Rinze Hempenius
Rinze Hempenius | ||
![]() | ||
echte namme | Rinze Frederik Hendrik Hempenius | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 25 febrewaris 1918 | |
berteplak | Batavia | |
stjerdatum | 12 jannewaris 1982 | |
stjerplak | Epe | |
etnisiteit | ![]() | |
partij | CHU | |
boargemaster fan Frjentsjerteradiel | ||
amtsperioade | 1959-1971 | |
foargonger | Frederik Steenhuisen | |
opfolger | Siebold Hartkamp | |
boargemaster fan Pijnacker | ||
amtsperioade | 1971-1981 | |
foargonger | Jan Vader | |
opfolger | John de Prieëlle |
Rinze Frederik Hendrik Hempenius (Batavia, 25 febrewaris 1918 - Epe, 12 jannewaris 1982) is in earder Nederlânsk CHU-politikus.
Hempenius, fan Fryske komôf, waard berne yn Nederlânsk-Ynje. As trettjinjierrige gie hy foar syn oplieding nei Nederlân. Hy studearre rjochten yn Leien. Nei syn stúdzje wie hy folontêr by de gemeentesekretary fan Rijswijk, sekretaris fan in beswierenkommisje foar ûnteigeningsfergoedingen bûten Rotterdam en haad fan de ôfdieling ûnteigening en tawizing fan it prizeburo fan de Direksje Weropbou en Folkshûsfêsting yn Súd-Hollân. Hy waard letter haadkommys fan de provinsjale griffy yn Súd-Hollân.
Hy waard yn 1959 ynstallearre as boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Om ûntslach fanwege de gemeentlike weryndieling yn Fryslân foar te wêzen, socht hy om in nije gemeente bûten de provinsje. Yn 1971 waard hy beneamd ta boargemaster fan Pijnacker. Hy makke yn 1981 gebrûk fan de regeling foar eardere úttreding (VUT) en ferhuze nei Epe. Hy ferstoar ut jier dêrop op 63-jierige leeftiid. Hy wie ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn Pijnacker is in byld fan him komd.
- Nederlânsk abbekaat
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- CHU-politikus
- Boargemaster fan Frjentsjerteradiel (oant 1984)
- Nederlânsk boargemaster
- Nederlânsk konservatyf
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje
- Persoan berne yn 1918
- Persoan stoarn yn 1982