Springe nei ynhâld

Abraham Bueno de Mesquita

Ut Wikipedy
Abraham Bueno de Mesquita
akteur
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 23 july 1918
berteplak Amsterdam
stoarn 19 augustus 2005
stjerplak Lelystêd
jierren aktyf 1959-1980

Abraham (Appie) Bueno de Mesquita (Amsterdam, 23 july 1918Lelystêd, 19 augustus 2005), meast yn 't koart Bueno de Mesquita of Bueno neamd, wie in Nederlânske komyk en akteur fan joadsk komôf.

Yn de Twadde Wrâldoarloch bedarre Bueno de Mesquita yn it trochgongskamp fan Kazerne Dossin yn it Belgyske Mechelen. Doe't de SS-kommandant muzikanten socht, melde Bueno de Mesquita him oan. Sadwaande ûntkaam er oan deportaasje nei konsintraasjekamp Auschwitz.

Bueno de Mesquita wurke as bandparodist en as muzikant, ûnder oare yn it orkest fan Malando en by The Skymasters. Mei ûnder oaren Rudi Carrell, Rita Corita en André van Duin wurke er op as komyk; fan 1968 ôf by Carrell yn Dútslân. As akteur hie er ûnder mear in rol yn de telefyzjerige Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer?.

Bueno de Mesquita stoar yn de âldens fan 87 jier oan de gefolgen fan longkanker en in harsenstumor.

  • 1964 - Spuit Elf (film)
  • 1976 - De radiodroom
  • 1977 - In Tirol gaat de ontucht nooit verloren
  • 1978 - De Tiroler sex-expres
  • 1979 - Himmel, Scheich und Wolkenbruch
  • 1980/1981 - Dag '80, hallo '81

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: