Springe nei ynhâld

Boele Bregman

Ut Wikipedy
Boele Bregman
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Boele Bregman
berne 9 febrewaris 1918
berteplak It Hearrenfean,
stoarn 1 juny 1980
stjerplak It Hearrenfean
wurkpaad
jierren aktyf 1956 - 1980

Boele Bregman (It Hearrenfean, 9 febrewaris 1918 - dêre, 1 juny 1980) wie in byldzjend keunstner.

Boele Bregman skildere meast minsken yn in abstrakt-stilistysk realisme. Meast skilderstikken en etsen, mar ek byldhouwer en dichter.

Syn libben waard foar in grut part bepaald troch syn ûnderfiningen yn de Twadde Wrâldoarloch, syn berop as leadjitter en syn swakke sûnens. Yn de oarloch waard er belutsen by it ferset, mar hy waard nei de oarloch krektas syn heit leadjitter. Nei in earste hertoanfal yn 1956 koe er it wurk net mear dwaan en Boele waard beropskeunstner. Troch syn wrakseljen mei de oarloch en de eangst foar gaos en leechte kin er ta de eksistinsjalisten rekkene wurde. Syn wurken geane dan ek meast oer de fraach fan goed en kwea en de sin fan it bestean. Tegearre mei keunstners út de omkriten fan It Hearrenfean as Sjoerd de Vries en Sies Bleeker socht er nei in earlike besiele keunst, mei romte foar minsklike emoasjes as pine, wille of fertriet.

Boele Bregman debutearre yn 1958 yn It Prinsessehof yn Ljouwert yn in primityf-poëtyske styl. Om 1960 hinne begûn er te tekenjen en te etsen. De neidruk lei dêrby mear op linen en flakferdieling. Ek de ynfloed fan eksistinsjalisten as Paul Klee en Alberto Giacometti waard doe al grutter. De ynhâld waard sa wichtich dat er ek bylden fan izer meitsjen gie, dy bylden hiene meast in relaasje mei syn etsen. Troch de Kâlde Oarloch waard syn styl stadichoan tsjusterder en dramatysker. Hy liet him minder en minder sjen. Meidat er oant syn dea jierliks troch etsen in nijjierskaart makke, is syn artistike ûntwikkeling goed te folgjen.

Syn wurk heart ta it bêste fan wat der yn Fryslân makke waard. Bregman hat in wichtige ynfloed hân op in soad jonge keunstners yn Fryslân, wêrûnder Mare van der Woude. Nei 1970 hat er net folle mear eksposearre. De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert kochten wurk fan him oan. Ek Museum Belvédère op It Hearrenfean en it Karmelkleaster yn Drachten hawwe wurk fan Bregman.

  • Siep Hellinga & Loes Rotshuizen-van Sitteren - Boele Bregman (1918-1980) Utgjouwerij: De Hellingstichting, ISBN 90-800332-1-9
  • Boele Bregman & Willem Winters - O, was ik als een aap (Utjouwrij Perio, Ljouwert, 80 siden, 2013)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: