Springe nei ynhâld

Gladys Bissonette

Ut Wikipedy
Gladys Bissonette
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gladys Bissonette
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1918
berteplak yn it Pine Ridge Reservaat
   (Súd-Dakota)
stoarn ±1975
stjerplak yn it Pine Ridge Reservaat
   (Súd-Dakota)
etnisiteit Lakota-)
wurkpaad
aktyf as minskerjochte-aktivist
jierren aktyf ±1970 – ±1975

Gladys Bissonette (yn it Pine Ridge Yndianereservaat (Súd-Dakota), 1918 – dêre, ±1975) wie in Amerikaansk minskerjochte-aktiviste fan etnysk Yndiaansk komôf, dy't opkaam foar de rjochten fan 'e Lakota. Begjin 1970-er jierren wie hja behelle yn 'e striid tsjin 'e korrupte stammepresidint Dick Wilson en die se teffens mei oan 'e Besetting fan Wounded Knee.

Bissonette waard yn 1918 berne yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Mei û.m. Ellen Moves Camp wie hja ein jierren sechstich en begjin jierren santich ien fan 'e froulike stamâldsten fan 'e Oglala-Lakota. Under it bewâld fan Dick Wilson, dy't yn 1972 presidint waard fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, ûntjoech Bissonette har ta ien fan 'e liedende minskerjochte-aktivisten fan har folk. Wilson wie in alkoholistyske dranksmokkelder, dy't dy't as setbaas fan it Amerikaanske federale regear yn Washington, D.C. fungearre en mei syn autoritêre manear fan dwaan grutte opskuor yn it reservaat feroarsake. Hy waard beskuldige fan machtsmisbrûk, korrupsje en fysike mishanneling fan syn politike tsjinstanners.

Behalven dat Bissonette har sterk fersette tsjin it skrikbewâld fan Wilson, wie se ek belutsen by de ferneamde Besetting fan Wounded Knee. Dêrby waard it plakje Wounded Knee, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn bloed smoard wie, troch sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging ynnommen. Under lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means waard Wounded Knee dêrnei 71 dagen lang (fan 27 febrewaris oant 8 maaie) beset holden, wêrby't de aktivisten in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Hjirby kamen twa aktivisten om, wylst twa plysjeminsken ferwûne rekken. Bissonette wie mei û.m. Ellen Moves Camp, Leonard Crow Dog en Frank Fools Crow ien fan 'e Oglala-stamâldsten dy't de besetting oanmoedigen, en hja naam der sels ek oan diel. Under de belegering fan Wounded Knee wurke hja yn 'e lytse klinyk dy't de aktivisten yn it doarp opset hiene.

Nei Wounded Knee kearde Bissonette werom nei hûs. Op 17 oktober 1973 waard har soan Pedro Bissonette, in minskerjochte-aktivist dy't him as lieder fan 'e Oglala Civil Rights Organization (OSCRO) yn it bysûnder oankante hie tsjin it bewâld fan Dick Wilson oer it reservaat, deasketten troch in agint fan it BIA, sabeare om't er him tsjin syn arrestaasje fersette. Hoewol't ûndersyk letter oantoande dat Bissonette mei in gewear deasketten wie fan minder as 60 sm ôfstân, waard nimmen ea foar de moard ferfolge. Op 30 maart 1975 ferlear Bissonette ek har pakesizzer Richard Eagle, doe't dy omkaam by in ûngelok wylst er mei in gewear oan it boartsjen wie. Gladys Bissonette stoar net lang dêrnei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.