Ine Veen

Ut Wikipedy
Ine Veen
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 desimber 1937
berteplak Koog oan de Saan
wurkpaad
berop/amt Ballerina, aktrise, model
prizen Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
offisjele webside
Offisjele webside
Ine Veen yn Kung Fu against Godfather

Ine Veen (Koog oan de Saan, 15 desimber 1937) is in Nederlânsk ballerina, fotomodel, mannekên, sjongster, aktrise, skilderesse, publisiste en biste-aktiviste.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ine Veen waard berne út in ferhâlding fan Carolina Otte mei dirigint, komponist en skriuwer Gerard van Hulst. Yn de jierren fyftich folge se de dûnsoplieding oan de Nel Roos Balletakademy te Amsterdam en krige dêrnei fan Yvonne Georgi in kontrakt foar it Operaballet fan Hannover. Sy dûnse foaral yn Dútslân, mar soms ek yn Nederlân, ûnder oare yn L'Italiana in Algheri, wêrfoar't se útliend waard oan it selskip fan it Teatro alla Scala di Milano. Mei dat selskip dûnse hja yn 1955 yn Amsterdam en De Haach, ûnder regy fan Franco Zeffirelli en muzikale lieding fan Carlo Maria Giulini. Yn in tal opera's en operettes naam se ek sjongpartijen foar har rekken.

Veen spile sawol yn Nederlân as yn Duitslân yn in grut tal teäterproduksjes, lykas Caesar und Cleopatra, Beatrice, Faust, De Keapman fan Feneetsje en in tal Tsjechovrollen. Yn Dútslân spile se mei Johannes Heesters en Maximilian Schell, yn Nederlân mei Ko van Dijk jr. en Mary Dresselhuys. Se wie ferbûn oan toanielgroep Ensemble, De Nieuwe Komedie, Het Rotterdams Toneel en de Haachske Komedy.

Ein jierren tachtich sette Veen in punt efter har karriêre as aktrise, mar oant 1991 wie se noch geregeldwei op de radio te hearren yn harkspullen en literêre programma's dêr't se gedichten foardroech. Se wie model foar ûnder oaren Gerard Hordijk, Adrian Stahlecker, Wim van Beelen, Jean de Blieck, Frans Erkelens en Jean Thomassen, mar dêrnei lei hja har ta op de skilderkeunst en ûntwikkele in hiel eigen styl.

Veen is in warber aktiviste foar it wolwêzen fan bisten en is lid fan ferskate komitees, lykas Dierenhulp Venezuela. Nei de dea fan Pim Fortuyn naam har politike belangstelling bot ta.

Yn 2006 ûntfong Veen in Keninklike ûnderskieding foar har fertsjinsten foar de Nederlânske kultuer; se waard beneamd ta Ridder yn de oarder fan Oranje-Nassau.

Op 6 maaie 2007, presys fiif jier nei de moard op Fortuyn, presintearre se har earste boek, Moord namens de 'Kroon'? Yn dat boek seit se ûnder mear dat der twa soarten kûgels by it lyk fan Fortuyn fûn wêze soene.

Oer Veen waard in biografy skreaun troch Adrian Stahlecker.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Titel Rol Notysjes
1970 De klop op de deur Eugenie de Montfard Telefyzjesearje
1971 Blue movie Julia
1972 'n Zomerzotheid Ella
1972 Chinese Kung Fu against Godfather Frouljus haadrol
1972 Kunt u mij de weg naar Hamelen vertellen, mijnheer? Mear as ien rol yn ferskillende ôfl.
1974 Dynastie der kleine luyden Maria van Artevelde
1976 A Bridge Too Far
1978 Dagboek van een herdershond Húshâldster Angèle Telefyzjerige
1982 De Weg Irene van Swaay Telefyzjerige

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]