Annerveenschekanaal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Annerfeanskekanaal oan it Grevelingskanaal

It Annerfeanskekanaal en de lykneamde feankoloanje lizze yn de gemeente Aa en Hunze (oant 1998 Anloo). It kanaal hjit ek Grevelingskanaal, nei de grûnlizzer fan de koloanje, Lambertus Grevijlink. Yn 1839 hie de koloanje noch de namme Annerfeanske Kompanije.

It 4,5 km lange doarp rint fan de Molewyk (Spikerboar-Feandaam) oant Eexterfeanskekanaal. It leit tsjin de grins mei Grinslân; oan de eastkant fan it kanaal steane de huzen yn Drinte en lizze de lannen oer it generaal yn Grinslân. Tusken it plak, de Hunze en it kanaal Annerfeanske Mond leit Polder Annerfeanskekanaal. It plak ûntstie nei de start fan de ferfeanting hjirre sûnt 1771 (sjoch: Anner- en Eexterfeanen). Dy luts in soad arbeiders út de omkriten, Grinslân, Fryslân en Dútslân. Yn it doarpsbyld ferskynden winkels, in skoalle, in nôt- en in kalkmûne, in stelmakkerij en in skipstimmerwerf. Yn 1859 telde de feankoloanje 531 ynwenners.

It kanaal en de byhearrende arsjitektuer (skutslûs, brêgen, brêgewachterhuzen) binne der noch, fierders it Grevijlinkhûs, it wenhûs fan Grevijlink, blikens in gevelstien yn 1785 boud yn mar sechtjin dagen. It hûs is nei restauraasje ferdield in meardere wenienheden foar jongelju en âlderein, in projekt fan de BOKD.

De herfoarme wettersteatstsjerke (1835) is boud troch de lokale timmerman Kliphuis; de pastorij stiet der njonken. Yn 1860 waard de toer boud. De tsjerke is yn 1982-1983 restaurearre. It oanlizzen fan in begraafplak yn it doarp wie yn de tiid fan de bou fan de tsjerke ferbean; dizze leit dêrtroch fier bûten it doarp (oan de Molewyk rjochting Spikerboar).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J.D.R. van Dijk e.a - 1785-1985, Van Annerveensche Compagnie tot Annerveenschekanaal (1985)
  • J.D.R. van Dijk, J.N.H. Elerie en W. Foorthuis. - Knapzakroute Annerveenschekanaal (Assen 1989)
  • Drintske Ensyklopedy oer it Annerfeanskekanaal