâld

Bert Kiewiet

Ut Wikipedy
Museumbesikers (1985), Assen

Lammert Jan (Bert) Kiewiet (Amsterdam, 13 april 1918 - Mantinge, 31 augustus 2008)[1] wie in Nederlânsk byldhouwer.

Kiewiet waard berne yn Amsterdam, mar groeide op yn Ljouwert. Nei de hbs folge hy in technyske oplieding oan de hts. Pas nei syn fjirtichste folge hy yn de jûnsoeren in teken- en byldhouoplieding en waard hy keunstner fan berop. Oant 1976 joech Kiewiet noch les yn Amsterdam, yn dat jier ferhuze hy nei Drinte. Yn in soad plakken yn Drinte steane brûnzen bylden fan him, dy't faak te krijen hawwe mei it libben fan aldendei, lykas de Brêgeôfdraaister yn Annerveenschekanaal, de Boer mei molkbussen yn Nijeveen en de Grûnwurker yn Linde.

By gelegenheid fan de grutte ferbouwing fan it Drintsk Museum yn Assen yn 1984 wode de 'Stichting Vrienden van het Provinciaal Museum van Drenthe' in keunstwurk oanbiede. Ut in trijietal Drintske byldhouwers waard it ûntwerp Museumbesikers fan Kiewiet keazen. It byld, oarspronklik mei trije minskfigueren, krige in plak op it Jacob Cramerplein njonken it museum. De ôfbylde man mei burdsje soe Kiewiet sels wêze.

Wurken (karút)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Winkeljende froulju, Beilen
Ontmoeting, Zuidwolde
  • 1989 Havelte, De pearel fan Drinte, Havelte
Boer mei molkbussen, Nijeveen
Bjinnende boerinne, Ruinerwold
  • 1990 Minsken komme, minsken geane, Assen
Beskerming, Beilen
De Lemster Fiskerman, De Lemmer
De Wykferpleechster, Westerbork
  • 1993 Lêzend famke, Emmen
Berjochtjouwing, Vledder
De Grondwerker, Linde
Adriaan Geerts Wildervanck, Wildervank
  • 1998 Deliberation, Assen
  • 1999 De Tobbedanser, Harns


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Mensenlinq.nl
  2. De Schakel 19-03-2011: "De Brugafdraaister gestolen"