Piet Hendriks

Ut Wikipedy
Piet Hendriks
akteur
Piet Hendriks as Hein de Leeuw yn de telefyzjerige Man alleen (1981)
Piet Hendriks as Hein de Leeuw yn de telefyzjerige Man alleen (1981)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berteplak Nieuwendam
stjerplak Swol
jierren aktyf 1954-1995
offisjele webside
Piet Henriks yn de IMDb

Piet Hendriks (Nieuwendam, 13 desimber 1918 - Swol, 6 april 2000) wie in Nederlânsk akteur en kabaretier.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hendriks soe ynearsten elektrisiên wurde, maar fielde him al gau oanlutsen ta it toaniel. Hy spile by ferskate amateurselskippen, ûnder oaren by de Amsterdamske Komedy.

Hendriks syn telefyzjedebút wie yn 1954 as Willempie yn Saint-Germain-des-Prés, it VARA-programma fan Tom Manders. Hendriks pakte syn kâns en lei him dêrnei folslein ta op telefyzje.

Hy spile yn Ja zuster, nee zuster de rol fan in yngenieur dy't mei syn eksperiminten yn de kelder allegeduerigen foar ontploffingen soarge.

Teffens spile er yn Zeg 'ns Aaa, Komdatzien, Klatergoud, Klaverweide, Ieder zijn deel, Cassata, De Late Late Lien Show en amusemintsprogramma's lykas de De Mountiesshow, Max Tailleurshow en Klassewerk.

Hendriks hearde mei Annet van Heusden en Sien Diels ta de oarspronklike 'bewenners' fan de Nederlânske Sesamstrjitte; hy die mei fan 1976 oant 1984, doe't er de searje om reden fan skeel ferliet. Syn rol fan pake waard oernaam troch Lex Goudsmit.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]