Oglala Civil Rights Organization
Oglala Civil Rights Organization | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | OSCRO | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | minskerjochten | |
haadkertier | Pine Ridge (Súd-Dakota) | |
oprjochte | 1973 | |
opdoekt | 1976 | |
oprjochter | Pedro Bissonette | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Oglala Civil Rights Organization of OSCRO ("Oglala Boargerrjochte-organisaasje") wie in minskerjochte-organisaasje dy't yn febrewaris 1973 oprjochte waard yn it Pine Ridge Yndianereservaat, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It doel fan dizze organisaasje wie de ôfsetting fan 'e autoritêre Dick Wilson, dy't yn 1972 yn it reservaat oan 'e macht kommen wie, en der mei syn eigen paramilitêre milysje, de Guardians of the Oglala Nation, in wier skrikbewâld útoefene, wêrby't er syn politike tsjinstanners yntimidearje en mishannelje liet. De lieder fan 'e OSCRO wie de jonge aktivist Pedro Bissonette, en fierders wiene der ek ferskate stamâldsten fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota by belutsen, wêrûnder Bissonette syn mem Gladys Bissonette, Ellen Moves Camp, Leonard Crow Dog en Frank Fools Crow.
Yn febrewaris 1973 rûn in besykjen fan 'e OSCRO om Wilson fia in formele ôfsettingsproseduere oan 'e dyk te setten op 'e non troch breklike tarieding en de stipe dy't Wilson fan 'e Amerikaanske federale oerheid krige. Fan febrewaris oant maaie fan datselde jier wie de OSCRO djip behelle yn 'e Besetting fan Wounded Knee. Dêrby waard it plakje Wounded Knee, dêr't yn 1890 it lêste ferset fan 'e Lakota tsjin 'e Amerikaanske oerhearsking yn bloed smoard wie, troch sa'n twahûndert Oglala-Lakota en oare leden fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging ynnommen. Under lieding fan Dennis Banks, Carter Camp en Russell Means waard it dêrnei 71 dagen lang beset holden, wêrby't de aktivisten in belegering troch de FBI en de United States Marshals Service trochstiene. Hjirby kamen twa aktivisten om, wylst twa plysjeminsken ferwûne rekken.
Op 17 oktober 1973 waard OSCRO-lieder Pedro Bissonette deasketten troch in agint fan it BIA, sabeare om't er him tsjin syn arrestaasje fersette. Nettsjinsteande it feit dat ûndersyk letter oantoande dat Bissonette mei in gewear deasketten wie fan minder as 60 sm ôfstân, waard nimmen ea foar de moard ferfolge. Hoewol't de OSCRO neitiid troch brekme oan liederskip yn 'e nederklits rekke, sette de organisaasje de striid noch fuort oant 1976, doe't Wilson einlings en te'n lêsten ferslein waard by nije ferkiezings foar it amt fan stammepresidint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|