Willy van Hemert
Willy van Hemert | ||
Willy van Hemert (1959) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willem Catharinus van Hemert | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 maart 1912 | |
berteplak | Utert | |
stoarn | 26 juny 1993 | |
stjerplak | Hechtel | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Regiseur, Toanielskriuwer, Akteur, kabaretier | |
jierren aktyf | 1942-1985 |
Willem Catharinus (Willy) van Hemert (Utert, 29 maart 1912 - Hechtel, 26 juny 1993) wie in Nederlânsk toaniel- en telefyzjeregisseur, tekst- en toanielskriuwer, akteur en kabaretier.
Van Hermert gie nei it Bonifacius Lyceum yn Utert. Hy wie ynteressearre yn kabaret en toaneel. Yn syn middelbere skoaltiid spile hy de rol fan Charles Lindbergh. Nei dy skoalle studearre hy koart Rjochten en Ekonomy. Van Hemert krige mei syn earste frou Miep Kronenburg (sjongster en dûnseresse ûnder oaren by de Fritz Hirsch-operette) fjouwer bern: Hans van Hemert (produsint en komponist), Ruud van Hemert (regisseur), Ellen van Hemert (keunstskilderes en aktrise) en Eric van Hemert (keunstskilder, musikus en komponist). Van Hemert wie de skoanheit fan akteur Coen Flink.
Van Hemert wenne de lêste jierren yn it Belgyske doarp Hechtel mei syn lêste frou, Cootje Ruijters. Hy waard beïerdige op it Algemiene Begraafplak oan de Woensbergweg yn syn eardere wenplak Blaricum. Op syn grêf stiet syn byldhoude portret.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Hemert is yn Nederlân benammen bekend wurden as 'de man van de riges'. De glazen stad (nei in boek fan P.J. Risseeuw), Bartje (nei it boek fan Anne de Vries), De kleine waarheid (nei in trilogy fan Jan Mens) en Dagboek van een herdershond (basearre op in trilogy fan de preester Jacques Schreurs).
Kabaret
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1947 - Kabaret Willy van Hemert mei ûnder oaren Fien de la Mar
Lietteksten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1957 - Net als toen - Corry Brokken op muzyk fan Guus Jansen
- 1959 - De Zuiderzeeballade - Sylvain Poons en Oetze Verschoor op muzyk fan Joop de Leur
- - Een Beetje - Teddy Scholten, muzyk fan Dick Schallies
- 1960 - Wat een geluk - Rudi Carrell ek op muzyk fan Schallies
- 1968 - Glazen Stad - Westlands Mannenkoor, muzyk fan Piet Struijk
- 1969 - Heartbeat - Anneke Grönloh, muzyk fan Hans van Hemert
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1942 - Paarlen voor de zwijnen mei ûnder oaren Ko van Dijk jr.
Revu
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1943 - Première mei ûnder oaren Toon Hermans
Telefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1951 - De Toverspiegel
- 1955 - Het paard van Troje (VARA)
- 1958 - Cesare (VARA)
- 1958 - De sleutel (VARA)
- 1958 - Terugkeer (VARA)
- 1959 - Het huis van mijn ouders (VARA)
- 1959 - Een engeltje in de lommerd (telefyzjespul fan A. B. Shiffrin yn de fertaling fan Willy van Hemert; VARA)
- 1961 - Biedermann en de brandstichters
- 1963 - Er valt een ster, musical mei ûnder oaren Rita Corita
- 1964 - Vadertje Langbeen, mei ûnder oaren Jenny Arean en Caroline Kaart
- 1968 - De Glazen Stad
- 1970 - De kleine waarheid mei ûnder oaren Willeke Alberti
- 1972 - Bartje mei û.O. Jan Krol en Jaap Schadenberg
- 1974 - Dynastie der kleine luyden mei ûnder oaren Lennaert Nijgh en Theo Pont
- 1977 - Standrecht (NCRV) (nei it ferhaal 'Marion' út Bloemen voor Nippon vfan Augusta Lampe) mei ûnder oaren Ko van Dijk jr., Anne-Wil Blankers en Hetty Verhoogt
- 1977 - Dagboek van een herdershond, mei ûnder oaren Jo De Meyere en Ko van Dijk
- 1982 - De Weg'' mei ûnder oaren Sjoerd Pleijsier en Anne Wil Blankers
- 1985 - De Appelgaard
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1958 - Jenny, de earste Nederlânske spylfilm yn kleur mei muzyk fan Jos Cleber wêryn ûnder oaren Van Hemert syn dochter Ellen in rol hie.
- 1979 - De wonderbaarlijke genezing van Ebenezer Scrooge, musical mei ûnder oaren Henk van Ulsen en Bram van der Vlugt
Erkenningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1972 wûn Van Hemert in Gouden Harp. Yn 1983 krige hy mei Warry van Kampen De Gouden Televizier-Ring foar De weg (KRO)