Jan Retèl
Jan Retèl | ||
akteur | ||
Jan Retèl (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 febrewaris 1918 | |
berteplak | Bussum | |
stoarn | 17 augustus 1984 (66 jier)) | |
stjerplak | Bussum | |
jierren aktyf | 1938-1983 | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl |
Jan Retèl (Bussum, 24 febrewaris 1918 - dêre, 17 augustus 1984) wie in Nederlânsk akteur en regisseur. Hy spile ûnder oaren njonken Teddy Schaank, Jan Teulings en Ine Veen yn de De Weg, in telefyzjerige fan Willy van Hemert, dy't yn 1983 útstjoerd waard troch de KRO.
Retèl waard yn 1972 troch Hans Croiset oanhelle om, mei in tal oare akteurs, de fêste kearn fan it Publieksteäter te foarmjen. Dy akteurs, ûnder oaren Max Croiset en Sigrid Koetse, kamen fan de Nederlandse Comedie.
Retèl boaske trijeris: fan 1942 oant 1946 mei de aktrise Rini Otte, fan 1948 oant 1954 mei de aktrise Elisabeth Andersen (offisjeel Anna Elisabeth de Bruijn, 1920-2018) en fan 1960 oant syn dea yn 1984 wie de aktrise Sigrid Koetse syn oare helte. Retèl is de heit fan ûnder oare de akteurs René Retèl en Sjoera Retèl.
Filmografy (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1938: Vadertje Langbeen - Frits Donkers
- 1940: Pinokkio - Jantje Fatsoen, (Nederlânske stim)
- 1948: Niet tevergeefs
- 1952: Het Zwarte goud- Stim
- 1957: Kleren maken de man
- 1958: Dorp aan de rivier - Thijs van Erpen
- 1961: De laatste passagier - Seeman
- 1967: Dood van een handelsreiziger
- 1968: Ritmeester Buat - Johan de Witt
- 1975: Keetje Tippel
- 1975/76: Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan - Pauws
- 1979: Grijpstra en De Gier - Kommissaris
- 1979: Voorbij, voorbij - Cees
- 1981: Het meisje met het rode haar - Perfester
- 1981: De Fabriek - Dommering
- 1982: Armoede (film) - Evert Terlaet
- 1983: De Weg - Lex van Swaay
Harkspulakteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1980: Verloving in de herfst - Bertold Kerz