Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen
Petrus Johannes Vegelin van Claerbergen (De Jouwer, 7 augustus 1845 – De Haach, 24 july 1918) wie in hoftsjinner en lange tiid direkteur fan it Kabinet fan de Keninginne.
Jonkhear P.J. Vegelin van Claerbergen waard berne as soan fan it Twadde-Keamerlid jonkhear P.B.J. Vegelin van Claerbergen (1808-1879) en dy syn earste frou, jonkfrou A. van Beyma (1815-1851). Hy bleau frijfeint.
Hy wie yn de jierren 1867-1870 luitenant-op-see twadde klasse. Yn 1875 waard hy beneamd ta partikulier sekretaris fan kening Willem III wat hy bleau oant 1879. Dêrnei kaam er yn tsjinst fan it 'Kabinet des Konings', dêr't hy yn 1899 direkteur waard; hy bleau dy funkssje hâlden oant 1910. Yn dat lêste jier waard hy beneamd as lid fan de Ried fan Steat yn bûtengewoane tsjinst en bleau dat oant syn ferstjerren. Yn 1875 waard hy beneamd as keamerhear yn bysûndere tsjinst wat er ek oant syn ferstjerren bleau.[1]
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisier yn de Oarder fan de Ikekroan (1878)
- Ridder fjirde klasse yn de Oarder fan de Gouden Liuw fan Nassau (1880)
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1890)
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1902)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Fryske adel
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- Lid fan de Ried fan Steat
- Frysk persoan fan Dútsk komôf
- Vegelin van Claerbergen
- Persoan berne op De Jouwer
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1845
- Persoan stoarn yn 1918