Kor Onclin

Ut Wikipedy

Kor Onclin (Ljouwert, 4 desimber 1918Twello, 7 maart 2003) wie in Nederlânske keunstskilder yn de moderne keunst, út de twadde helte fan de tweintichste iuw. Syn styl is ekspresjonistysk en besibbe oan Cobra.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kor Onclin waard berne yn Ljouwert. Syn mem hearde ta de feministes fan it earste oere. Syn heit wie binnenhûsdekorateur en musikus. Onclin folge in keunstoplieding oan de foarrinder fan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.

Syn wurk waard koart foar de Twadde Wrâldoarloch eksposearre by Keunsthannel de Boer. Nei de Twadde Wrâldoarloch studearre Onclin ortopedagogyk en psychology. Oant 1978 wurke er yn De Haach as psychoterapeut en dosint op de Sosjale Akademy. Yn de jierren 70 eksposearre er yn ferskate galerys yn Nederlân.

Yn 1978 sette Onclin op Frankryk ta (Privas, Ardèche), om him folslein oan it skilderjen wije te kinnen. Nei 1981 eksposearre er benammen yn Frankryk. Syn wurk waard meardere kearen ûnderskiede. Sûnt midden jierren 80 eksposearre hy wer yn Nederlân.

Eksposysjes nei 2000[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2010: Museum Martena - Frjentsjer
  • 2008: L'Echo du Passé Présent, Château de La Voûlte - Ardèche/Frankryk
  • 2007: Kor Onclin, Galery BAS - Snits
  • 2006: Gemeente Voorst, Gemeentehûs Twello
  • 2005: Galery Aquarius Art - Klarenbeek
  • 2003: hommage-tentoanstelling Kor Onclin, It Frysk Skildershûs - Ljouwert
  • 2002: hommage-eksposysje Galery Vlasblom - Arnhim
  • 2002: hommage-eksposysje Galery Espace Envol - Privas/Ardèche, Frankryk
  • 2001: oersjochstentoanstelling Gerjochtsgebou Rotterdam
  • 2001: Galery Vlasblom - Arnhim
  • 2001: invité d'honneur 59e Salon d'Automne - Privas
  • 2001: eksposysje 'Village-Café' - Flaviac/Ardèche
  • 2001: invité d'honneur Exposition Internationale d'Art Abstrait 'Métamorphose'- Château de la Voûlte/Ardèche
  • 2000: 'Leeuwarden in Perspectief' - Simmer 2000; eksposysje Fryske Akademy - Ljouwert

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arles 1983, Grand Prix International
  • Aix-en-Provence 1983, 1er prix Fantastique
  • Avignon 1984, Prix Visages du XXieme Siècle (keunsttydskrift)
  • Barcelona (Spanje) 1984, 1er Prix Abstrait
  • Aix-en-Provence 1984, Prix la Côte des Arts (keunsttydskrift)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Lynes Avezard et al. Kor Onclin, Couleurs d'emerveillement/Kleuren fan ferwûndering. Privas, 1998.