Springe nei ynhâld

Sylvain Poons

Ut Wikipedy
Sylvain Poons
akteur
Sylvain Poons yn 1967
Sylvain Poons yn 1967
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sylvain Albert Poons
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 21 febrewaris 1896
stoarn 26 novimber 1985 (89 jier)
offisjele webside
IMDb-profyl Poons


Sylvain Albert Poons , foar freonen Wijntje, (Amsterdam, 21 febrewaris 1896 — Amsterdam, 26 novimber 1985) wie in Nederlâns toanielspiler en sjonger.

As soan fan sjonger Salomon Poons en aktrise Elise van Biene (1864-1931) [1] wie de jonge Sylvain Poons al sa'n bytsje foarornearre om ek de planken op te gean, lykas syn âldere suster Fanny Ella, dy't bekend waard ûnder de namme Fanny Lohoff-Poons (1889-1968)[2].

Hy debutearre as figurant yn it seizoen 1912/1913 by Colnot en Poons, in selskip neamd nei de direkteuren fan de Plantage Schouwburg: Guus Colnot en Salomon Poons (syn heit). Hy spile yn operettes en revues en wie ek wolris yn in 'serieuze' rol te sjen. Yn de Twadde Wrâldkriich siet er by it Joodsch Kleinkunstensemble dat optrede yn de Hollandse Schouwburg yn Amsterdam (letter Joodsche Schouwburg doopt) oant it foar him as joad net langer koe en er ûnderdûke moast.

Nei de oarloch wie Poons lange tiid ferbûn oan de harkspulkearn fan de Nederlandse Radio Unie en die er mei yn in pear spylfilms sa as de Frânske film Le Banquet des Fraudeurs (1952) en mei byrollen yn Vier Jongens En Een Jeep (1955) en Fietsen Naar De Maan (1963). Ek spile er wer yn in grut tal stikken op toaniel en op telefyzje. Doe't er wat âlder waard spile er faak de Joadske schlemiel, bygelyks Abraham Mossel yn de telefyzjerige De kleine waarheid. Doe't er al net folle mear yn it teater te sjen wie, spile er yn 1966 dochs noch in prachtich 50-jierrich jubileum. As Daniel Brozovsky yn Getrouwd of niet? fan Kishon spile er syn lêste rol op de planken en op telefyzje yn it stik De Man Met De Witte Bloem (1973) ûnder regy fan Willy van Hemert.

Hy krige namme as sjonger troch it yn 1958 mei de doetiids 14-jierrige Oetze Verschoor opnommen liet De Suderseeballade (skreaun troch Willy van Hemert). Dêrneist naam er ek duetten op mei Heintje Davids, dêr't Omdat ik zoveel van je hou ûnder wie. Fierders hawwe syn platen meast Joadske lietsjes en filmklassikers as Sally met de roomijskar.

Poons brocht syn lêste libbensjierren troch yn it fersoargingshûs Amstelhof, dêr't no de Hermitage Amsterdam is. Suver fergetten troch it grutte publyk, krige er dêr út en troch besite fan syn fans, dêr't er tige fan genietsje koe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Elise van Biene
  2. Joadsk biografysk wurdboek: Poons, Fanny Ella (Faniëlla) 1889 - 1968