John Grass

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
John Grass
Lakota chief John Grass by George W Scott, 1880s.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Grass; Máto Watakpé
oare namme Oanfallende Bear, Charging Bear
berne 1836
berteplak oan 'e Grand River (Súd-Dakota)
stoarn 10 maaie 1918
stjerplak Fort Yates (Noard-Dakota)
etnisiteit Flagge United Sioux Tribes.PNG Lakota- (Sioux)
wurkpaad
berop/amt opperhaad fan de
   Swartfoet-Lakota
jierren aktyf ±18601918

John Grass, bertenamme: Oanfallende Bear (Lakota: Máto Watakpé, útspr.: ['ma:to wa'takpe:]; Ingelske oersetting: Charging Bear; oan 'e Grand River (Súd-Dakota), 1836Fort Yates (Noard-Dakota), 10 maaie 1918) wie in opperhaad fan 'e Swartfoet-substamme fan 'e Lakota- (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy waard ferneamd trochdat er ien fan 'e Yndiaanske lieders wie yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Yndianen it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrochten. Letter ûntjoech er him ta in feardich steatsman en diplomaat.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Grass waard yn 1836 berne oan 'e Grand River yn wat no de steat Súd-Dakota is. Sawol syn heit, Sičola, as syn pake, Brûkt-Him-as-in-Skyld, wiene foaroansteande lieders fan 'e Swartfuotten of Sihasapa, ien fan 'e sân substammen fan 'e Lakota, dy't net betize wurde moat mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten. Grass syn bertenamme wie Oanfallende Bear, mar doe't er mei trije jier doopt waard troch de roomske preester Pierre-Jean De Smet, in jezuïtyske misjonaris, waard him de namme "John Grass" jûn. Likegoed troude er yn 1867 by in lânseigen Lakota-seremoanje mei trije susters, wêrfan't ien letter Cecilia Walking Shield kaam te hjitten. Mei har troude Grass yn 1894 nochris foar de Roomske Tsjerke. Neffens guon boarnen hie Grass fjouwer bern, wylst oaren úthâlde dat er folle mear hie, mar dat in protte al jong kamen te ferstjerren.

Yn 'e 1850-er, 1860-er en 1870-er jierren wie Grass, dy't lid wie fan it Skimmelriders-krigersgenoatskip, belutsen by mannich in fjildslach en skermutseling mei de fijannen fan Lakota. Sa fierde er yn 1873 de Lakota-krigers oan yn 'e Slach by Massacre Canyon, yn Nebraska, dêr't se koarte metten makken mei in jachtpartij fan 'e Pâny (Pawnee), harren meast ûnfersoenlike erffijannen. Dat wie ien fan 'e lêste grutte slaggen tusken Yndiaanske folken yn Noard-Amearika ûnderling. (Tsjintwurdich stiet op dat plak in tinkteken mei op 'e iene kant it gesicht fan John Grass, en op 'e oare kant dat fan Regearjend-oer-Syn-Soan, de Pâny-oanfierder.) Yn 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876 focht Grass oan 'e kant fan 'e opperhaden Sittende Bolle en Mâl Hynder tsjin 'e Amerikanen, lykas yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, dêr't in Yndiaanske koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en guon Noardlike Arapaho it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer grutdiels ferdylge.

It stee fan 'e Slach by Massacre Canyon, yn 1873, tusken de Lakota en de Pâny (Pawnee). De obelisk is it tinkteken foar de slach.

Nei de úteinlike Amerikaanske oerwinning reizge Grass nei Pennsylvania, dêr't er oan 'e Carlisle Indian Industrial School, in ynternaat foar Yndiaanske bern yn Carlisle, lêzen en skriuwen en floeiend Ingelsk praten learde, kennis dy't er neitiid brûkte yn ûnderhannelings mei de Amerikaanske oerheid. Werom yn it Standing Rock Agintskip fan it Grutte Sû Reservaat tsjinne Grass fan 'e ein fan 'e 1870-er jierren oant syn dea as rjochter fan 'e Yndiaanske rjochtbank. Mei syn freon Gal, fan 'e Hûnkpapa, wied er in grut foarstanner fan Yndiaansk ûnderwiis en de omfoarming fan 'e Lakota-maatskippij fan in nomadysk bestean as jager-sammelders op 'e iepen flakten ta de sedintêre libbenswize fan lânbouwers. Om 1890 hinne, yn 'e tiid fan 'e geastedûnsbeweging en it Bloedbad fan Wounded Knee, besocht Grass it spul del te bêdzjen, in ûntankbere taak dêr't er net in protte freonen mei makke.

Grass kante him fûleindich oan tsjin it foarnimmen fan it Amerikaanske regear om 'e Lakota noch mear lân te ûntnaderjen, en late yn 1888 in grutskalich ferset tsjin 'e opspjalting fan it Grutte Sû Reservaat. Mar dat wie om 'e nocht, want yn 1889 waard it grutte reservaat dochs opheft, wêrnei't de helte fan 'e grûn frijjûn waard foar kolonisaasje troch de blanken, en de rest ferparte ûnder fiif lytsere reservaatsjes. Sels de ferplichtings dy't de Amerikanen harsels dêrby noch opleine, kamen se net nei, en yn 1902 joech Grass lieding oan in delegaasje fan opperhaden dy't nei Washington, D.C. reizge om 'e rjochtlike griven fan 'e Lakota oan it Amerikaanske regear dúdlik te meitsjen. John Grass ferstoar op 10 maaie 1918 yn syn hûs by Fort Yates, yn Noard-Dakota, yn it Standing Rock Yndianereservaat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.