Bloemendaal ferslacht interland Nederlân-Belgje te Haarlim yn 1950
Philippus (Philip) Bloemendal (Scheveningen, gemeente De Haach, 25 juny1918 - Amersfoart, 22 febrewaris1999) wie in Nederlânsk nijslêzer. Hy is meast bekend as presintator fan it Polygoon-sjoernaal tusken 1946 en 1986. Syn karakteristike stimlûd en syn koartswilligens wurde noch altyd troch in soad minsken weromkend.
Bloemendal wie by Polygoon in all-round nijslêzer en redakteur: hy sette sels byld en lûd yn elkoar, skreau de teksten en lies dy sels foar. Teffens wie er ferantwurdlik foar it personielsbelied en it hanthavenjen fan it produksjepeil.