Ernst van der Beugel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ernst van der Beugel
High-contrast-accessories-text-editor.svg politikus
Ernst van der Beugel
Ernst van der Beugel
echte namme Ernst Hans van er Beugel
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
bertedatum 2 febrewaris 1918
berteplak Amsterdam
stjerdatum 29 septimber 2004
stjerplak De Haach
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
partij PvdA
steatssekretaris fan Jeropeeske Gearwurking
amtsperioade 19571958

Ernst Hans van der Beugel (Amsterdam, 2 febrewaris 1918De Haach, 29 septimber 2004) wie in Nederlânsk ekonoom, topfunksjonaris, diplomaat en politikus.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van der Beugel studearre ekonomy oan de Universiteit fan Amsterdam dêr't er yn 1941 ôfstudearre. Yn 1966 promovearre er oan de Universiteit Leien. Syn dissertaasje hie in foaropwurd fan Henry Kissinger.[1]

Van der Beugel wie fan 8 jannewaris 1957 oant 22 desimber 1958 út namme fan de PvdA steatssekretaris fan Bûtenlânske Saken (portefúlje Jeropeeske Gearwurking). Dêrfoar en koart dêrnei wie er topamtner op ferskate ministearjes. Yn 1959 waard er plakferfangend presidint-direkteur fan de KLM, en fan 1961 oant 1963 wie er presidint-direkteur fan dat bedriuw. Yn 1966 waard er beneamd ta bûtengewoan heechlearaar oan de Universiteit Leien mei de learopdracht Westelijke samenwerking na de Tweede Wereldoorlog. Hy gie yn 1983 mei emeritaat.

Van der Beugel wie teffens sekretaris-generaal foar de Bilderbergkonferinsjes yn Jeropa en Kanada.[2]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Ernst Hans van der Beugel: From Marshall plan to Atlantic Partnership. European integration as a concern of American foreign policy. Elsevier, Amsterdam/London/New York 1966.
  2. Bilderberg Meetings of 1997 Assembles a press release distributed by PR Newswire Europe, 13 juny 1997.