Springe nei ynhâld

Nederlandse Radio Unie

Ut Wikipedy
Resepsje by gelegenheid fan fyftjin jier Nederlânsk Radio Unie (1962)

De Nederlandse Radio Unie (NRU) wie in yn 1947 oprjochte gearwurkingsferbân fan de Nederlânske omropferieningen dy't útfieringen fan de radio-útsjoeringen fan de omroppen stipe. Yn 1969 binne de NRU en de Nederlandse Televisie Stichting (NTS) opgien yn de nije Nederlandse Omroep Stichting (NOS).

Nei it mislearjen fan it besykjen om ta in nij omropbestel te kommen mei ien nasjonale omrop, waard de Stichting Radio Nederland in den Overgangstijd (dy't yn 1945 oprjochte wie om de útstjoerings fan Radio Herrijzend Nederland oer te nimmen yn de oergong nei in nij omropbestel) opheft. Dêrfoar yn it plak kaam in federaasje fan omropferieningen, de Nederlandse Radio Unie.

De NRU wie in fasilitêr bedriuw fan de Nederlânske omropferieningen. De ferieningen fersoargen sels de radio-útstjoeringen, mar saken as orkesten, reportaazjeweinen en technyske tsjinsten, dy't foar de Twadde Wrâldoarloch by de ôfsûnderlike ferienings ûnderbrocht wiene, kamen ûnder behear fan de NRU. Ek de fêste harkspulkearn wie part fan de RNU.

  • Huub Wijfjes, Hallo hier Hilversum: driekwart eeuw radio en televisie, Weesp: Fibula-Van Dishoeck, 1985