Springe nei ynhâld

Sûlû (taal)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Zulu (taal))

Sûlû, of isiSûlû (isiZulu), is de taal dy't troch de Sûlû's sprutsen wurdt en hat om-ende-by 9 miljoen sprekkers dêr't it meastepart fan (mear as 95%) yn Súd-Afrika libbet. Yn Súd-Afrika is it Sûlû ek de meast sprutsen taal.

It Sûlû makket part út fan de Ngunisubfamylje fan de Bantoe. In skaaimerk fan de taal is it gebrûk fan de 'kliklûden'. Dat skaaimerk hawwe sy gemien mei ferskate oare talen yn Súdlik Afrika. Der binne trije grûn-kliks yn it Sûloe:

  • c - dentaal
  • q - alveolêr
  • x - lateraal

Dizze kliks kinne wizige wurde op in oantal wizen, bygelyks troch sykheljen. Sadwaande binne der wol fyftsjin kliklûden yn it Sûlû. De skreaune foarm fan de taal wurdt troch it "Zulu Language Board" fan KwaSûlû-Natal kontrolearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Sûlû (taal)e ferzje.