Jacques Schreurs
Jacobus Hubertus Schreurs (Sittard, 9 febrewaris 1893 – Weert, 31 jannewaris 1966) wie in Nederlânsk auteur dy't fral bekend waard fan syn boek "Kroniek Eener Parochie" dêr't de ferneamde telefyzjerige út de jierren 70 "Dagboek van een herdershond" op basearre is.
Schreurs wenne yn it kleaster fan Stein, ûnder Geleen.
De 3-dielige roman "Kroniek Eener Parochie" is skreaun tusken 1941 en 1948 en giet oer de ûnderfinings fan Schreurs as kapelaan yn de mynkrite fan Limburch.
Jacques Schreurs is yn Stein beïerdige, op begraafplak yn it patersbosk tichteby Kastiel Stein.