Springe nei ynhâld

Súd-Afrika

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Súd Afrika)
Republiek van Suid-Afrika
Republic of South Africa
Flagge fan Súd-Afrika Wapen fan Súd-Afrika
Flagge Wapen
Lokaasje fan Súd-Afrika
Offisjele taal Afrikaansk, Ingelsk, Zulu, Xhosa, Swazy, Ndebele, Súd-Sotho, Noard-Sotho, Tswana, Venda, Tsonga
Haadstêd Pretoria
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
1.221.037 km²
-­%
Ynwenners (2011) 51.770.560
Munt Rand (ZAR)
Tiidsône UTC +2
Lânkoade ZAF
Ynternet .za
Tillefoan 27

Súd-Afrika (Afrikaansk: Suid-Afrika, Ingelsk: South Africa of yn it Súdafrikaansk-Ingelsk: Seffrica, Noard-Soto: Afrika Borwa), is in lân dat, sa as de namme bliken docht, oan de súdpunt fan Afrika leit. Sûnt 1961 is de offisjele namme de Republyk Súd-Afrika; foartiid wie it sûnt 1910 in mienebêstlân mei de Britske monarch as steatshaad en de offisjele namme Uny fan Súd-Afrika. It lân grinzet yn it noarden oan Namybje, Botswana en Simbabwe, yn it easten oan Mozambyk en Swazylân. De ûnôfhinklike steat Lesoto wurdt hielendal omsletten troch Súd-Afrika.

Súd-Afrika wurdt begrinzge toch:

Lesoto wurdt alhiel troch Súd-Afrika omklamme.

It Drakensberchtme

It lânskip hat in protte fariaasje, it binnenlân bestiet út heechflakte, bylâns de râne lizze rûge heuvels en oan de kust in smelle flakke stripe. It tusken de 1000 en 1800 meter hege, útstrekke sintrale heechlân fan de Karroo wurdt ûnderbrutsen troch ôfhandich lizzende berchpiken en yn it easten begrinzge troch it Drakensberchtme. Fierders nei it easten leit de trochstrings smelle kuststripe dy't net folle ûnderbrutsen wurdt.

De heechste berch fan it lân is de Njesuty op 3408 meter hichte. It klimaat fan Súd-Afrika is trochstrings subtropysk.

Súd-Afrika beskikt oer in protte natuerlike rykdommen: goud, groom, antimoon, stienkoal, izererts, mangaan, nikkel, fosfaten, tin, uranium, diamanten, platina, koper, fanadium, sâlt, ierdgas.

De skreaune skiednis fan Súd-Afrika set útein op 6 april 1652 as Jan van Riebeeck yn tsjinst fan de VOC in ferfarskingsstasjon stiftet by Kaap de Goeie Hope. Dizze Nederlânske delsetting wreide himsels yn de 17e en 18e iuw stadich ú nei it easten oant de Grutte Fiskrivier.

Yn 1806 besetten de Britten de Kaap en hienen de Nederlanners it net mear foar it sizzen. Letter ûntstie der argewaasje tusken de Britten en de Nederlânske boeren, ûnder oare fanwegen de kompensaasje foar de ôfskaffing fan de slavernij. In soad Nederlânske (en ek Dútske en Hugenoatske) kolonisten, bekend as Boeren, lutsen yn de jierren 1830-1840 ûnder de saneamde Grutte Trek fuort út de kaapkoloanje, en stiften ûnôfhinklike republiken, de Oranje Frijsteat en Transvaal. In krewearjen fan de Boeren om ek Natal yn te lûken waard ôfslein troch de Sûloes ûnder lieding fan Dingaan, de broer fan de ferneamde Shaka Sûloe. It wienen foaral syn oarloggen tsjin oare stammen dêr't de Boeren sa maklik opgong troch meitsje koenen. Letter waarden de Sûloes ferslein troch de Britten.

Flagge fan de Uny fan Súd-Afrika

Yn 1867 waarden der diamanten en yn 1886 goud fûn yn de Boererepubliken. Troch dizze ûntdekkings naam de rykdom, ymmigraasje en ûnderwerping fan de oarspronklike bewenners ta. De Boeren fersetten harren in skoft lang tsjin de Britten, mar waarden ferslein yn de Earste Boereoarloch (1880-1881) en de Twadde Boere-oarloch (1899-1902). Yn 1910 waard de Uny fan Súd-Afrika foarme, dy't in ûnôfhinklike steat waard yn it Britske Mienebest. Yn 1931 waard Súd-Afrika in Dominion. Súd-Afrika fierde de polityk fan apartheid (skieden ûntwikkeling fan de ferskate rassen) yn, hokker nei de ferkiezingsoerwinning fan de Nasjonale Partij yn 1948 noch fierder fersterke waard.

Yn de jierren '90 einige de apartheid. De doetiidske presidint de Klerk liet de bekende anti-apartheidsaktivist Nelson Mandela frij op 11 febrewaris 1990, en yn 1994 waarden foar it earst algemiene ferkiezings foar alle rassen hâlden. Troch de oerwinning fan it ANC, kaam der in nij bestjoer dat foar in grut part út minsken bestie út de (foaral swarte} anti-apartheidsgroepearring. De lieding wie earst yn hannen fan, letter ûnder Thabo Mbeki. It nije regear fierde in belied fan 'rjochtstellende aktie' om de ûngelikenens fan it ferline in ein te meitsjen. Sûnt 1996 is der in nije grûnwet. Súd-Afrika is in republyk yn transformaasje. It is ek it lân mei in ferskuorrend grut ferskil tusken earm en ryk, en it hat it heechste persintaazje HIV-besmetten yn de wrâld.

Neffens de lêste folkstelling fan 2011 bestie de befolking fan Súd-Afrika út 51.770.560 ynwenners. Yn 2019 waard de befolking skatten op 58.775.022 ynwenners.

Súd-Afrika is im multy-etnysk lân. It hat de grutste fan oarsprong Jeropeeske en Yndiaaske befolking fan Afrika. By de folkstelling wie 79% fan de befolking swart, 10% blank, 9% kleurling en 3% wiene Ynjers.

Yn Súd-Afrika wurde in protte ferskillende talen sprutsen dêr't alve offisjeel fan binne. Nei Ynje is Súd-Afrika dêrmei it lân mei de measte offisjele talen.

Yn de grûnwet fan Súd-Afrika stiet ek dat it Khoi, San, Nama en de Súd-Afrikaanske Gebeartetaal befoaredere wurde, mar dizze talen binne net offisjeel. Oare net offisjele talen binne it Dútsk, Portegeesk, Frânsk, Fanagalo, Lobedu, Noard-Ndebele en Phuty.

Fan de befolking boppe de 15 jier kin 86,4% lêze en skriuwe.

It Afrikaansk hat him út it Nederlânsk ûntwikkele en is nau dêroan besibbe.

Neffens de lêst folkstelling wie 79,7% fan de Súd-Afrikaanske befolking kristen. Hjirfan hearen 11,1% by de Zion Christian Church, 8,2% by Pinkstergemeente, 7,1% by de Roomsk-Katolike Tsjerke, 6,8% by de Metodistetsjerke, 6,7% by de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke, 3,8% by de Anglikaanse Tsjerke en hearden 36% by oare kristlike tsjerken. Meastepart fan de blanke Afrikaners heare fan âlds by de kalvinistysk-protestantske Nederdútsk Grifformearde Tsjerke.

Fan de befolking hinget 1,5% de islam oan en 1,3% it hindoeïsme. 15,1% fan de Súd-Afrikanen wie net leauwich, 2,3% hat in oar leauwe en fan 1,4% wie it net bekend. In protte minsken dogge sawol oan it kristlik leauwe as in natoerreligys.

BYP per persoan is $9.700 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 3,2% lânbou, 31,3% yndustry en 65,5% tsjinsten.

Súd-Afrika is in federale republyk mei in grûnwet út 1996. De presidint fan it lân wurdt alle fiif jier keazen troch de Nasjonale Gearkomste keazen.

De útfierende macht leit by de presidint en syn ministers. De presidint beneamt de ministers sels. De wetjouwende macht bestiet út in twakeamer-parlemint ferdield oer de Nasjonale Gearkomste (National Assembly/Nasionale Vergadering) mei 400 sitten en de Nasjonale Ried fan Provinsjes (National Council of Provinces/Nasionale Raad van Provinsies) mei 90 sitten. De lêste macht is de rjochterlike macht. Yn Johannesboarch sit de rjochtbank dy’t him dwaande hâldt mei grûnwetfraachstikken. De heechste rjochtbank foar saken fan iepenbiere oarder sit yn Bloemfontein. De standert rjochtsaken wurde op lokaal nivo hâlden.

It parlemint bestiet út twa keamers en kiest de presidint. De Nasjonale Gearkomste wurdt alle fiif jier direkt troch it folk keazen. De Nasjonale Ried fan Provinsjes wurdt alle fiif jier keazen troch de provinsjale bestjoeren. De Nasjonale Gearkomste en provinsjale bestjoeren wurde beide keazen by de algemiene ferkiezings. Leden fan de gemeenterieden en boargemasters wurde direkt troch it folk keazen by de lokale ferkiezings.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it tiidrek 1910-1994 hie Súd-Afrika fjouwer provinsjes: Transvaal, Oranje-Frijsteat, Natal un de Kaapprovinsje. Sûnt 1994 is it lân bestjoerlik yndielt oer 9 provinsjes:

Provinsje Haadstêd Oerflak (km²) Ynwennertal (2007)
Eastkaap Bhisho 169,580 6,527,747
Oranje Frijsteat Bloemfontein 129,480 2,773,059
Gauteng Johannesburg 17,010 10,451,713
KwaZulu-Natal Pietermaritzburg 92,100 10,259,230
Limpopo Polokwane 123,900 5,238,286
Mpumalanga Nelspruit 79,490 3,643,435
Noardkaap Kimberley 361,830 1,058,060
Noardwest Mafikeng 116,320 3,271,948
Westkaap Kaapstêd 129,370 5,278,585
Total 1,219,080 48,502,063
Provinsjes fan Súd-Afrika
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Súd-Afrika fan Wikimedia Commons.